| |
| |
| |
Anne Jousma:
Egyptysk fisioen
Dy deis liet de hegepryster fan Amon him oantsjinje by de kening Amenhotep IV, dy't himsels Achnaton neamde. De farao lei op in rêstbêd yn syn paleis to Achetaten, de sinnestêd, dy't er bouwe litten hie ta eare fan syn god Aton. Nêst him siet Semenchkareh, ien fan it greate tal keninklike healbruorren, in jongfeint fan sa'n achttjin jier, kreas om to sjen. De farao hie him de earm om 'e mil slein en foroare syn hâlding alhiel net, doe't de pryster ynkaem en knibbele nei âld gebrûk.
Hy krige spotsk to hearen: ‘Doch net healwiis, pryster. Dy tiden hawwe west. Stean op jou fuotten en fortel, hwat der geande is, dat greaternôch fan bitsjutten is om de hegepryster fan Amon derta to bringen, in gunst to freegjen oan de tsjinner fan Aton.’
Amon-Ka kaem oerein. Hy wie foars en heech fan stal. Syn klaed blonk wyt mei goud en it teken fan Amon droech er om 'e hals. Syn swarte eagen stiene fûl en syn mûle stymsk.
De kening lake opnij. ‘Jou gesicht is moai ridlik yn tsjinspraek mei jou djippe earbied. Hawar, minsklike démoed moat men ornaris tige yn 'e rekken hâlde, dat is bikend. Hja is meastentiids net folle mear as skyn, dat sil jo ek wol net ûntgien wêze.’
‘Minsklike heechmoed is wiswier echter, hear.’ It lûd fan de hegepryster bleau rêstich, mar syn eachopslach wie fûl.
‘Hwa soe de heechmoedichste wêze, jo of ikke?’ De farao glimke spotsk.
‘It stiet allerminst oan my en oardielje oer de soan fan Amon. Wol bisykje ik myn eigen heechmoed to bannigjen yn tsjinst fan myn hear, ús god en de kening syn heit.’
De laits loek fuort út de kening syn eagen. Syn lûd waerd skerp en syn gesicht strak. De jonge nêst him seach ûnrêstich fan de iene nei de oare.
‘Neat wol ik mear heare fan dy âldfrinzige teltsjes. Amenhotep wie myn heit, de trêdde fan dy namme. En Teje, syn keningin, wie myn mem. En hwat in keninginne, al hie hja dan fan harsels gjin keninklik bloed. Wolstû my in soan fan goaden neame, dan is Aton myn heit, de sinne, dy't de heit is fan ús allegearre - sels fan dy en dyn soarte. Bûten him kenne wy gjin inkelde god.’
Amon-Ka naem it gouden ketling mei it Amonsteken yn 'e
| |
| |
hân. ‘Ik bin en ik sil altyd bliuwe tsjinner fan de god, dy't dit lân great makke hat. Hy is machtich yn it lân efter de stjerren, dêr't wis ek Aton wente hat. Mar myn hear, de soan fan Amon, swart syn eigen heit ôf en ken nimmen oars as Aton, allinne Aton!’
‘Ast oars gjin boadskip hast, dan bringst my frijhwat âld nijs. Dan hiest dysels en my de tiid bisparje kinnen.’
It like, oft de pryster noch heger opriisde, oft er noch greater waerd, noch breder, noch driigjender as er al wie.
‘Myn boadskip komt fan de hege frouwe Nefretete. Hja lit myn hear sizze troch dizze ûnweardige mûle: skein gjin hillige nammen mear, skein gjin Amonstimpels mear. Lit net de wrek fan Amon komme oer de man, dy't ik leaf hie en oer it lân fan Keme, ús lân.’
De farao sleat de eagen, hy andere net daelks. Doe sei er, en syn lûd wie gâns ûnwisser: ‘De keninginne Nefretete... hwerom komt hja sels net, as hja boadskip hat? Wit hja it paed net mear nei ús paleis en nei myn seal? En hokker grounen hat hja foar dizze warskôging?’
‘Der binne brieven ynkaem fan de grinzen. De Hittiten falle dy grinzen oan, hja wurde opstannich en gefaerlik. Us krigers dêrre binne to minmachtich en net sterk genôch fan wapens tsjin dit wyld folk.’
‘Hoe kin de keninginne dat witte en ik net? Ik tocht, dat de farao yn dit lân de heechste kriichshear wie.’
‘De hege kening mei my forjaen, mar de lêste tiden hat er him tige ôfjown mei godstsjinstige saken. Miskien binne dêrtroch de minder wichtige saken fan steat him hwat ûntgien.’
De sabeare nederige wurden snijden djip en Achnaton kaem heal oerein. Syn earm liet Semenchkareh los en syn lûd wie heas fan lulkens.
‘It liket my ta, dat it tiid wurdt en lear de prysters fan Amon in toantsje leger to sjongen. Hja krije in greate mûle, fornim ik, sels yn it bywêzen fan de kening. Oan nou ta haw ik se gewurde litten, mar har macht sil brutsen wurde. Gjin prysterkaste sil wear regearje yn dit lân.’
Hy moast efkes sykhelje en fan dat lytse skoftke makke daelks de pryster, oars sa hoflik, gebrûk.
‘De hege hear hoecht it my fierder net út to lizzen. Dizze wurden bringe my alhiel gjin nijs en de farao makket him lulk en wurch foar neat. Sa giet it al faek, as it wurk jin by de hannen omt ôf brekt - mar lulkens jowt neat. Amon lit him net ienfâldichwei oan kant reagje en dy't bisiket om it dochs to dwaen, sil ûndergean. Amon is sa âld as Keme -
| |
| |
âlder as Keme. Hy krige fan Ptah, de algod, hjirsanne it bistjûr en hy makke ús ryk en great. En sûnder Amon sille wy to neate gean.’
De kening hie syn selsbihearsking werfoun. ‘Pryster, ik haw my in libben lang ynset foar in better ryk, in better bistjûr, in better fordieling fan de rykdom, foar mear lok foar it folk, foar it forlichtsjen fan it lijen. Myn heit hat my glimkjend gewurde litten, myn mem stipe my jierren lang mei al har krêft en myn frou ek. Oant hja my forliet, Aton wit hwerom! Mar jimme, de prysters fan Amon, jim hawwe my bistriden oeral en altyd en Horemheb, myn bastertbroer, de fjildhear, leit it mei jimme oan om myn troan to bisetten en it âlde ryk fan gewelt yn stân to hâlden. Ik woe yn frede: Aton is in freedsum god. Mar jimme anderen mei gewelt en dêr sil ik itselde tsjinoer sette: del mei jimme timpels en de dea oan jimme god.’
‘De hege hear mei my forjaen, mar foar gewelt hat men krigers brek. En dy binne der blykber wol genôch om timpels to skeinen, mar to min om de fijân to bifjochtsjen.’
De kening klapte yn 'e hannen en liet de wacht komme. Twa krigers forskynden by de yngong fan de seal. Achnaton wiisde op de hegepryster. ‘Gryp him!’ De soldaten seagen elkoar forheard oan, forweegden net. Amon-Ka lei de earms oer elkoar. ‘Gryp him!’ De pryster glimke noch altyd en sei: ‘Stil mar, jonges, ik gean wol mei.’ En nei in earbiedige groet op 'e knibbels, folge er harren. By de doar seach er glimkjend om.
‘Hwat bitsjut dit?’ Semenchkareh seach syn broer forbjustere oan. ‘Sûnt hwannear fiert de wacht de keninklike bifellen net fuortdaliks út?’
Yn de fierte hearden hja it lûd fan tûzenen stimmen, in great jûchhei. De farao waerd deadsbleek en sloech syn earm om de jonge hinne. ‘Der is mar ien, dêr't hja sa foar roppen ha. Eartiids diene hja it ek foar ús, de keninginne en my en dat soene hja nou noch dwaen. Mar sa, lyk as nou, dogge hja it allinne foar him, foar Horemheb, as dy tomidden fan syn garde riidt. Ik haw gjin garde mear, ik wol gjin garde hawwe, ik wol frede - oeral frede - en rêst.’
Sêft sei Semenchkareh: ‘Hawwe wy sels net de frede brutsen mei it skeinen fan Amonstimpels en it útbeiteljen fan syn nammen?’
De kening syn eagen flammen yn syn bleek gesicht. ‘As men de frede wol en oaren wolle kriich - hwat kin men oars dwaen as fjochtsje? De prysters fan Amon hawwe my altyd
| |
| |
wjerstien, hja laitsje om myn frede. Ik moat se machteleas meitsje, oft ik wol of net. Hja twinge my ta kriich. En yn namme fan de frede sil ik har brekke mei kriich.’
Semenchkareh lei syn beide hannen op syn broer syn skouder. Stilwei sei er: ‘Soms liket it my ta, dat hjir gjin frede wêze kin. Hwa't der nei stribbet, in freedsum en myld man as myn broer, wurdt troch dat stribjen wyld en kriichssuchtich.’
‘Jo sprekke dêr wiere wurden, myn prins!’ In swier, sonoar lûd davere troch de seal. By de yngong stie in foars man yn folle kriichsútrissing, blinkend fan koper en brûns. Oer syn skouders hong in reade mantel en hy knibbele net.
‘Horemheb!’ De farao sprong oerein, de jonge Semenchkareh seach kjel nei de doar.
‘Forjow my, hege hear, dat ik sûnder oantsjinjen kom. Mar myn nijs driuwt en ik tocht, wy kinne elkoar al sa lang en sa goed, ik koe it wol weagje en bring myn lêst boadskip sûnder al to folle plichtplegings.’
‘Myn lêst boadskip? Hwer wolst hinne, Horemheb? Dat seiste dochs: myn lêst boadskip?’
‘Myn lêst boadskip oan dizze farao. Ik sels ha net it plan om hjir of dêr hinne to gean. Dat sil de farao dwaen moatte.’
‘Ik forstean it net, fjildhear. Mar is dizze toan foechsum tsjin de kening?’
‘De soan fan Aton wol dochs gjin slaefskens mear? Hy hat ûnnedige démoedsbitsjûgingen dochs forbean? Hy hat syn godlikens ôflein, net? Hwerom soe ik dan sprekke lyk as in tsjinner tsjin syn hear docht?’
Swijend seach de kening de fjildhear oan, syn blekens waerd slimmer, syn eagen leine djip en syn hân socht Semenchkareh. Dy kaem deun by him to stean. Horemheb kaem ek tichterby, driigjend as in glânzgjend skaed.
‘Amenhotep, dy't dyn namme forsmiten hast as in smoarch flarde klean, dat men kwyt wêze wol - ik haw nea in man west fan folle wurden. As jonges wiene wy freonen, as mannen hawwe wy tsjin elkoar oer stien, as feinten hawwe wy deselde faem en deselde dreamen leaf hawn. Lang haw ik dy ûntsjoen, mar nou kin dat net mear, hwant dû bringst dit lân de ûndergong mei dyn dweperij. Dû sprekst fan frede en lok en it ryk bringst yn gefaer. Dû hast it oer ienriedigens en sels sieddest it sied fan spjalt. Dû forhearlikest de freedsumens en timpels forneatigst. De Hittiten falle oer dyn grinzen en opstân driget yn dyn lân. De tiid is kaem, dat dizze farao fordwynt.’
Achnaton siigde op syn sit tobek. ‘Forriedstû my, Horemheb? Is der dan neat mear fan ús âlde freonskip oer?’
| |
| |
‘Ik bin dy trou bleaun, doest myn leafste ta keningin naemst. Ik bin dy trou bleaun, doest as folwoeksen man noch altyd feintedreamen neijagest. Ik haw dy net forlitten, doest my mei to min krigers de grinzen fordigenje lietst. Ek net, doe't ik op dyn bifel greate gebieten oan de Hittiten priis jown ha. Mar nou is it út. De farao kin de prysters fan Amon net as fijân hawwe, hy mei it folk net yn twadracht bringe. Hy mei syn forswakke lân net priis jaen oan frjemde folken. Ik frege dy om legers, om krigers, om wapens. Dû jowst se net, hwant der mei gjin kriich mear wêze. Mar ik siz dy dit, Amenhotep, as ik dy gewurde lit, silstû yn Keme in kriich sjen, lyk as dy noch nea west hat. De Hittiten sille de Nyl ta in reade stream meitsje en dyn stedden ta pún en dyn froulju ta huorren en de bern ta slaven. En dêrom moat it út wêze mei dy en mei dyn Atontsjinst.’
Semenchkareh seach yn ûntsetting de kriichsman oan, hy skoude tusken de farao en de fjildhear yn, mar Horemheb syn sterke earm rearde him oan 'e kant. Dy stie nou deun foar de kening. Syn lûd waerd mylder.
‘Wy hawwe oan nou ta nêst elkoar stien. Ik haw altyd hope, dû soest it ynsjen mei de jierren, dat men jins feintedreamen folwoeksen net altyd folgje kin. In lân lit him net bistjûre neffens idéen allinne: macht moat dy idéen dekke. Hurde soldatemacht! Nefretete hat dat ynsjoen twa jier lyn. Hja hat dy warskôge, hat dy op lêst forlitten, hwant hja seach it holle fan de tastân yn. Nou hat hja my roppen om it lân to rêdden, to rêdden fan dy.’
Wer kaem de farao oerein. ‘Nefretete, forriedt hja my ek?’
‘Hja sil myn keninginne wêze, Amenhotep. En iksels wurd de nije farao. Sels sil ik de krigers oproppe, dystû my net jaen woest en as it moat, sil ik my deafjochtsje om Keme to rêdden. As de flok fan Amon soend wurdt, kin dat miskien noch slagje. Mar dû hast it wol fier komme litten.’
De farao sloech yn 'e hannen en liet de wacht roppe. Twa soldaten stiene as swarte bylden nêst de yngong: it wiene frjemde negersoldaten, net de bitroude wachters. Achnaton seach fan harren nei de fjildhear en liet se weiwurde mei in teken fan syn hân.
Earnstich sei Horemheb: ‘Ik bin fjildhear. As ik hwat oanpak, wit ik, hwat ik doch. Fannacht hawwe myn soldaten dyn stêd en dyn paleis biset. Dyn iennichste ûntwyk is efter de stjerren.’
Doe gie er stadich efterút mei de biwende groetenis oan de farao en dy bleau allinne mei syn jonge broer. Stil wie it as
| |
| |
nei in hurde wyn, dy't ynienen falt. Doe hearden hja fannijs de tûzenen jubeljende lûden fan hiel fier fuort en seagen elkoar oan. De eagen fan de jonge glieden nei de hoeke, dêr't it swurd fan de kening stie en dy folge syn loaits en huvere.
Mar op 'e nij forskynde immen yn de doar: in âld man, griis en roungear. Syn wyt burd hong oer syn prystermantel mei de sinneskiif en syn gesicht wie as fan parkemint, dat jierren lang opteard lein hat, mei swarte en grize fâlden. In tsjinner folge him, dy't in krûk droech en trije bekers.
De farao gie de âld man yn 'e mjitte. ‘Mesu-Aton, myn freon...’
De pryster heve seinjend de hân. ‘Mei de seine fan Aton en alle oare goaden wêze mei myn soan, de kening, op dizze needlotsdei, nou't er de wei efter de stjerren gean moat.’
Forslein seach Achnaton him oan. ‘Alle goaden? Is dan Aton net allinne en de iennichste god? Forriede sels jo, syn hegepryster, him, nou't der gefaer driget?’
‘Myn soan en kening, ik forried nimmen en grif myn god net, al mei it sa lykje. Mar hjoed wurd ik twongen to sizzen, hwat ik al lang sizze moatten hie. Ik haw lef west, jierren lang. Nou moat ik boetsje en myn kening boetet mei.’
Hja sieten mei har trijen op de ivoaren bank mei pearels ynlein. Boppe harren hollen stiek de gouden sinneskiif, Aton syn ierdske forskining, syn lange seinjende earms nei alle kanten út. Yn greate forbjustering stoarre de kening nei de djiplizzende eagen yn it parkeminten gesicht.
De jonge sloech op 'e nij de earms om de skouders fan Achnaton. Hy huvere. Doe kaem wer it lûd fan de pryster, ientoanich, as praette er yn himsels.
‘My stjûre de nije farao Horemheb en syn frouwe Nefretete. Ik moat mei myn hear de stjerrewei gean. Ik haw nêst him stien yn de goede dagen, ik moat him liede, nou't de ierdske nacht komt.’
Djip hong de stilte om en yn it paleis.
‘Ik haw myn kening net de goede ierdske wegen wiisd, miskien bin ik lokkiger yn dy oare lannen...’
De kening fleach heftich oerein. ‘Oare lannen... Hwat oare lannen kenne wy? Dy mearkes hawwe josels my leard to oerwinnen, âlde man. Wy witte fan Aton syn skepping hjirre. Hwat wisten wy ea mear as dat? Hjirre moatte wy syn frede skeppe en syn folheit. Dy moatte hjir iepenbiere wurde nei jou eigen wurden.
Wurch tilde Mesu-Aton de hân op en hy forfette syn lûdop tinken: ‘Ik wit, dat it myn skuld is, myn greate skuld. Wy
| |
| |
forstean dat mar min: dwaen to moatten, sa't wy dogge en dochs skuldich to wêzen... Der hat in tiid west, dat myn prins Amenhotep jong wie en ik sels yn de krêft fan it libben. Mesu-Amon hiet ik doe en pryster wie ik yn de timpel to Thebe. De kening droech my op, syn soan to ûnderwizen yn de heimenissen. It lân wie ryk, de paleizen weelderich. Mar ik wist, dat dy weelde en dy rykdom rêstten op it swiere wurk fan dy't arbeiden en op de forovering fan fiere streken. De rykdom rêstte op de earmoede, de woltier op fordrukking. De prysters learden, dat sa de wil fan de goaden folbrocht waerd en dat men jins ierdske lot nei barren wil foltôgje soe sûnder forset, omdat wy de wetten fan de goaden wol witte, mar net forsteane. En ik woe wól forstean. Ik woe woltier sûnder fordrukking, rykdom sûnder earmoede en lok sûnder smert. En sa haw ik myn prins de lear fan Aton leard, iennichst god, skepper fan ljocht en gerjochtichheit, hwaens ierdske wurk wy ôfmeitsje moatte yn frede, sûnder gewelt en sûnder oerhearsking. Myn prins hat my leaud en hy hat it lân in nij gesicht jown en in nije stêd en in nije iennichste god.
Mar ik waerd âlder. Ik seach, hoe't de Hittiten ús bidrigen, omt wy to min soldaten hiene. Ik fornaem, hoe't de arbeiders op 'e fjilden ûntofredener waerden, al neigeraden hja mear reden hiene ta tofredenheit. De fjilden sels seach ik forfallen, omt hja net genôch biarbeide waerden. En doe wist ik, dat myn kening libbe yn in dream. In dream fan in wrâld, dy't hjir net bistiet en nea bistean kin. Ik wie to swak: ik doarst dy dream net to steuren. Ik haw dy koestere en biwarre mei myn kening, ek doe't ik wist, dat it in ûnmooglikheit wie. Men grounet hjir gjin ryk sûnder gewelt, men skept gjin rykdom sûnder earmoede, men kriget gjin lok sûnder lijen. Dit ierdske ryk is tsjinstelling yn alles en ik wit nou, dat it net oars kin. Ik wit nou, dat Amon, ús âlde god, wierheit is boppe Aton en ik wit, dat er my straffe sil, my en myn hear, foar ús ôffalligens.
Ik wit noch de dei, doe't Horemheb, jou spylfeint, by my kaem en my biswarde, jo ôf to bringen fan de wei nei de ûndergong. ‘Men makket,’ sei er, ‘net sûnder straf ûnripe jongesdreamen ta rjochtsnoer fan it regear oer in sterke steat. Ik haw mei de prins nei jo heard en mei him stien, doe't er jo folge, mar it hurde libben yn it leger, dat hy net ken, hat my oars leard. Hâld him tsjin, foardat Keme ûndergiet.
Ik haw it net dien: ik koe ús dream net brekke. Nou brekt er ús. Mar it moast sa wêze. Troch ús hawwe de goaden in warskôging jown oan de wrâld en nou roppe hja ús hjirwei,
| |
| |
dat it lân op 'e nij sterk wêze sil. Us namme sil in teken wêze foar dy't nei ús komme.’
‘In skrale treast,’ sei skamper de farao. ‘Hie my earder dizze dingen sein, doe't it noch tiid wie.’
‘Doe't der gjin gefaer drige, soene jo my like skamper andere hawwe. Nimmen sjocht graech tobrekken, hwat er lang foar wierheit hold.
As de sinne ûndergien is, komt Horemheb hjir wer. Hy droech my op to sizzen, dat al jou slachte mei jo gean sil efter de stjerren. Ek dizze jongfeint hjir, ek Tûtanchaton, de lytse prins. De bern, dy't Nefretete bernje sil oan de nije farao, sille tonei de keningen wêze oer dit lân, bern fan in sterke heit en in wize mem. Dit binne syn wurden.’
Doe geat de âlde pryster de trije bekers fol. De kening seach him dwaende en lei syn hân op Mesu-Aton sines.
‘Siz my noch ien ding. Hwerom... hwerom dochs hawwe de goaden, hwerom hat Aton my dit oandien? Hwerom is myn libben forjown mei in falske dream?’
‘Myn soan, gjin falske dream, allinne in ûnierdsken ien. Hja joegen dy troch my in fisioen fan in lokkiger steat. En tagelyk troch dy en my it kleare biskied, dat hjir op ierde sa'n ryk net bistean kin, salang de twaheit fan dea en libben, fan tiid en ivichheit, fan ljocht en tsjuster net oerwoun is. Dû bist in bern fan goaden, Amenhotep - Achnaton - hja hawwe dy tige leaf en dêrom brûkten hja dy as boadskipper. Drink...’
Hja swolgen de djippe bekers leech. De jonge wachte it langst.
De keninginne Nefretete wachte yn har eigen paleis oan de oare kant fan de stêd. Doe't Horemheb him oantsjinje liet, kaem hja oerein: in prachtige frou yn in hast trochskinend klaed. Hja trille, mar bihearske har gesicht, lyk as it har leard wie.
‘It muoit my, dat ik de bringer wêze moat fan drôvich boadskip. De kening is hjoed yn syn paleis forstoarn, tagelyk mei syn jongere healbroer Semenchkareh.’
‘Gjin toanielspylderij, Horemheb. Wy kinne rounút sprekke, tocht ik. Wy hawwe togearre de plannen bisprutsen, wy oerlizze ek de útkomst. Wy hawwe Keme út de ûnmacht fan in fanatikus rêdden, der wie gjin oare wei. En nou steane wy foar de gefolgen, dû en ikke. Us earste wurk sil wêze moatte, ús foriene krêften oan de nije farao oan to bieden.’
‘Ik forstean dy net, myn leafste. Dy nije farao, dat bin ik dochs sels, nêst dy, myn keninginne.’
| |
| |
‘Horemheb, ik haw dy ienris sein en ik siz it wer: myn leafste hat altyd west en sil altyd bliuwe de man, dy't wy de stjerrewei stjûrd hawwe. Ik haw dy neat oars ûnthjitten, as nêst dy to stean yn syn forneatiging en dêrnei, ta rêdding fan it lân. Ik bin net mear de frou fan farao, dû silst net farao sels wêze, salang noch ien fan it slachte fan Amenhotep libbet.’
‘Mar dêr sil dochs nimmen mear fan libje as iksels, Nefretete, de oaren sille wy dochs forneatigje. Sa wie de ôfspraek dochs?’
‘Forneatigje op ien nei, sprieken wy ôf. Datstû in soan fan de greate kening bist, kin nimmen biwize. Mar Tûtanchaton - fan hjoed ôf sil er Tûtanchamen hite - is syn soan wòl; de lêste lette bloei fan de greate keninginne Teje. Hy sil de farao wêze en wy beide, dû en ik, wy sille nêst syn troan stean.’
‘Nefretete, ik haw dy bisitte wollen fan myn jongestiid ôf. Ik haw de dwaes fan Achetaten tsjinne om dy to tsjinjen. Mar nou sil ik hearskje, ik, de farao, dû myn keningin, de earste yn it lân, mar nei my. De macht is yn myn hannen en dy lit ik net mear los. Fan hjoed ôf is myn wil wet... ek foar dy.’
De keningin stie stil, rjochtop. Hy seach de foarmen troch en ûnder har klean. Hy kaem deunby, mar hja warde him ôf. Hja glimke frjemd.
‘,Dû hast dy in kromke forrekkene, myn freon. Dû moatst it hearskjen noch leare, ik bin it sûnt lang wend. Wolst my bisitte - goed. Mar allinne mei myn wil en net dertsjin yn. Ik forliet myn leafste ta heil fan it lân. Ik haw him offere foar it heil fan it lân. Foar itselde doel sil ik dy ek offerje, as it wêze moat.’
Hy griep har oan, hy fielde de soepele lea yn syn sterke fingers, hy fielde, hoe't hja har spande yn forwar en syn gesicht baernde ûnder in fûle slach fan har frije hân. Hy waerd efterút skuord en stie each yn each mei Eje, har heit, broer fan de âlde keninginne Teje silger, goeverneur fan de keninklike residinsje. Dy sei neat. Horemheb hime. Nefretete glimke.
‘Forrekkene hast dy, Horemheb, greate fjildhear. Strategy fan froulju is oars as dy fan manlju. De krigers fan myn heit hawwe dy neat yn 'e wei lein, doest de haedstêd biset hast fannacht. Mar dat hie kinnen... Dû hast 5000 man, heit 7000...’ Hja glimke noch, Horemheb hime, Eje swijde.
Ik sil it goed mei dy meitsje, myn freon. Dû kinst kieze. Fan twaën ien: meitsje dysels ta farao. Dan fynst myn heit en syn mannen op dyn wei en it folk sil in dûbele keningsmoard net licht forjaen. My silst nea bisitte en de troan mooglik gau
| |
| |
forlieze. Of huldigje mei my de nije jonge kening. Ik sil dizze nacht noch fan dy wêze - it folk sil syn greate fjildhear bijubelje. Krigers silst krije, genôch om it forlerne lân op 'e nij to bisetten. Keme sil ta nije bloei komme en dû silst wêze de earste man, de sterke efter de troan. Kies, myn freon Horemheb, kies tusken de wissichheit fan greate macht, wissichheit fan leafde, of ûnwissens fan noch greater macht sûnder leafde.’
Noch altyd glimke hja; hja stiek him de hân ta, dyselde hân, dy't op syn wang baernde, in lytse sterke hân.
Horemheb naem dy yn sines en knibbele mei bûgde holle foar har del. Har slanke skonken riisden as blommestallen yn in joundamp foar him op. Hja kaem nêst him en knibbele ek.
Forwûndere seach er op en foar harren stie it bern, de lytse prins fan njoggen jier... It wie, oft de jierren tobek rounen nei doe't er sels sa âld wie en boarte yn de keninklike tunen mei de kroanprins Amenhotep. Sa like dit prinske op de prins fan doe.
Hy wie de earste, dy't it útspriek: ‘Hear fan de twa lannen - greate kening - farao - soan fan Amon-Ra - wy sille dy trou wêze.’
Efter de boi seach er, foars en dûnker, de goeverneur Eje. Nêst him knibbele Nefretete en har triennen foelen op syn hân. Har eagen hongen oan it bern, dat sa like op Achnaton.
|
|