Nou komt fansels de fraech nei foaren: by safolle greate en lytse, deunbije, mar ornaris fierwei kommende ynspiraesjes, hwer is Boele Bregman sèls? It antwurd hoecht net fier socht to wurden. Oan dit wurk docht kleare bliken, it giet dêryn allinne mar om it persoanlik gebrûk dat de skilder makket fan inoar aerdich ûntrinnende gegevens fan oaren. Hy hat allinne mar datjinge tapast, dat him tsjinnet foar syn eigen styl en eigen ekspressy. Bregman sette dat forskaet fan ynfloed om yn in byldzjende tael, dy't by einsluten fan him en fan him allinne is. Tominsten, yn de measte gefallen.
Ien fan 'e neidielen fan 'e Ljouwerter útstalling wie dat Bregman to folle sjen liet. Der wiene, forpart oer de ûnderskate rubriken, presiis hûndert nûmers (en dat wie op himsels in biheinde kar, hwant Bregman hat wurk foar grif twa of trije fan sokke útstallings), mar de seleksje hie skerper kinnen. De wetterfervetekeningen wiene alfolle simplistyskernôch en al to tige in prebearsel om mei in minimum oan gegeven gâns to sizzen. Dat wie fan dy gefolgen dat se to min seine. Ek de ôfdieling etsen hie alsagoed hwat úttinne wurde kinnen. Yn sokke gefallen hat men mear to meitsjen mei in rânskrift by de útstalling as mei it hânskrift fan de kunstner.
De meast authentike stikken yn allen binne de oaljeferven. Giet men dy ris bylâns, om't de persoanlikheit fan Boele Bregman dêryn op 'en klearsten ta utering komt, dan stjit men nei myn bitinken op trije faktoaren.
Foarearst is der in tige greate kleurgefoelichheit. Dy mei as nûmer ien oanmurken wurde, sawol by de kunstner as by de hjoeddeiske taskôger, dy't fakentiids troffen wurdt troch in ympulsyf kleurgebrûk. By Bregman kin men sûnder mis prate fan in kleur, dy't sterke ympulsen ôfjowt, al wurdt dy kleur by him net salyk jown as in primaire aktiviteit; de kleur is net in ding op himsels, mar is steesoan tsjinstber oan de ynhâld fan it doek. Lykwols, de kleur treft jin troch in nuânsearre libbenens, troch strakke patroanen. Yn it Princessehof krigen dy lang net altyd har fol gerak, om't al dy doeken net altyd like gaedlik ophongen wurde koene. De oaljeferven, dy't fan ljocht wòl har gerak krigen, bliek in forfine wurking fan út to gean. It effekt fan har kleur, al of net passyf, yn 'e regel yntrovert, dat ek al op 'e útstalling fan '58 oanwêzich wie, waerd op dizze eksposysje forsterke troch in oanwinnen yn kompositaryske wissens. De pleatsing fan it flak is sterker wurden en dat is fan dy gefolgen, dat de oaljeferven makliker ta de biskôger komme en sadwaende har eigentlike ynhâld better bleatlizze.