De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 418] [p. 418] Jan Eisinga: Lytse romance Earms dy't misse en in lichem sûnder foarm in byld leit ûnder yn 'e wiete wettersé ivich glimkjend yn 'e djippe dream Stadich forwege de skaden har weake leafdefingers streakje de ieuwen troch fortrietlik en stil de langforstoarne stien fortrietlik en stil omt hja net risse kinne hwat harres dochs is. [pagina 419] [p. 419] Ljochtmoanne In sêfte han woe 'k wêze, waerm en licht op har antlit, licht as in fûgel maitiids op it nêst en oer har lichem giene myn fingers fuotsjend har wegen. Ljochtmoanne en de fiere wyn omfiemen ús dy nachts en wy dounsen stil ús leafde neaken, baeiden yn 'e wazem fan 't hjitfolge bloed oant taestende tûken optlêst it moas forlearen yn har ekstatysk strunen en se waerden wreed. Togearre flechten wy yn 't great ûnthjit dat lei yn 'e wyn mar mei it lêste moanneljocht, wankend wif op klearjende kimen, waerd hja wei yn 'e skyn fan wer in nije, kâlde moarn, dêr't gjin dream sa tear yn wêze kin. [pagina 420] [p. 420] Nacht De beammen hawwe 't opgarre tsjuster foarme to nacht en de wrâld is twa minsken great. Under myn lippen slacht wyld har bloed wyld en waerm as mines en yn 'e skaden fan har lichem bin ik it ljocht it hjitte ljocht en de streakjende wyn Nou moast de tiid himsels fortiizje yn 'e stjerren. Vorige Volgende