Meidieling
Oan de ein fan dit jier sil De Tsjerne syn 20ste jiergong ôfslute. Dit fjirde lustrum sil bitocht wurde troch it hâlden fan in literaire middei en wol op sneon 15 jannewaris 1966 yn Hotel De Klanderij to Ljouwert. Op dizze lustrumgearkomste sil in lêzing mei neibisprek hâlden wurde oer in literair ûnderwerp. De kabaretier Rients Gratama jowl solo-toaniel en fierders is der deklamaesje fan hjoeddeiske fryske poëzij troch in jonge foardraechster en foardrager ûnder muzikale bigelieding fan in jazz-combo bisteande út (âld)learlingen fan de Ljouwerter Muzykskoalle.
Lêzers, hâld dy middei frij! Fierdere meidielings folgje yn it desimbernûmer.
REDAKSJE EN UTJOWERIJ