De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 429] [p. 429] Sjoerd Spanninga: De moralisten It libben boetsearret hieltyd wer nije koppen en dat wurdt sa njonkenlytsen in treastlike gedachte hwant de moaiste bungalow is amper mear as in forsierde deakiste fan redwood en satyn by eintsjebislút mar salang as de lêste profeet alhiel ûntbleate fan idelens en falsk bidoelen biendroech de biddelnap útslikket foar de leauwige skare dy't er seinet mei syn forwurvenheden in stiich op 't seare each en dus in fatsoenlik spuipot ta syn foldwaen hat ûnder de arkaden en kolommen fan syn liifblêd dêr't er him fortsjinstlik yn útflybkje kin wiist it noch net sa min mei de seden fan siger en de trubbels fan harke - inkeld de okse en de ezel dizze beide boerehufters opjown en ôfskreaun troch alle healwoeksen flapdrollen en frisse strebers by de eksklusive artystekroech ik zijk wel uit traepje soargeleas oer de kronkelingen fan de kultuerdragers hinne en struilje ider wurd to neate dat har heil bisiket in skabeljeus en skoftich stikje bûten roai fansels of dogge simpelwei har meditaesje yn de doarpskronyk [pagina 430] [p. 430] as 't tafallich sa útkomt in rikjend tankoffer sûnder dat hja fierders folle notysje nimme fan de papieren pedagogen en har business om't it ek bûten har om wol ekselsior giet nei it bruorskip op ierde... [pagina 431] [p. 431] Bloed is mar bloed... It blaffen en it paffen hâldt mar oan it minskdom kriget nea genôch fan 't moardzjen alteast de machten dy't de skeinde findels drage fan it rjocht sa giet it praet de flinke broeken dy't de tsjinst útmeitsje en mei muzyk de legers en de floaten yn biweging bringe al skikke hja humaen harsels leafst bûten skot dit sil dan tink de evolúsje wêze dêr't men it sa drok oer hat en sûnder mis fjildslaggen geane gauris fóár de baet polityk is dynamyk (of dynamyt) by elke naesje mei hwat selsrespekt dat as de modder en it bloed wer ta fonteinen springe en de sé dy waeit in reade flagge yn 'e joun dan is dit in forbliidzfend teken... sadwaende docht it jin gjin nij de moaije dingen komme tagelyk nei foaren sneuvelt men in bytsje yn 'e skiednis om: the American way of life yn Vietnam eksplosy's fan minsklikheit mei napalmbommen lazy dogs en gas tusken de rattelslangen fan de mitrailleurs en sok fredich dzjungelfolk - sels de dominikanen dy earme bliksems [pagina 432] [p. 432] litte hja mar muoisum los sa ynlik is men mei har hell bigien hwant frijheit is it heechste goed op 't jild nei en etcetera - wylst lêze de russen sjineeske leginden sa simpel en bikoarlik soms fan sentimint dat it meilydsum moed sifelt har suver troch de izeren tosken en ûnder de hoera-petten fan ús alte kameraden marsearje wer nije soldatelieten op itselde stomstampende ritme fan foarhinne - de raketten wurde almar greater en de tanks ûnbidiger it is formidable seit de gaulle hwat ús noch allegear to wachtsjen stiet oan wûnder en gewelt ek witte de kanûnen en torpedo's sa perfekt en treffelik to sjitten dat de gloarje is in lust - miljoenen sille aenst de seine fan de chemyske technyk noch fiele oant hiele foltsen stil fan tankberens de ierde tútsje as woene hja foar ivich sa wol lizzen bliuwe - o ja - ha mar gjin noed it komt wol goed bloed is mar bloed... [pagina 433] [p. 433] Sjineesk antyk De joun hat syn gloarje oan 'e kym úthongen as de mantel fan in mandarein earne skildert it wetter in earm gehucht en waeijert it wei... syn neakene need wurdt de fûst fan in rots - dan pylgert de dei in âlde kleastermuorre it dizige paed dat de flearmûs giet en de stilte it blauwe peslein heint djipsjongend de klank fan in gong - kraenfûgels roeije op sidene fearren de loft ta wémoedige tinten - yn de kostbere kûm leit de moanne in frucht reafallich en ryp - de nacht sliept gielglânzfend op útbloeide stjerren. [pagina 434] [p. 434] Fers De joun lit syn pinsielen yn it wetter knoffelje dat de kleuren floeije alle kanten út it fjild wurdt gurdle mei in fjûren koarde - de sleatten brânne read en goudzjend troch it reid fan de stilte. Snipers Hie 'k jou briljante kop mynhear dat heech i.q. en sokss'hwat mear alteast - jou hoarnen en jou wiif wy waerden grit in lokkich pear. * * Och hearken hwat in haest mefrou aenst falt de tonge jo noch flau en mist de snappert syn fortier - dat lit de ka mar út 'e kou. Vorige Volgende