| |
| |
| |
Tr. Riemersma:
It goede is gans
U. van Houten: De rook fan it lân. Novellen en forhalen. Drukkerij en útjowerij Laverman N.V., Drachten, 1965.
It skriuwen fan foaropwurden kin blykber net altyd oan 'e auteur oerlitten wurde. Ulbe van Houten, dy't sines de djûre en nijsgjirrich-meitsjende titel ‘Forantwurding’ meijowt, forjit om by de forhalen dy't net yn 'e earste Rook fen it lân stiene, it forhael Spul om Douwe to neamen, dat earder printe waerd yn de bondel Fryske Sketsen (1934).
Telefoan is it iennige forhael dat weilitten is, it stie wol yn it boekje dat yn 'e oarloch by Van der Weij yn 'e Skrâns útkaem. Nijsgjirrich hie west dat Van Houten hjir ris oan 't forantwurdzjen slein wie. Hwerom is Telefoan net opnommen? It forhael liket my wichtich foar de kennis fan Van Houtens persoan, it soe bêst autobiografysk wêze kinne. Of is it dêrom weilitten? Om de kwaliteit hie it yn alle gefallen net hoegd, der steane mindere forhalen yn 'e samling.
‘It sprekt fansels dat yn dizze bondel de nijste stavering brûkt is, mar fierder is der net yn foroare dat makket; allinne Ein fan 'e mars is ynkoart.’ Dat lêste kloppet, it forhael oer de maeijedagen is likernôch 10% koarter wurden. It alfte en lêste haedstik, dat de skriuwer neffens it foarwurd yn de earste printinge (1945) yn 1941 al net sinnige, is nou weilitten. Bihalven dan de earste trije bledsiden, dy't nou ynfoege binne yn haedstik 8, bls. 181-182.
Mar dat der fierder yn dizze forhalen gjin foroaringen oanbrocht waerden dy't it neamen wurdich binne, is ûnwier. Der is suver gjin alinéa gelyk bleaun, oeral hat Van Houten dwaende west mei it ‘forbetterjen’ fan syn styl. Foar in part moatte dy foroaringen de sinbou hwat byspikerje en foar in part de bidoelings fan 'e auteur fordúdlikje, (mei it each op 'e nije, minder yntelliginte lêzersgeneraesje?). Ut Dinastike krisis dit foarbyld:
‘Hoeden giet er nei boppen. Josyn is tige wyt...’ is wizige yn: ‘Hoeden giet er by de trep op en nei de sliepkeamer.’ Miene tsjintwurdige lêzers miskien dat der yn 'e pastorij in lift sit en dat pastoarske oer de keale solder sliept? Noch in foarbyld út itselde forhael:
‘En nou moat er nedich nei ûnderen. En dan nei iten alder- | |
| |
earst de advertinsje en de kaerten. Dêr prate se dan strak wol neijer oer ôf.’ Dit is foroare yn: ‘En nou moat er nedich nei ûnderen en hwat ite! En dan nei iten moatte alderearst de advertinsje en de kaertsjes opmakke wurde; dêr prate se dan letter wol oer ôf.’ Ut de oarspronklike tekst docht al dúdlik bliken dat dûmny nei ûnderen giet om to iten, hwant yn 'e folgjende sin stiet: nei iten. Dúdlik is út 'e kontekst dat de advertinsje en de kaertsjes opmakke wurde moatte, en net opbaernd, weismiten of sokssahwat.
Tagelyk falt op dat troch dizze ynfoegingen de styl stiver en stadiger wurden is. Van Houten fynt, by neijer ynsjen, sinnen dy't kompleet makke binne mei persoansfoarm, sinbinende en sinforbân oanjaende wurden blykber moaijer as de folkstalige, mear primitive en analytyske konstruksjes. Sinnen dy't, lykas yn it deistich praet, sûnder mear njonkeninoar set waerden, hat de auteur nou oaninoar fêst keppele. In foarbyld út Sabbathsreis:
‘Der kaem hjoed gjin ein fan. As diene se it der om!’ is foroare yn: ‘Der kaem gjin ein fan, lykas diene se it der om.’ In formindering, neffens my: de earste versy jowt it tinkproses better wer en hat mear faesje.
Der binne foroaringen, hwerfan't de sin my ûntkomt. It slot fan Lêste reis is trochinoar hutsele en û.o. de sin ‘O jonge, mem kin foar dy bidde, mar sa mei it dochs net’ is forfallen. Hwerom? Ik foun dat wol in typearjende gedachte fan de mem.
Ut Reis nei hûs hie ik as foarbyld fan minne, springerige styl oantekene de passaezje:
‘Dy bus is dochs wol tige let, joun. Hy is suver wurch nei de lange, swiere dei. Hwa ropt dêr? Frou Tamminga, en hja winkt him. - Ja, ik bidoel jo. Jo wachtsje net op 'e bus wol? De bus út 'e stêd is al lang troch.’
Lit my dêr nou oarspronklik stien hawwe: ‘En noch is dy bus net to sjen. Forfelend. By Tamminga's giet de doar iepen, de boerinne komt oer it brechje, Hja winkt. Hy sjocht om.
- Né, ik bidoel jo, Abe. Jo wachtsje dochs net op 'e bus wol? Ik sei tsjin myn man, hwat sit Abe dêr nuver. De bus út 'e stêd? Ja, dy is al in healûre troch...’
It ûntbriek my oan 'e tiid om de forhalen rigel foar rigel mei de earste printinge to forgelykjen, mar ik leau dat der in nijsgjirrige stúdzje yn sit, bygeylks ûnder de titel ‘De rook fan it lân is de rook ôf’.
Van Houten hat de opnommen forhalen yn groepen fordield. It prinsipe fan dy yndieling kin ik in stikhinne neikomme. Ein fan 'e mars stiet as reportaezje oer de oarlochsdagen op
| |
| |
himsels. Dinastike krisis en Brief nei Kanada binne beide Biwegingsforhalen. Mar hwerom't De beam apart stean moat en de oerbliuwende sawn forhalen noch wer fordield wurde moatte yn twa groepen, en krekt yn dy twa, dêr wol ik ôf wêze. Fansels, De beam rint der hwat út, mar winliken kippe se der allegear út, bihalven Sabbathsreis en Spul om Douwe dy't wol hwat mienskipliks hawwe. Ik sil my dan by it bisprek ek net presys oan Van Houtens yndieling hâlde.
Ein fan 'e mars wol neffens it foarwurd fan de útjefte-1945 ‘oars net wêze as in simpele kronyk fan ús oarlochsdagen’, en mear is it spitigernôch ek net. It is net meinimmend, net ynteressant, net oangripend. De kwestje is, leau ik, dat Van Houten gjin ôfstân nommen hat, hy hat tige wierheitsgetrou alle réëel barde feitsjes forantwurde en neat útskifte. It wie him to lyts, seit er, om efterôf jitte hwat gleone grime oer de bledsiden út to jitten, en it sil him ek to lyts west ha, of to ûnoprjocht, om syn oantinkens oan 'e maeijedagen om to ligen to in liteair kunstwurkje. Dat is spitich, hwant oarlochsliteratuer is yn 't foarste plak literatuer en literatuer moat jin - bihalve dan Lolle Nauta - hwat dwaen. Liz dit forhael ris neist de bydrage fan Freark Dam ta it Tsjerne-nûmer Dy tsiende maeije en jo sjogge it forskil. Dam hat him net to lyts achte foar gleone grime, en hy hat miskien de feiten wol in bytsje geweld oan dien, mar docht dat hwat ta de saek? Ik haw biwûndering foar de wize hwerop't hy dit forhael skreaun hat, wylst ik by Van Houten allinne respekt haw foar it knappe ûnthâld.
Dinastike krisis en Brief nei Kanada binne, sa net de iennige, dan dochs de lêste foarbylden fan forhalen dy't in aspekt fan 'e Fryske Biweging bihandelje. Se binne wol float forteld allebeide, en se sille as foarlêsstof op kritegearkomsten en yn jongereinkampen noch gâns in hoart yn 'e roulaesje bliuwe kinne.
It bêste part fan De beam wurdt foarme troch de oertinkings fan de âlde boer as er op in sneinoerdei yn it hôf ompanderet en op 'e bank sit by de beam dêr't er sa wiis mei is. De ynlieding, oer dy beam dy't kappe wurde soe, hwat net trochgyng, en oer de drokte om de bern nei tsjerke to krijen, hie ik wol misse wollen. Yn beide parten wurdt boppedat it perspektyf trochbrutsen mei it werjaen fan 'e tinzen fan Durk, Roarda's soan, hwat steurend is foar moderne lêzers. It eigentlike forhael bigjint hwannear't âlde Roarda, allinne thúsbleaun, nei bûten giet en by alle fortroude dingen dy't er om him
| |
| |
hinne sjocht it forline wer foar him bigjint to libjen. De stjerscène, dy't fan it foargeande skaet is troch in rigel wyt, is langernôch. It hie sa lykwichtich wol west de dea fan 'e âld boer yn in pear rigels ôf to handeljen. Dat ek, om't it sa slim is it ynderlik fan in stjerrend minske to biskriuwen, nimmen hat der op 't lêst ûnderfining fan. Net dat ik my oan it ien of oar stjit, mar it seit my ek neat. It stjerren sels, noch de kristlikens fan de âld man, wurdt op in grouwélige wize biskreaun. Fan deastriid is amper sprake, it giet as 't slydjaget en de humor ûntbrekt der ek net oan: ‘Ik wol wol komme, mar Jo moatte my better oanpakke...’
Fan de oerbliuwende sawn forhalen kin men Spul om Douwe en Sabbathsreis yn ien net biflappe. Beide binne it portretten fan 'e boer-diktator. De auteur hat har trekken forivige wylst se konfrontearre waerden mei in foreale faem, yn it iene gefal in dochter, yn it twadde forhael in tsjinstfaem. De forhalen dy't om dizze portretten hinne skreaun binne, hawwe net it measte om 'e hakken; de foreale fammen dy't de grime fan 'e Boer geande meitsje, bliuwe yn it skaed. Wel, de fammen krije har sin, alles komt op syn poatsjes tolânne en God de Boer is net lilk mear. It gehiel is wer âlderwenst tige myld en mei humor skreaun. Ja, ik haw der argewaesje fan, it tsjûget net fan goede smaek as jo munsters as dizze boeren foarstelle as ûngefaerlike sirkusbisten, dy't kunstkes fortoane en dêr't jo je slop om gnize kinne. Doe't Van Houten syn forhalen skreau, rounen de rôfdieren noch yn 't wyld, en hoe!
It forhael Forlerne soan hat yn 'e nije bondel de titel Reis nei hûs krige, in wiziging dêr't alles tsjin to sizzen is. Hwant bihalven dat de nije bititeling maklik bitizing foroarsaket mei Lêste reis, paste de âlde, drakerige namme al sa goed by dit drakerige forhael oer in jongkeardel dy't syn âlden de sparsinten ûntfytmannet en de nachts yn in frjemd bêd by in frjemd frommis sliept. Ah bah.
Winliken makket Tsjalke Hoekstra yn Lêste reis twa lêste reizen: syn ûnderwiisbitrekking kin er ynearsten wol ûnder de soallen skriuwe en hy hoecht ek net wer nei de faem ta. It forhael bistiet út fjouwer nûmere haedstikken, hwerfan't men it tredde ek noch wer yn twaën opspjalte kin. Haedstik I jowt de foarskiednis wer, sjoen fan de âlden út. It is in wakker oerstallich stik proaza, hwant de earste rigels fan it twadde haedstik, dat Tsjalke’ reis by de bistjûrsleden lâns biskriuwt, jowe de lêzer alle ynformaesje dy't nedich is om it forhael folgje to kinnen:
‘Dy woansdeis yn it frij kertier doe't er de wacht hie op it
| |
| |
plein, wie it Tsjalke sa mar oanflein: hy soe der dy middei op út en nei dat haed fan 'e skoalle ta. Sa'n man wit der altyd mear fan en hja moatte nou hast bineame: it is al gau Nijjier. Is it mis, dan is der neat mear wei as in frije middei en dan wit er tominsten hwer't er oan ta is.’ Hwa't nou noch net wit hwer't it oer giet, dy sil it ek net witte nei it lêzen fan fjouwer siden ynlieding.
Yn haedstik III bigjint in nij forhael: hoe't Tsjalke op bisite giet by syn faems âlden, wylst thús in ôfskriuwer leit to wachtsjen. It foarste part fan dit haedstik wurdt yn bislach nommen troch in meditaesje fan Jabik Boersma, de faem har heit. Yn it twadde part folget de bisite fan Tsjalke oan de Boersma's. As Tsjalke wer thúskommen is, yn 't IVde haedstik, ûntdekt er de ôfskriuwer, hwat noch foar him, noch foar de lêzer in forrassing is.
Beide forhalen hawwe neat mear meiïnoar út to stean as dat se in mienskiplike haedpersoan hawwe. De misse lopen hingje net mei elkoar gear. De ôfskriuwer is net it gefolch fan it feit dat it mei Tsjalke syn sollisitaesje misbiteard is, doe't Syts de brief tikke, wist se noch fan neat. Wie Tsjalke mei de akte fan bineaming yn 'e bûs thúskommen, dan hie de ôfskriuwer likegoed yn 'e keuken by it lampke lein. Van Houten sil it útreitsjen fan 'e forkearing wol as ‘tot overmaat van ramp’ bidoeld hawwe, mar dat giet yn 'e literatuer nei alle gedachten komselden op, en yn dit forhael yn alle gefallen net. As Tsjalke ôfskied nimt fan 'e haedûnderwizer dy't him it founis oansein hat, dan is it forhael út en de ramp greaternôch.
It twadde forhael, hweryn't Tsjalke syn oare klomp ek noch brekke moat, is neat net nijsgjirrich. It hie nijsgjirrich west as wy tagelyk mei Tsjalke yn 'e rekken hiene dat it net doogde mei Syts har pineholle. Mar dat wisten wy allang, hwant yn in wiidweidige ynlieding - Van Houten stiet iderkear in heel skoft yn tarieden foar't er oan syn forhael bigjint - hat de auteur ús mei safolle wurden forteld dat Syts de forkearing útmakke hat: ‘Hja hat it dan nou sels ek foar it forstân, aldergeloks, mar dat sa'n fanke it nou net earder útmakke hat, dêr kin men ienfâldich net by.’ (bls. 100). It fjirde en lêste haedstik smyt neat nijs op, der wurdt noch hwat neipraet oer Tsjalke syn forgese reis en de brief fan Syts makket bikend hwat wy al wisten. Dat Tsjalke yn 'e sliep syn ûnfrede ôfréagearret mei it mompeljen fan ‘pomdetèr’, is fansels in prachtige fynst, en dat syn mem dat wurd yn 'e earen klinkt as flokken, makket it gefal noch kostliker. Mar dizze humoristyske slotscène - hjir is it dan ek werklik humor - kin it for- | |
| |
hael, as in komposysje dy't spanning opropt, net mear rêdde.
It forhael Maeije soe sterker wurden wêze as de auteur him ta ien ‘observaesjepost’ biheind hie: òf Tamme, òf Sake Swetser. Troch it om en om biskriuwen fan 'e beide haedpersoanen is it forhael forbrokkele, it forspringt tofolle en dêrtroch stûket it iderkear. Dêrnjonken is it to breed útspoun, de auteur hie koarter krieme kinnen.
Dat lêste is ek fan tapassing op De wraek. Der sitte yn dit to folle útweakke forhael twa nijsgjirrige einen: haedstik 3-4, hweryn't Klaes Bosma it hokling deastekt, en haedstik 12-13, dat biskriuwt hoe't er troch de polysje opbrocht wurdt.
Haedstik 1 en 2 binne de ynlieding ta Klaes syn útbarsting fan likens. Earst wurdt forteld oer Miedema's hokling dat foar de safolste kear troch de sleat baeid is, en dêrnei biskriuwt de auteur hoe'n min sin as Klaes wol net hie. Hy wol mei dat lêste biwize, liket my ta, dat Klaes bêst by steat is ta de moard op dat hokling. Wel, dat biwiis is oerstallich, ik leau bêst dat dizze Klaes it koubist sa gram is dat er it deadwaen wol, dêr binne gjin flauwe ierappels foar nedich.
Yn haedstik 5 wurdt in lyts sydmotyfke ynfierd, dat net mist wurde kin, mar dat foar itselde, en dus better, yn ien alinéa biskreaun wêze koe. It feit dat Bontsje Miedema smjocht hat op de mûskleur fan Bosma's, moat wol neamd wurde, om't er dy kou letter ek as forgoeding easket foar syn dea hokling.
Haedstik 6 biskriuwt foar de foroaring it dwaen en litten fan Miedema's folk. In oerstallich stik en boppedat in konstruksjefout. De haedstikken 7 oant en mei 11 fortelle by Dokkum om hoe't Klaes troch syn âlden, Bontsje Miedema en de polysje ûnderstien wurdt.
Lykas by Lêste reis moat men ek by De wraek gâns in skoft skile en skifte foar't men de goede kearn oerhâldt, dy't by beide forhalen de muoite wurdich is, dat wol, mar dat útskiften is fansels wurk dat foar de auteur opkomt.
It lêste (yn dit bisprek tominsten) en it bêste is Fakânsje, in forhael dat hielendal net typearjend foar Van Houten is, bihalven miskien de ironyske slotsin. By mear auteurs falt jin trouwens op dat har bêste wurkstik bûten it kader fan har oeuvre stiet.
It forhael bigjint by it bigjin, mei in pear sinnen dy't fuortendaliks de ynteresse fan 'e lêzer geande meitsje: ‘- Dochst de groetenis al!
De groetenis. Jan Joekema stiek ûngeduldich in hân omheech en draeide it stekje troch en de leane út. Mem moast ris witte dat dit de lêste reis waerd!’
| |
| |
De bou is tige strak, it forhael is hielendal skreaun fan de haedpersoan út, en it mist steurende útwreidingen. (Spitigernôch hat de auteur ek hjir wer syn styl forsloppe troch dy to fordúdlikjen en to glêdzjen - hoewol't der earlik sein ek in mannich forbetteringen oanbrocht binne).
It knappe fan dit forhael is de útbylding fan 'e ridderlike Jan Joekema, dy't foreale rekke is op in oar frommiske en dêrom syn forloving forbrekt. Hy is perfoarst net ûnsympathyk, dizze Joekema, hy wol net fan twa wâllen ite en dêrom makket er de forkearing mei Tine fuortendaliks út sadré't er mei fakânsje thúskommen is. In earlike fint, fyn ik.
By it útmeitsjen makket er de fout dat er Anny net neamt. In fout út goederbêst. Hy forswijt syn forealens net om himsels to sparjen, mar om Tine net sear to dwaen. Mar de skyn is tsjin him as Tine, dy't tige rjochtlinich tinkt oer de greatheden leafde en trou, freget: ‘Hast in oarenien tink?’ As Jan dat tajown hat, komt de desyllúzje: Hy hat foar it útmeitsjen in joun útlutsen om't er fan miening is dat soks trochpraet wurde moat en dat Tine ek it rjocht hat harres derfan to sizzen. Mar Tine leit der neat tsjinyn, se jowt him syn ring en freget har eigen werom.
Dan wurdt it bigreatsjen Jan Joekema oermânsk en hy wol har oanhelje. En wer is de skyn tsjin him as Tine ropt: ‘Nou wolst my de fakânsje noch brûke.’ In gemien wurd, hwant dat wie syn doel net - hwat net sizze wol dat Tine efternei net ris gelyk krije kinnen hie. Yn alle gefallen kin Jan oan Tine syn meiliijen net kwyt, en hwat sil er dan oars as meilijen mei himsels hawwe en mei de siel ûnder de earm nei hûs ta gears?
It liket net in great soad, hwat ik by einsluten de muoite fan it lêzen wurdich achtsje: ien kompleet forhael, Fakânsje, en twa heale forhalen, Lêste reis en De wraek. Mar as fan elke alve koarte forhalen en fan idere alve romans dy't hjir by ús forskine twa of trije bêst binne, lykas by Van Houten, dan ha wy neat to kleijen. It goede is gâns...
|
|