De ein fan it stik is in oantreasting foar de skriuwer om troch to setten, mar dy oantrún is dan forpakt yn dizze wurden: ‘Het wachten is nu op de volgende roman van Riemersma, waarvan de titel als Wilma Berg (ûndertusken foroare yn By de hannen omt ôf, D.A.T.) reeds bekend is. Het is te hopen dat hij zijn manuscript meteen in het Hollands schrijft. Het voorkomt wachten en moeilijkheden in Friesland.’
Mei dizze slottirade, tinkt my sa, docht Heere Heeresma syn Fryske skriuwersnamme nou just gjin eare oan. Dêr blykt wer ris út, hoe'n sé fan ûnbigryp hieltyd opsetten komt as Hollânske kritisi ûntdekke dat der yn dy tael dêr boppe Swolle dingen skreaun wurde, dêr't men skoan mei by de kreammen fan it Leidse Plein lâns kin. It is deselde út ûnbigryp fuortkommende forwûndering dy't ek oan ien wei opdûkt yn de fraechpetearen dy't Anne Wadman de lêste tiden wol tastiet oan Hollânske deiblêdden. Hwat biweecht sokke jonges-mei-talint en forgriem har formogens oan in tael dy't yn it Westen dochs ûnlêsber is? De jonge Flamingen konformearje barren ommers ek oan de tael fan boppe de Moerdyk, dat hwerom dy dwerse Friezen dan net? Yn Fryslân ha se it lêst der mar mei, hwant har boeken jowe yn dit efterbleaune gebiet oars net as ‘moeilijkheden’ en ‘opschudding’. Dêrom: wolkom, frjemdling!
It is wol spitich, mar it bigryp foar in bining mei forstân en gefoel oan hwat wy noch altyd mei it dúdlike wurd ‘memmetael’ oantsjutte, liket by ús Hollânske kunstbruorren hoe langer hoe mear ôf to stompen. Of is dizze superioriteitshâlding foar in minderheitstael oer oars net as in kompinsaesje fan it minderweardichheitskompleks, dêr't de Hollanner gauris mei oanhelle is as er him biwust wurdt fan it suver wei to siferjen plak dat de Nederlânske tael en literatuer ynnimt tusken dy fan de greate Westeuropeeske lânnen om ús hinne?
Men soe ornearje, syn eigen minderheitsposysje yn ynternasionael forbân soe him opskerpje hwat oangiet de posysje fan in Frysk skriuwer yn it Nederlânske forbân. In bytsje mear helderheit yn dizzen soe ús Hollânske literatuerkritisi net misstean.
Heere Heeresma (of de redaksje) hat syn stik de titel Fryslân boppe meijown. Ek it kiezen fan dizze âldfrinzige striidgjalp út Waling Dykstra's tiden, dy't nou faeks noch hwat neibloeit yn fuotbalstadions, is in symptoom. In symptoom fan ûnkunde foar hwat der yn Fryslân langer omgiet, ek literair.
D.A. TAMMINGA