net it antlit fan Kristus sjen lit, mar syn oanwêzigens suggerearret mei in skaed, in hân, in diel fan syn klaed, in auréoal. Der gyng in suggestive krêft fan út. Yn Grazige weiden fan Keighley kuijeret God yn colbert oer de ierde en tsjerklike formiddens protestearren earst forheftich. Doe't se lykwols bigrepen hiene, dat dit de réalistyske útbylding wie fan de foarstelling fan negerbern, wie it algemiene oardiel mei rjocht: in masterwurk.
In great regisseur sil altyd biseffe dat er yn dit genre mei psychology neat bigjinne kin, mei in romantysk Kristusbyld noch minder, lit stean fan mei gewelt en spektakel. De film dy't yn syn biweging romte en tiid kombinearret jowt in werklikheitsyllúzje en ropt de suggestje op: sá moat it west ha. De fraech is, oft men filmysk de Jezus út it evangeelje ‘werklik’ meitsje kin. De greate Deenske filmer Dreyer, dy't syn masterskip biwiisde mei It lijen fan Jeanne d'Arc en It Wurd, hat syn libben lang in Kristusfilm meitsje wollen, mar is der net ta kommen. Wie it him ûnmooglik?
Mominteel draeit yn Nederlân in Kristusfilm dy't yn hast alle opsichten hwat nijs is: Il vangelo secondo Matteo (It evangeelje fan Matthëus) fan de Italiaen Piero Paolo Pasolini. De kritisi prate fjouwerkant en faek forheftich tsjinelkoar yn, hwat hast altyd wiist op in wurk fan bitsjutting. Yn ien opsicht binne hja it iens: Pasolini jowt hwat oars as al syn foargongers. Hy hat, en dat binne al twa biskiedende pluspunten, mei in greate earbied foar syn opjefte oer stien en de uterste soberheit bitrachte. Gjin forneamde filmstjerren, gjin spektakulaire melodramatyk, gjin ‘leaflike’ Jezus-image, gjin psychology, gjin technicolor. De opnamen binne makke yn in ûnmeilydsum woest Súd-Italiaensk lânskip, de spylders binne amateurs mei in Spaenske studint, Enrique Irazoqui, yn de haedrol. De muzyk is yn haedsaek fan Bach, mar der wurde - en dat is nij en funksioneel - negro-spirituals songen.
De biwearing dat Pasolini, in radikael soasialist, dy't it wolris mei de clerus yn Rome oan 'e stok hat, fan de Minskesoan allinne mar de greatste rebel fan alle tiden makke hat, is net wier. Hy hat earlik bisocht it forhael fan Matthëus rjocht to dwaen. Mar yn syn stribjen om alle falske sentimintaliteit to mijen is er to fier de oare kant útgien. It dékor, it lânskip, is ûnbarmhertich, de Man fan Nazareth to folle de boeteprofeet. Dizze Kristus fan it wurd, it wurd sa't it nea sprutsen is, dat fan de machthawwende, is fier to preferearjen boppe dy fan de religieuze romantyk yn oare filmen. Mar it Laem fan God kommen om de wrâld to rêdden, foarsafier as dat filmysk to forbyldzjen is, komt Pasolini amper oan ta. As Kristus syn learlingen it Us Heit leart, bart dat suver op de manier fan de strange gebieder, de wetjower. De learlingen ûndergeane him en syn wurd to passyf, hy oerweldiget mear as dat er frij makket. Dan hat Pasolini noch de flater makke dat er tofolle jaen wol. It timpo is to gysten, men kriget soms de yndruk dat de haedfiguer gjin tiid genôch hat om alles to sizzen en to dwaen dat de regisseur him opjowt. En dochs is der hwat yn dizze gestalte dat jin bybliuwt. Der binne oangripende mominten, Jezus syn kontakt mei de bern bygelyks en de lêste dagen yn Jeruzalim. De pear wûnders dy't de regisseur sjen lit hie er better fortelle litte kind, dan hie er gjin forlet hawn fan filmtrucjes.
Al mei al de earlikste en bêste fan alle Kristusfilms oant nou ta en dochs net adekwaet oan de opjefte. Dy opjefte is miskien boppeminsklik.
INNE DE JONG