De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 450] [p. 450] Durk van der Ploeg: Salvation army Foar de ûnbikende soldaet Hwat ha Jo Hear dochs mei ús foar? Dêr swalket my fan doar ta doar, Sawol by wizen as by dwazen, In heilsoldaet yn elastiken hoazzen. 't Is mar in wrakke ûnderbou En sa to sjen in jonge frou. Tink om 'e S stiet yn 'e folder, Us evangeelje is gjin kolder. Is 't yn 'e S op 'e kraechkant foar? Ik keapje in Strijdkreet oan 'e doar. Net foar mysels, o né, sast' seiste; Ik doch it inkel foar de neiste. Myn buorman seit: 't is flauwe kul En ik, ik haw gjin flau binul. Wy lêze 't evangeelje alle dagen En sitte net mei sokke fragen. By ús gjin byt, wy leauwe al; Miskien hjirneist, of fierder wol. Sa'n saeiling yn dat swarte kapeguod, Bin wy dan fan deselde lope skuord? Mar hwa sil har de wurden keare: Untfang de segen fan de Heare! Smyt ik dy segen yn 'e goatte, Dan fiel ik my forhouneloarte. Mar oarsom ek, ik wurd net kjel, It glidet my de rêch wol del. Vorige Volgende