De Tsjerne. Jaargang 20
(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 468]
| |
Durk van der Ploeg:
| |
[pagina 469]
| |
dwaeld wêze. It wie krektlyk as op it skoalfeest, nei ien beurt wie it dien. De auto draeide inkelde koarte bochten en bleau foar it slútstek stean. Hieltyd wer de doffe ploffen fan de skuon yn 'e moude, mei ien hân it gewear omheech swaeijend foelen se efterelkoar út de auto wei. Ik wachte oant de wein wer fuortried. De lêste jonges gyngen nei binnen troch de brede doar dy't nei it plein ta gappe. De waermte foel op my del as it gewicht fan in simmer. Ut iepensleine ruten kaem sjongen, muzyk, it ratteljen fan pannen en heas foelen de kranksinnige stimmen fan de muorren. De doarren swongen koel en tochtich, yn it wasklokael smiet ik my it gesicht fol wetter. It roun my ta de broeijende kraech yn. Ik krige in gefoel as moast ik pisje en hie it einefel op 'e earms. Efkes mar stie ik to skodzjen fan 'e kjeld, mar dat kaem fansels omdat ik wier pisje moast. Der stiene ynienen tsien tweintich jonges by de waskbakken, swaeijend mei handoeken, toskeboarstels en klean. Ik stiek de kop ûnder de kraen, hwant de waermte brânde my yn it gesicht, de eagen stieken my as wounen. Ik liet it wetter in skoftsje oer myn polzen streame, it makke myn hannen tinder. Bûten barnde de sinne op 'e ruten, it ljocht glinstere oer de rige kranen, oer de brune lichemen. Se songen, floiten, rôpen, skreauden, forkrongen elkoar, staetten mei har skearkwasten gatten yn 'e spegels. Loeken foarsichtich de wite skûmhûd fan har gesichten. Ut myn ôfkuolle hannen sûge ik it wetter, spielde my de mûle skjin en spei it wetter mei in lange strael yn 'e bak. Se seagen my oan, se seagen allegear. Se gniisden, alwer. Ik hie de klean noch oan. Ik roun as in aep tusken de minsken. It wetter roun my by it jak en by de broek del. De jonges forkrongen har mei de handoeken oer de forbarnde skouders slein. Myn skouders wiene noch sa wyt as sûpe, ik hie de board noch oan boppen ta ticht. Mei de spegels yn 'e hannen en snijende sjippeflokken griepen se nei de kranen, smieten har it wetter oer de brune skouders. De lichemen, se treauwen my oan 'e kant, knypten my út 'e rige wei. It waerd in hieltyd fierder opkringende massa fan swiere brune lichemen mei de biweechlike rêchbonken. Ik gyng nei de doar, de tocht loek my mei de gong yn, de treppen lâns nei boppen, oer de einleaze gongen oant de ruten dy't útsicht joegen oer de stêd. De beammen dy't mei har krunen de waermte nei binnen dreauwen, se forweegden sêft hinne en wer. Ik stie as in skyldwacht foar it rút mei it gewear oer it skouder. De beammen, it wie in sêfte biwegende massa dy't my stadich werom treau fan it rút, werom oer deselde gongen | |
[pagina 470]
| |
en treppen, de doarren dy't mei sêfte klikken efter my tichtfoelen. Elke trep nei ûnderen fielde ik my wer in forliezer. Ik moast boppe wêze, mar elke kear roun ik oan 'e ein fan de fierste gong wer yn 'e fûke. Bleau dan wer foar it rút stean oant de massa wer driigjend op my ta kaem. Wer nei ûnderen, troch de doarren nei it plein. It wie leech lykas ik der de hinnereis oer kommen wie. Der foelen greate skaden fan de gebouwen oer it plein. De waermte loek nei binnen. Ik sette myn plastik bril op, roun oer it plein en bleau foar it slútstek stean as in wacht. Der foelen stimmen fan 'e muorren as skulfers. Werom oer it plein, de gongen, de treppen, de gongen, it plein, de treppen. Ik bleau stean en seach omheech, telde de treden, it wiene de rangen. Ik telde fan ûnderen nei boppen fan boppen nei ûnderen. Fan de earste ûre ôf dat ik hjir binnen kaem haw ik bisocht de fijân to herkennen, mar hy wie oeral.
Goed, wy forpleatse ús dus yn in oarlochssitewaesje, hwerby allinne gebrûk makke wurdt fan tradisionéle wapens, om de dea-ienfâldige reden dat dit foar it bitreffende gebiet yn dizze omstandichheit de iennige mooglikheit is. Majoar Groen, hy makke de koele ûnderstellingen dy't oan in werklikheit foarôf gean moasten. Oarloch dus. Nimmen dy't hwat sei, nimmen dy't hwat frege. Nimmen protestearre, mar allegear knikten se braef doe't de majoar de rounte lâns seach en nei in skoft fan swijen frege: Bigrepen? Fansels, elk hie it bigrepen. Mar hwerom rôp ik dan net dat de majoar idioat wie? Hwerom hâldde ik my de bek? Ik seach hoe't de túnman de blêdden foarsichtich byelkoar harke. De simmer moat nou foarby wêze, tocht ik. Miskien makke dat my ûnwis, der wie yn alles in fortraging, in ûnrêst, de tûke dy't tsjin it rút skjirre, de beammen sêft hinne en wer swaeijend boppe de túnman. It wie in oare wrâld. De wikseling fan de seizoenen, ik soe der net oan wenne kinne. Ik fielde dêryn hwat ûnbitroubers, it makke my twivelich en tryst. De toarre stim fan majoar Groen, hy wie ek út in oare wrâld dy't ik ûntflechtsje woe; de wrâld fan wredens en gewelt. Syn eagen wiene freonlik. Oh, wis en wrachtich, der siet gjin kwea by dy man, syn oarlochsfiering wie mar théory, in deistich ritueel. It wiene mar optochte sitewaesjes dy't nearne net yn oerienkomst wiene mei hokker werklikheit dan ek. Mar hy wie der mei forgroeid, it wie net mear bûten syn wrâld to tinken. De théory fan de oarloch hie him mei syn hiele persoanlikheit foriene. Hy fielde him feilich mei in leger fan tinkbyldige fijannen om him hinne. Hy bihearske dizze fijannen salang hy mei syn geastlik oer- | |
[pagina 471]
| |
wicht syn rekruten ûnder de kwint hâldde. De fijannen, se binne oeral, tocht ik, de wrâld is der fol fan. Hy wiisde inkelde stellingen oan op 'e kaert. We sjogge de opbou fan in oanfalsfordigening yn it noardeasten, dy't har útwreidet nei it easten. Der ûntsteane ynearsten twa fordigeningsliny's fan in kwart sirkel. Hy tocht nei, makke mei syn liniael inkelde biwegingen boppe de kaert dy't meielkoar in trijehoek foarmen, roun doe nei it finster en seach nei bûten as woe er de hiele sitewaesje yn de werklike forhâldingen projektearje. Syn lytse katerige eachjes knypten suver ticht. ‘De fijân...’, sei er en makke mei syn hannen in biweging as in omsingeling, in konsintraesje. It is hwat oars, gefaerliker. Op syn gesicht seach ik de spanning. Yn it tún sakken de beammen djipper yn 'e groun wei, de túnman waerd greater, hy groeide boppe de beammen út. Hy stie midden tusken de bulten blêdden. It wie it bigjin fan it forfal. Foar de mûle fan de majoar sloech in blom fan wazem oer it glês. Majoar Groen bûgde him wer oer de kaert en wiisde mei syn finger de blauwe ier fan in rivier oan tusken de griene en giele lânskippen. Der binne tal fan forbiningen mooglik, sei er en hy stoarre nei it plak dêr't syn finger op 'e kaert plante stie. Syn holle waerd ynienen forstienne en der loek him in kleur fan in fossyl oer it gesicht. De finger bleau op it plak dêr't de majoar in strategyske forbining mooglik achte. Elkenien wachte mei spanning op it momint dat de majoar de finger fan de kaert helje soe om eventueel in nije forbining oan to wizen. In goede forbining stipet altyd op mear as ien punt, dat kin in bern wol bigripe. Doe't ik my fierder oerbûgde om de finger fan de majoar better sjen to kinnen, rekke myn kin it skouder fan de jonge dy't foar my stie. Hy fornaem it net. Elkenien seach nei de majoar dy't mei forglêzge eagen yn de rivier stoarre. Syn strategy doogde net, syn stelling wie gefaerlik. De oanfal fan de fijân hie him miskien forrifele. De finger op 'e kaert koe him net mear forpleatse. De fijân siet rounom forskûle yn de griene lânskippen. De majoar moast fiif acht tsien fingers op 'e kaert hawwe, mar hy hâldde se ta fûsten toknypt. Ik hâldde de siken yn. Forgémy, de majoar soe it bistjerre, syn eagen knypten fan eangst út de kassen wei en leine him as knikkerts op 'e wangen. Syn mûle wie skeansakke as krige er in biroerte en biweegde, stadich op en del geand; hy gappe nei de siken. De finger sakke wei yn de rivier, de hân kaem slop yn it lânskip to lizzen. Der stie in mes yn it boarst fan majoar. Hy makke maneuvels op 'e kaert mei syn hannen as soe er pianospylje, woe nije forbiningen | |
[pagina 472]
| |
oanwize. It skuorde my wer troch it lichem. It forbriek de spanning. De pine kroep my yn it lichem op as in fijân. Ik seach nei bûten dêr't de túnman de riuwe oer it gersfjild helle. Fansels, it hiem moast kreas ynoarder as de generael kaem. Trije dagen medaille poetse en de hiele kliber liet har wer biskite. De mage kromp my byelkoar, der kaem my wéwetter yn 'e mûle. It wie bitter en makke de tosken stroef. Ik waerd dwyl, oeral stiene der tafels om my hinne, oeral wiene de gesichten earnstich, mei de mûlen iepen as gappen se nei de siken. De gesichten, se waerden hieltyd greater en gefaerliker Nimmen seach om doe't ik tusken de tafels troch wrotte en it lokael út sloep. De majoar wie omsingele fan syn rekruten. Allegear stoarren de majoar oan, dy't nei alle gedachten wol yn syn lêste théory smoard wêze soe. Op 'e gong spuide ik it wéwetter mei in strael fuort. Yn it foarbygean by it sydrút lâns seach ik dat de majoar út syn forstienne posysje weromkommen wie ta de libbene. Hy hie in stanbyld foar de ivige frede wêze kind, mar de oarloch woede yn him. Ik dûkte ûnder it rút en kroep tsien meter op hannen en fuotten troch de gong. Ik koe myn slûpoefeningen yn praktyk bringe. It lêste eintsje makke ik kangeroesprongen dy't ik op 'e Dreef leard hie mei de fodzige sergeant foarop. Myn taktyk moast goed wêze, ik wie feilich ûnder it rút fan de fijân troch kommen. Ik bleau in skoft op 'e hûk tsjin de muorre sitten. Ik hearde de majoar praten. Hy soe nije forbiningen oanwize wolle, kranksinnige forbiningen. Se soene allegear meielkoar de fijân yn 'e bek rinne. De soldaten oan 'e mûle ta troch it wetter. Sa'n fette stjonkende majoar as Groen leaude noch oan in oarloch op papier, in oarloch op kaerten en dat wilens de fijân al yn in romtekabine om de ierde hinne sweve. Mar by oertsjûge my elke kear wer. Hieltyd moast ik fjochtsje tsjin in tinkbyldige fijân. Hy droech syn wrâld op my oer. Ik woe it fan my ôfsmite. Der roun my wer wetter tusken de tosken. Ik wist net hwer't it weikaem, ik woe it forslokke, mar it makke my mislik, de bloedslach kloppe fûleindich yn myn earen, fan alle kanten kaem it lawaei op my ôf, de hurde skerpe tikken fan de learzens, de kommando's, de stimmen fan de earste oarder. It binne de fijannen, tocht ik, de forsierde boarsten, de massa. Se binne oeral. Ik koe der gjin distânsje fan nimme. Doe't de wc-doar efter my tichtsloech stiigde de stilte my as in forwûndering nei de holle. It makke my in momint dwyl en ik sette de hannen tsjin de muorre om yn it evenwicht to bliuwen. Ik flibe it wéwetter oer de bril, draeide it ljocht oan om better yn 'e pôt sjen to kinnen. Der siet gjin | |
[pagina 473]
| |
bloed yn, it wie inkeld wetter, it wie sa skjin as de ûnskuld, mar de smaek wie fan bloed. Yn de wite ballon oan de souder wiene de sêfte trillingen fan miggen dy't as dûnkere stippen tsjin it bolopperflak fleagen. Doe't ik op 'e wc siet wie ik bang dat der ûnforwacht in gewearloop ûnder tsjin myn liif stompe soe. By dy gedachte skuorde it my pynlik tusken de ljisken. Ik haw dat altyd as ik oan hwat pynliks tink. Froeger as ik seach hoe't de famkes balânsearren oer it skoallestek mei de izeren punten. Ik wie altyd bang dat se mei it krús yn de punten falle soene en yn myn forbylding seach ik se hieltyd wer fallen en elke kear stiek de pine my tusken de fuotten. Miskien is it gjin echte pine, tocht ik, doe't ik de wc trochluts, it is de eangst dy't fan alle kanten op my takomt. Ik fielde it as ik yn de stêd de strjitte oer stiek en der in auto op my yn ried. It wie in skok, it wie in warskôgingsteken. It is oeral, juster noch, doe't wy plat op it liif efterelkoar oer it oefenterrein kroepen en der op koarte ôfstân oer ús hinne sketten waerd. Ik haw de fingers as in mol yn 'e groun slein. Soms tocht ik dat it myn hert wie, omdat de pine omheech kroep nei it hert, nachts sliepte ik mei opsetsin op 'e rjochterside om it hert safolle mooglik romte to jaen. Midden yn 'e nacht lei ik soms skoften wekker op 'e rêch, dan kaem it werom, ik seach dat it kaem: it peleton, ik bleau mei de rêch tsjin de muorre stean. Wie ik ûnkwetsber? Of se fordomden it gewoan om raek to sjitten. It binne oefeningen, sei de eksekúsjekommandant. Hy moat sjoen hawwe dat ik bang wie, dat myn eagen de flecht forretten dy't ik makke troch de dûnkere leane en it iepen fjild. In momint fielde ik dat der wjokken oan myn skouders groeiden om dêrmei foar it fjûr weispringe to kinnen, mar de muorre bleau my waerm op 'e rêch. De kommandant, hy blafte as in houn en der lei bloed op it plein dat stadich it hiele plein oerstreamde. Ik stie oan 'e ankels ta yn it bloed. Allinne de kommandant stie op in eilân, by groeide boppe my út as in beam. Hy seach dat ik bang wie, elkenien seach dat ik bang wie. Ik loek de wc troch en gyng op 'e bril stean om troch it rútsje nei bûten sjen to kinnen. It wetter size yn 'e bak as floite der immen tusken de tosken. Foarsichtich treau ik it rútsje iepen. Boppe de stêd seach ik de beammen mei de dûnkere mûtsen op. It wie de âlde binnenstêd. Yn nije stêdden komme de beammen net mear boppe de huzen út. Stappen yn marstempo ketsten by de muorre lâns omheech. Ik bûgde my alhiel oer en seach dat der op it plein it lytse troep soldaten eksersearre. Nimmen lake, ik hearde allinne it doffe klikken fan de skuon. | |
[pagina 474]
| |
It wie in strafeksersysje lykas ik my dy altyd foarsteld haw yn in konsintraesjekamp, hwerby de stimmen as koarsten fan in muorre brieken. It plein wie fan boppen ôf krekt in hoale, in midsieuske finzenis. Ik flibe, in lyts wyt plûmke skeat skean nei ûnderen. Ik bisocht om fierder to spuijen, mar ik koe it net fierder as in meter as trije fan 'e muorre ôf krije. Ik sprong fan 'e bril en krige de klosetrôlle út 'e klem. Myn hannen trillen. It is de emoasje dy't my op sokke mominten bihearsket. Oan it rútsje hyste ik my wer omheech en hâldde de rôlle stiif tusken de fingers. Myn lofterskouder wrong ik troch it rútsje hinne, sadat ik it hiele plein oersjen koe. De troep bleau stil stean. Der klonk in kommando, alle fuotten sloegen tagelyk tsjinelkoar oan. Efkes wie it deastil as wisten se dat ik boppe harren stie, wapene mei in klosetrôlle. De stim fan de kommandant klattere by de muorren op, de troep briek yn in hoeke fan 90 graden foar de einmuorre. Ik wachte oant de soldaten midden op it plein wiene; smiet de rôlle nei ûnderen en hâldde it ein tusken tûme en finger. In wyt lint snijde oer it plein en warrele as in serpentine oer de soldaten hinne. Vivat! It heakke efter de gewearen, de helmen; it forboun alle soldaten oanelkoar. Alle Menschen werden Brüder. De kommandant roun flokkend en tjirgjend oer it plein. Ik dûkte tobek, harke nei it klikken fan de skuon dat tsjin de muorren wjerkeatste. Ik wrong my op 'e nij troch it rútsje nei bûten. Foar de muorren makken de soldaten wer rjochtsomkeart. It lint draeide bar om 'e hollen, earmen en fuotten, as wiene se swier forwoune fan it slachfjild kommen. Der wie nimmen dy't lake. Laitsjen stie de deastraf op. As immen net langer libje woe, hy gyng nei de kolonel, lake en waerd op slach delsketten. De kolonel? Miskien wie der net iens in kolonel, ik haw him nea sjoen, mar dan de kaptein, de luitenant, allegear hawwe se de macht oer libben en dea. Doe't de troep oan de oare kant fan it plein wer draeide op it kommando, briek it lint yn hûndert stikken. Alle soldaten hiene einen om 'e hals, oer de helm, en oaren dy't it as in brede Turkske sjerp oer it boarst droegen. It wiene de greate ûnderskiedingen, lykas it elitekorps droech op Spacteria, doe't de Peloponnesyske float forslein waerd. Hja rounen as bisten yn de dieretún op keninginnedei. It wie feest yn de dieretún. Alle bisten rounen trochelkoar hinne en swaeiden mei de stikken serpentine. Ik liet my út it rút weisakje mei de fuotten op 'e bril, luts oan it keatling dat it wetter as in rivier ûnder my trochstreamde. Ik stie as op in heech strategysk punt hoppe de rivier, stiek de hannen omheech to'n teken fan de oerwinning. Op it | |
[pagina 475]
| |
plein waerd it stil. Ik hie de fijân forslein. Ik stiek de hannen tsjin it plafond. Ik bihearske de hiele romte. Ik skuorde wer oan it keatling. De rivier streamde. Der bleau in lyts dopke wetter yn 'e pôt stean. Yn de ballon songen de miggen. Se skeaten hinne en wer as fisken yn in akwarium. Ik draeide de ballon der ôf en rûgele de miggen út de waerme bol yn de wc. Lekker fris jonges, kinne jim swimme. Yn sa'n hurde glêdde bol is it ek neat. Hoe komme jimme dochs yn dy bol? Kloatsekken. Toemar, sykje de frijheit. As skriuwerkes klauden se oer it wetterdobke, guon woene by de rânne op krûpe, mar dat mocht net fansels. Se moasten netsjes yn 'e troep bliuwe. Ik spielde gau de wc troch. Pech, michjes. Dach lytse strontmichjes, dach soldaetsjes yn it lyts. Wetter is in treflik wapen yn de strategyske oarlochsfiering. Ik luts ienkear oan it keatling en dêr streamde in hiel bataljon miggen nei de rioelen. Miskien groeije se nije wike as fleantugen út de sinkgatten wei en fleane oer de huzen, de beammen, de soldaten dy't ik út it rútsje wei sjen kin, tocht ik. Ik tocht der hiel lang oer nei. De miggen soene in nije oarloch bigjinne kinne. De soldaten, se stiene yn rêsthâlding. De wite stroken leine op it plein forwâdde as in opbrutsen sebrapaed. De troep bleau op ien en itselde plak en oefene yn massaréaksje. Se stieken tagelyk de gewearkes omheech en lieten se wer falle as der immen kranksinnich yn de hoale bigoun to blaffen; brustgeschwellt brüllen. It wie de fijân, hy is rounom. De oarloch is noch net foarby, sei ik tsjin mysels, de fijân is net tinkbyldich, mar tichteby. |
|