De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 445] [p. 445] [Nummer 12] Inne de Jong: In Memoriam Jan Piebenga Hoe hast' dit folk bimind met dyn great hert dat neat to swier en neat to folle wie. Unwrigber bleaust jier en dei op dyn post ek as it wetter oant de lippen stie. Hoe hast' dit folk forrike mei dyn geast bouwer fan hjoed, skôger de ieuwen oer dreamer en réalist en fisionair de eagen op de kym, de hân oan 't roer. Doestou foelst waerd it earmer yn dit lân. Hwa lyk as dou wist Fryslâns kengetal en nûmer, hwa hie sa'n ynlik kontakt dat stim en byld bywezich wien' oeral? De marren weagje yn skimerich winterljocht de wyn waeit om it lytse Idzegea. Hoe faek seachst' hjir de sinne ûndergean de wide romte oerspield fan jountiidsrea. In wite fûgel sjit omheech en hy fordwynt mei in rop dy't nimmen forstiet. Hwat witte wy fan it lân oer de grins? Is de ivige stilte in ivich liet? Mar dines wie 't bitrouwen fan it bern. Dy't yn my leaut sil libje al is er stoarn dat wie dyn hope, noardstjer yn de nacht en yn dat leauwe koest' dyn ropping oan. Vorige Volgende