tredde fragmint, dêr't it izer, faeks mei men sizze: de technyk, foar it lichem oer stiet, der in tsjinstelling mei foarmet.
It is it abstrakte part fan de minske (stimmen, wurden ensfh.) dat de technyk fuortbringt en ek sels troch de technyk droegen wurdt (de hollen fan izer tôgje geasten).
14-18: Hjir is de dichter wer allinne mei it twade thema dwaende. De technyk komt hjir net yn foar, lykas yn fragmint trije en fjouwer de leafste net foarkaem.
De tsjinstelling tusken it technyske en it lichaemlike, dy't yn rigel 8 mei safolle wurden útsprutsen waerd, is hjir wol oan 'e oarder, foarsafier't it klepperjen fan de fuotten by de douns ek de funksje hat fan kontrasteffekt foar it skuorren fan de motoaren oer. Ynsté fan de hollen fan izer, dy't de geast tôgen, krije wy nou ‘it sulver fan it forstân’ - in edel metael! - dat him net fan it lichem forwideret, mar yn it lichem ynkarneart, om mei de triennen fan it lok to fordampen.
De suggesty fan it konkrete yn dizze passaezje wurdt noch forhege troch it ‘wetter-eftige’ fan de brûkte bylden: rein, rane, triennen, fordampe.
19: Ek de psalmen binne foar in great part dounslieten.
20-24: Dit fragmint, dat yn sekere sin de théory jowt by de praktyk fan it foarige, is allinne to bigripen, as wy bitinke, dat de tsjinstelling tusken technyk en lichem him yntusken yn it lichem sèls fuortset hat. De ‘holle’ is it wurd dat foarkomt yn it fragmint oer de flatgebouwen en motoaren (10-13). De fuotten komme foar yn it stik oer de douns (14-18). Hja binne dus yndie faninoar skaet en de dichter neamt har dan ek ‘kategoryen’. Dat binne de meast algemiene bigripen, dy't men net ta-inoar werom bringe kin. De sin ‘twa kategoryen yn 'e romte’ is dus de neijere útliz fan de sin: ‘holle en fuotten binne skaet’. De sin ‘mar de leafde is de tredde, de forbining’ liket my de essinsje fan it fers dat foar myn gefoel in leafdesliet is. Ik assosiear dizze sin ek mei de bikende útspraek yn it nije testamint: ‘mar de greatste dêrfan is de leafde’ (1 kor. 13, fs. 13).
25-30: ik fyn dit it meast komplisearre part fan dit fers. It liket my wer kommintaer to jaen op de forbining, dy't de leafde tusken holle en fuotten, tusken it technysk-abstrakte en it lichaemlik-konkrete ta stân brocht hat. It mysterieuze wurd ‘tinkwetter’ soe dy ienheit symbolisearje kinne, hwant it wetter hat faeks to krijen mei it floeibere út fragmint 14-18. Dit tinken dat ien is mei it libben assosieart de dichter mei it monotone en heazige lûd fan seachmesinen.
Hwat rigel 27 oanbilanget is faeks wichtich dat de tiid en de forgonklikheit - ‘yn sûzjen fan bistean en foarbygean’ -