De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 441] [p. 441] Tiny Mulder: Under peil jawis minhear de jong it is to gek forjeffenis minhear foar hwat ik skreau en dichte mar yn my wie in hiel gek bern de baes in hiel gek bern dat rare snuten lûkt in lange noas útstekt it wol samar hwat boartsje mar né de earnst der tiden en in kwartsje is in kwartsje by jo moat alles echt by jo moat alles echt en slim en deadsgefaerlik nim my net kwea soms laitsje 'k ûnbidaerlik of ik? dat gekke bern dan hè dat noait to smoaren is dat noait to smoaren is as it him slagje mocht jou festjeknopen en dy fan jou besgroentsje los to pjukken hwat foun er dan in âlde hear mei nukken of ek sa'n fuoi-ûnsjoch folslein mesjogge bern folslein mesjogge bern dat mar ien eangst bifangt soe ek de hear fan himel en fan ierde krekt lyk as jo ús drege earnst gebiede soms reitsje 'k yn panyk mar sjoch syn skepping oan [pagina 442] [p. 442] mar sjoch syn skepping oan de fûgel mei it reade poeha-boarst de kikkert is dy even goed gek skepen en de komike mandril en dat bist mei fuotpaedstrepen sels cork hie it sa komysk noait bitocht jawis minhear de jong 't is fiersto gek forjeffenis minhear foar hwat ik skriuw en dichtsje mar yn my is in hiel gek bern de baes Vorige Volgende