| |
| |
| |
Inne de Jong:
Trochbraek of krisis?
Doe't ik yn it aprilnûmer fan De Tsjerne Jo Smit syn antwurd oan my dêr't er Danse macabre boppe set hat, lies, wie myn earste réaksje: hâld der mei op, wy prate byinoar lâns. Mar de kwestje dêr't it om giet is bilangryk genôch om dochs op in pear haedsaken even werom to kommen. Miskien kin earne in misforstân hwat trochsichtiger wurde. Wy sille it grif net optein iens wurde, mar dat bifoarderet krekt de dynamyk fan it libben.
Earst in pear notysjes yn de marge. Ik ha blykber (sûnder euvelmoed lykwols) Smit syn ergewaesje, sels syn grime oproppen. Ik krij tominsten forwiten oer myn ûnnoazelens en inkele réalistyske leksums. Mei in assosiaesje oan it founis fan Ter Braak en Du Perron oer Dirk Coster neamt er op side 131 myn stik in ‘gearmjuksel fan alles dêr't hy (Ter Braak) him tsjin keard hat’. En dan folget in rige literaire deasûnden, dêr't ik my oan skuldich makke hawwe soe. Ik bin der net fan ûnderstboppest. Min ofto mear ketter fan aerd en oanstriid bin ik stadichwei ymmún wurden foar anathema's, oft se nou fan tsjerklike, politike of literaire preekstuollen komme. In ‘Seitenhieb’ lyk as ‘al haw ik fansels net de bilêzenheit en de bisjoenheit fan Inne de Jong’ leit ek hwat ûnder it nivo fan in saeklike diskusje. It soe in lyts kunstke wêze en bigjin nou ek mar mei banbliksems to slingerjen. It is my krekt hwat to lyts. It forswakket de argumintaesje en boppedat wurdearje ik de skriuwer Jo Smit genôch om by in mieningsforskil mei him gjin forlet to hawwen fan in épater le bourgeois.
Ik bin ûndertusken bliid dat er my ‘as iepenbiere figuer en as idéalist’ tige heech hat. Ik hie ek krekt in sifer fan in oare kant krigen en dat wiisde net sa bêst. In moraeltûter yn De Strikel (deselde dy't Fedde Schurer út de ring keare woe om't er net foldocht oan de noarmen fan syn seksuéle herbiwapening) neamt my in omke-eftige figuer oan hwaens forstân er twivelet. De kombinaesje idéalist-idioat is nijsgjirrich genôch om der wiis mei to wêzen.
Mar nou ta de saek en allerearst nei in misforstân oan 'e ein fan Smit syn artikel. Us literatuer hat forlet fan posityf talint, hie ik skreaun. Hwat sa'n simpel sintsje mei in ‘profetyske hâlding’ to meitsjen hat ûntgiet my folslein. Slimmer is lykwols hwat der folget: posityf talint dat is nou krekt hwat bloedhounen as Hitler en Stalin ek easken, doe't se de frije kunst- | |
| |
ner út de sirkulaesje trapen. En de bloedhounen krigen har kans fan de kunstbruorren en kunstkenners dy't de moderne kunst to liif gyngen. In aerdich selskip dêr't Smit my mei konfrontearret. As ik oan syn goede bidoelingen twivele, soe ik hjir yn it gewear fleane. Nou freegje ik allinne: mei ik in wurd as ‘posityf’ en bygelyks ‘demokraetsy’ noch brûke? Of is dat forbean om't de moardners der mei omknoeiden? As Smit my as ‘iepenbiere figuer en as idéalist’ heal ken, kin er ek witte dat de mentaliteit dy't er hjir signalearret, foar my in fjouwerkant fijannigen-ien is. Ik ha net oars bidoeld as: wy hawwe forlet fan in literatuer dy't de muoite wurdich is foar Fries en net-Fries. Ek al mocht der in figuer út de sompen opbuorrelje, noch mear yn de bisnijing fan de roken fan urinoir en bloed as Jan Cremer blgelyks, dan soe dit noch gjin saek foar polysje en justysje wêze. Yn it skaed fan in goede literatuer stjert sa'n forskynsel wol syn eigen dea. Smit syn warskôging wie oerstallich.
Ik ha, troch min lêzen, Smit syn útgongspunt net bigrepen, seit er. De termen abstrakt en non-signifikant hat er net bidoeld en net brûkt, it gyng allinne om de tsjinstelling réalistysk njonken net-réalistysk. Goed, ik wol dat wurd non-signifikant mei fleur falle litte en dan siz ik: de tsjinstelling tusken âld en nij, yn syn artikel identyk mei min en goed, is my fiersto absolút en is ek perfoarst net wiermakke. Smit idintifisearret hieltyd réalistysk mei âld en net-réalistysk mei nij en modern. Utspraken lyk as: ‘âlde en nije kunst, hja slute inoarren út, sa tige binne hja beide yn har idéaliteit to karakterisearjen’ -, ‘abstrakte kunst is yn biskate opsichten folle konkreter as figurative’ -, en dan fierders it founis oer de âlde lettré en safolle tradisionéle kunstners mei har profetyske pretinsjes en estétyske ûnmacht, de deagnizerij om Tachtigers en Jongfriezen, de stelling dat de modernen de wei iepenbrutsen hawwe nei de estétyske ûnderfining, l'art pur -, al dizze dingen brochten my ta de foar de hân lizzende fraech: yn hokker tiid fiksearret Smit de skieding fan de geasten? Hy seit wol dat yn Hollân de ‘boargerlike ûntjowing’ al bigjint by Jacob van Maerlant, mar net hwer't hja globael-wei ophâldt en de revolúsje bigjint. As er in tiidrek en hwat represintative nammen hie, soe er dúdliker west hawwe. It leit hjir net allinne oan myn min lêzen.
Smit is net yngien op myn biwearing dat profetyske pretinsjes (lykop geand faek mei artistyk ûnformogen) gjin monopoalje binne fan Tachtigers, Jongfriezen en oare tradisionélen, mar dat de modernen mei deselde krupsjes oanhelle binne. Ik
| |
| |
mien sels dat it forskynsel hjoed sterker opfalt as eartiids en soms absurde foarmen oannimt. As it wier is, dan forfalt dêrmei in swiere oanklacht fan Smit tsjin de âlde kunst. In oanklacht dy't it ûnderskied tusken âld en nij reliëf jaen moast. Ik ha in pear foarbylden jown en om't ik dit aspekt fan de saek yn forbân mei Smit syn hiele théory bilangryk achtsje, folget hjir noch ien.
Yn Het Vrije Volk fan 19 oktober 1964 stiet in ynterview fan Willy Levy mei Cornelis Bastiaan Vaandrager fan Gard Sivik, it nijste fan it nije yn Hollân. In pear útspraken fan Vaandrager:
‘Gard Sivik is een blad van een stroming. Als iets goed is nemen we 't op, maar tja, er komt niets binnen, niets goeds, we worden alleen maar overstroomd met werk van pure volgelingen... omdat wij te goed en te nieuw zijn voor al die anderen...’
Hy jowt twa gedichten fan himsels as foarbylden fan dat goede en nije:
‘Ik loop op straat en ik hoor een jongen roepen tegen een voorbijgaande moeder en dochter: Hee moeder: als je je dochter verloot, krijg ik dan een lootje? Dat isoleer ik en zet ik tussen aanhalingstekens. En er boven zet ik: “Het seksuele leven”. Dit is wat wij Nieuwe Poëzie noemen.’
In oar gedicht út de syklus Het seksuéle leven: Er gaan twaalf domme blondjes in een dozijn en 144 in een pros... ‘Dit is gewoon een exacte constatering. Leg dat nu naast de wartaal van de 5-tigers. Dan zult u duidelijk het verschil zien...’
Fan profetyske pretinsjes sprutsen. Fan rankune wol ik hjir net iens mear prate. Dizze pretinsje is it stadium fan de rankune al foarby. It is suver in sereen leauwe wurden yn eigen autoriteit, in foarm fan literaire mystyk. Men soe it ek romantyk yn syn heechste potinsje neame kinne.
Yn myn earste artikel haw ik sein dat de strideraesjes en de forhûddukerij fan wjerskanten by de modernen wolris yn forbân stean koene mei in jammerdearlik polityk analfabetisme. Ik hie der foaral de epigoanen op it each. Mar Cornelis Bastiaan Vaandrager is gjin epigoan, hy is ien fan de lieders fan de jongste avant-garde yn Hollân. Hy hat it ek net allinne oer de poëzij. Hy fynt Vestdijk ‘onleesbaar’ en mient dat der noch mar twa goede skriuwers yn Hollân binne: Willem Frederik Hermans en Gerard Kornelis van het Reve.
As men de fulgaire tsierderij fan de lytse goaden eliminearret, dan koe dit repetearjende eksperimint, elk mei syn eigen
| |
| |
pretinsjes en profesijen, wolris symptoom wêze fan in situaesje dy't bilangriker is as de tsjinstelling dêr't Smit sa sterk de klam op leit. Is it net mooglik dat men mei de ‘allerindividueelste expressie’ (der't ik sa'n tachtiger wurd om siz) yn in wetterfal fan bylden út it ûnderwêsten wei, dy't faek allinne tagonklik binne foar in lytse ploech fan ynwijden en útkarden, op in grins stuite is, in izeren gerdyn sûnder gat? Dat men mei it autonome kunstwurk yn in krisis rekke is en biwust of ûnbiwust siket om transparanter foarmen, in klearder artistyk idioom, in kommunikativer kunst, dy't greater rounten oansprekt?
Yn Smit syn fisy komme dizze fragen blykber net oan de oarder. Oer krampen en krisis by de modernen gjin wurd yn syn beide artikels. De skieding fan de geasten leit by him op 'e brekrânne tusken âld en nij, réalistysk en net-réalistysk. Syn krityk rjochtet har eksklusyf tsjin de âlde kunst as stânyn-'e-wei foar de estétyske ûnderfining, syn lof is foar de nije dy't fia de forfrjemding en de ûntminskliking de estétyske oandwaning réalisearret. It is my allegear hwat to iensidich, to rjochtlinich, to... idéalistysk. Dit hat neat to rêdden mei de fraech oft ik moderne kunst wurdearje kin. Ik kin kunst wurdearje, âlde en nije. Myn biswier giet tsjin de strakke skematisearring, tsjin in to absolute tsjinstelling, tsjin in suver romantyske partidigens. Ik freegje my ôf: komt de estétyske ûnderlining better ta har rjocht yn The Severed Head fan Iris Murdoch as yn Wuthering Heights fan Emily Brontë? Better yn De hond met de blauwe tong fan Jan Wolkers as yn Lady Chatterley's Lover fan Lawrence? Smyt Karel Appel hjir heger eagen as Gauguin? Heart Douwe Tamminga by de âlden, Steven de Jong by de nijen?
It is boppedat foar my de fraech oft de kontroverse dy't Smit sa skerp stelt, by de moderne kunstners sels tige aktueel is. De kaerten lizze nuver trochinoar. De minsklike foarmen sille oan stikken, ynsafier binne de modernen byldestoarmers, seit Smit. Mar guon jonge figurative skilders binne wer tige foreale op 'e minsklike foarmen. De klassike skientme koe de ieuwen troch ‘as de greate forlieder mank ús omgean’, stelt Smit. Mar as Vaandrager biweart dat er folle better skriuwt as Wolkers, dan motivearret er dat sa: kwaliteitsprincipe tegenover kwantiteitsprincipe, klassiek proza tegenover modieus proza. De allermodernsten hâlde it wer op klassyk proaza.
Tige nijsgjirrich is de fisy op de moderne poëzij fan Peter Berger, ien fan de jongste en sûnder mis ek ien fan de knapste essayisten yn Hollân. Dit foarjier is fan him útkomd Paradox,
| |
| |
profiel van een generatie, in karlêzing út de poëzij fan de Sechstigers. Yn syn ynlieding skôget er de ûntjowing nei in hieltyd konsekwinter romantyk.
Smit motivearret syn théory oer de estétyske ûnderfining by de modernen û.m. mei in útspraek fan Nietzsche: Man ist um den Preis Künstler, dasz man das, was alle nicht-Künstler ‘Form’ nennen, als Inhalt, als ‘die Sache selbst’ empfindet. Dermei hat Nietzsche de estétyske ûnderfining moai krekt oanjown, seit Smit.
Dit bikende ienheit-fan-foarm-en-ynhâld-prinsipe is ien fan de haedsaken yn Berger syn essay. It hat (en dêrmei stiet er fjouwerkant foar Nietzsche en Smit oer) de poëzij op dead spoar brocht. De Tachtigers hawwe it konsekwint tapast en de Sechstigers, hoe ûnromantysk en saeklik har ‘concrete’ en ‘objectieve’ poëzij ek liket, hawwe it (en tagelyk de romantyk) ad absurdum dreaun. The poem for the poems sake, l'art pour l'art hat op 'en dûr it autonome kunstwurk skepen, dat yn en út himsels bistiet, in ding ûnder de dingen, in foarm ûnder de foarmen, in souverein fenomeen, ‘de uitdrukking fan het goddelik karakter van de poëzij’. Dêrmei is de dichter oan de ein fan syn romantysk latyn kommen. It persoanlike yn dizze poëzij is allinne noch de persoanlike miening fan de dichter dat it gedicht unpersoanlik is. De lêste ynhâld is de forklearring dat it gjin ynhâld hat. Dizze poëzij kin allinne noch harsels bisjonge en is totael losslein fan har kommunikative funksje. ‘Wij staan met de rug tegen het woord, de autonome poëzie heeft haar eindpunt bereikt. Men kan niet verder. Het is “de taal van de dode” geworden...’
Yn dizze situaesje steane de Sechstigers en hja sykje om in útwei.
Ik siz net dat Berger it lêste wurd sprutsen hat, al sprekt er my sterker oan as Smit. Ik wiis der al op dat yn dizze nijsgjirrige skôging fan in jonge kunstner inkele haedstellingen fan Smit: de definitive skieding fan de geasten, de ûnbitinge superioriteit fan de nije kunst en de positive wearde fan it ynhâldforneatigjende foarmbigjinsel, falle. Wie it sa frjemd dat ik yn myn earste artikel sei: it skimert my wolris as ik de skôgingen fan deskundigen oer de situaesje fan de moderne kunst forgelykje?
Ik kom noch even op Smit syn farce-théory, om't farce in kaeiwurd is yn syn artikels. As de kunstner Jo Smit yn in noat by syn essay de fraech stelt dy't him blykber heech sit, oft it de goede smaek wie dy't Adam ta de apel brocht, dan kin men de grap mei de teannen taeste. Mar Guernica is in oar
| |
| |
gefal. Smit is bliid dat ik it neamd ha om't er hjir it farceprosédé dúdlik yllustrearje kin. Ik bin bliid dat er der op yngien is om't syn ûndernimmen hjir dúdlik mislearret.
It soe neffens Smit natuerlik west hawwe as Picasso oanienwei godfordomme roppen of yn Spanje de dea socht hie yn in machteleaze striid tsjin it bist. De kunstner lykwols réagearret mei in kunstwurk, hwat kunstmjittichs, alhiel net adekwaet, in farce.
Ik nim oan dat Picasso yndied út it djipst fan syn siel wei flokt hat, miskien wol ûren lang. Faeks hat er der ek oer tocht tsjinst to nimmen yn it Republikeinske leger. Mar by wie 55 en grif in min soldaet, dat bisykjen soe folslein ynadekwaet west hawwe, likegoed as syn flokken. Geny dat er is, biskikte er oer in sterker wapen tsjin it bist. Mei syn oangripend kunstwurk hat er it oanklage foar it foarum fan de wrâld en fan de tiden. Sterker as de trochsneed krantelêzer hat er it leed fan de slachtoffers en de misdiedigens fan de fascistyske moardners field. Ut dy solidariteit en út dy grime wei hat er Guernica skildere. Hwat kunstmjittichs, seit Smit. Goed, as men dan ûnder kunstmjittich mar forstiet: nei de mjitte fan de geniale kunstner. Alhiel net natuerlik? Foar dizze man de natuerlikste réaksje. In farce? De wurdboeken dy't ik ha fortale farce allegear mei grap. Ek as ik oannim dat it wurd yn it literaire fakjargon in hwat mylder bysmaek krigen hat, freegje ik: Guernica in farce? Né, in gleon protest. In adekwaet protest? Picasso hat witten dat er ta in adekwate útbylding fan it satanysk drama net komme koe. Likegoed as Gerrit Achterberg wist dat er ek ‘voorbij de laatste stad’ it lêste wurd dêr't er om socht net fine soe. It geny ken syn grinzen. Mar de skilder is de grouwélige réaliteit sa deun mooglik bynei kommen en sa is Guernica wurden in bliuwend j'accuse, in document humain, in symboal. Dit is mear as it produkt fan in great talint dat yn de loftraid op it stedtsje Guernica in oanlieding foun, hjir stiet in fint efter, de minske Picasso mei syn hiele siel en hertstocht. Protest en farce slute elkoarren hjir út.
As Smit seit dat myn réaksje op Guernica as in ‘oangripend’ stik slacht op de estétyske ûnderfining, dan past dat yn syn théory. It is lykwols op syn heechst in heale wierheit. Guernica bringt by my mear yn biweging as myn orgaen foar skientme. It rekket ek myn éthyk, myn polityk, myn hate myn solidariteit. As ik hjoed op krantefoto's de forskroeide gesichten sjoch fan Vietnameeske bern dy't yn it fjûr fan de fosforbommen stien hawwe, dêr't Amearika kristendom en frijheit mei yn Azië bringt, dan is Guernica foar my in symboal. Lyk as ek Ver- | |
| |
woeste Stad fan Zadkine. Wol Smit dit Rotterdamske monumint ek fia de farce forklearje?
‘Forfrjemding’ is in oar kaeiwurd dat my hwat frjemd bleaun is. Om't Smit forfrjemding sjocht as in biskiedende funksje yn it skeppingsproses fan de moderne kunstner, hie er it bigryp hwat neijer taljochtsje moatten. Ik ha even tocht dat er de distânsje bidoelde dy't de kunstner meastentiids fan syn objekt nimt. Mar dat wie in forsin, hwant dy distânsje is gjin spesifyk modern forskynsel en krekt hwat oars as forfrjemding, dy makket it objekt trochsichtiger.
Smit freget hoe't ik réagearje op de Ljouwerter kou. De jierren dat ik yn 't boerebidriuw wie haw ik altyd mei wille molken. Sûnt hat it fenomeen kou myn waerme sympathy hâlden. As ik yn Ljouwert ‘ús mem’ sjoch, glimkje ik tsjin har as in âlde kunde, mar myn gemoedsrêst wurdt net forsteurd fan estétyske oandwaningen. Smit ferget my noch al en freget: hwerom net? Ik ha my der nea rekkenskip fan jown en lit de analyse graech oan him oer.
Dat wy ûnder estétyske ûnderfining net altyd itselde forsteane sil wier wêze. Smit bringt syn réaksjes op Kafka bygelyks ûnder dy iene neamer. Om't dat by my net it gefal is, mient er dat Kafka my ûntkomt. Dat is in misforstân. Poe syn grouwelforhalen jowe my estétyske ûnderfining en net mear. Dat strykt ek wol mei de skriuwer syn eigen forklearring: ik skreau se ‘for mere pleasure’. Ik lês dy forhalen ek for mere pleasure. Mar Kafka syn Prozess liket my mei bloed skreaun to wêzen, yn alle gefallen út in binearjend fisioen wei. Wylst ik de konstruksje biwûnderje, ûndergean ik it as in nachtmerje.
By einsluten: Smit is optimistysker en idéalistyker as ik. Foar him is yn de kunst it âlde en breklike yn it foarbygean. Mei de moderne réalisten brekt in nij tiidrek oan, dêr't de kunst yn suvere wêze sil fan profetyske pretinsjes en oare skealike byforskynsels. It giet nou fia de forfrjemding, de ûntminskliking en de farce om klearebare estétyske ûnderfining, l'art pur. De goede smaek hat gjin funksje mear.
Ik twivelje oan it skema en noch mear oan syn aktualiteit. Ik sjoch gjin bifrijende trochbraek, wol in swiere krisis. En dy krisis yn de literatuer is symptoom fan in eksistinsiélen-ien, dy't gjin wolfeartssteat en gjin jacht op statussymboalen kamoeflearje kin. Wylst ik dit skriuw fortelt Gordon Walker foar de radio dat de kâns op in greate oarloch mei China hieltyd tichterby komt. It tekent ús tiid tusken Auschwitz en de driging fan in universéle kremaesje. Hat de kunstner der hwat mei to rêdden? Alles, as er tominsten gjin nuete konformist of in
| |
| |
ivoaren-toer-biwenner is. De fraech nei de bitrutsenens fan de kunst op eigen tiid en situaesje liket my hjoed folle aktuéler as de théory fan in absolute tsjinstelling tusken réalistyske en net-réalistyske kunst. In romantyske l'art pour l'art-poëzij dy't allinne noch mar om eigen as wintelt is in krisisforskynsel. In folle faeijer gefal is it mei biskate produkten fan jonge Hollânske romanbakkers dy't neat mear to sizzen hawwe. De leechte wurdt dan opfolle mei like binypte as ûnnoazele sekserupsjes en faek mei in bluodrich sadisme. Klaas de Wit skreau ris ( as 't my net mist yn Maatstaf): ‘Crematorium-cremertorium, what is the bloody difference?’ Mar, en dat is miskien wol ien fan de slimste krisisforskynsels, yn 't algemien is de literaire krityk, dy hiemdogge en hoedster fan de literatuer, hjir tige mijen. Om de boat net to missen? Hokker boat?
Hwat kant geane wy út? Ik foar my hoopje de kant nei in kommunikative, funksionéle kunst. Net forfrjemde fan alle oare funksjes, mar yntegrearre yn it minsklik bistean en yn de situaesje fan hjoed. Dêr't Nietzsche en Schiller ynsáfier net mear by to pas komme, dat it dogma fan de ynhâld-forneatigjende foarm oerwoun is. De moderne kunstner fan Smit bisiket mei opsetsin ‘it direkt-minsklike krekt bûten syn wurk to hâlden’. De man dy't ik bidoel sil ûnder it biwâld fan de statistyk, de strateech en de generael op syk gean nei de minske. Yn de tiid fan raket en robot sil it him yn earste en lêste ynstânsje om de wierhaftige minsklikheit to rêdden wêze. Dat is de forhoalen réaliteit dy't er siket yn in wrâld, dy't yn in rêd timpo ûntminsklike wurdt. Fansels sil dizze kunst révolusionair wêze. In modern kunstner hat dizze dingen (en noch mear) gearfette yn de treflike definysje: ‘Poëzie is een het bestaan doorlichtende denkvorm’. Forbreedzje it wurd poëzij ta literatuer of kunst: in kunst dy't ús bistean trochljochtet. Kin men mear forwachtsje of mei minder tofreden wêze?
|
|