De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 461] [p. 461] Jan Dotinga: Op de symfony numer 39 fan Wolfgang Amadeus Mozart Ik rin om mei fûsten muzyk, as ik se iepen doch fljocht it alle kanten út; de keamer rint oer. Nouris rin ik op aeijen, dan wer as Napoléon bombastysk yn it lij wetter fan myn earen. Ik ha mysels lichtelik gek forklearre en soe noait mear oars wolle. Hwa wol foar my tekenje? [pagina 462] [p. 462] Dêrom, sjoch, Ik sil har lokje en har fiere yn 'e woastenije, en Ik sil sprekke nei har hert; Hoséa 2:13. Doe't Hy syn mûle iepen die, hearde se hoe't de tael skepen waerd en huvere se ûnwennich yn 'e dracht fan it healsliten wurd, dêr't frjemde manlju har sa njonkelytsen mei opskipe hiene. Hy brocht har yn it lân fan 'e leechte en har nammen foelen as blêdden ôf, har oantinkens waerden sân ûnder har fuotten. Syn hert joech har earmen om leaf to hawwen, eagen om to laitsjen, earen om antwurd to jaen. Hja waerd bifruchte mei roazen, har skoat heinde wite fiergesichten. Har mûle roun swier fan jubel. Vorige Volgende