| |
| |
| |
Tiny Mulder:
Ta de kennisse fan de twivel
Teije Brattinga, As in skaed. De Fryske Bibleteek, nû. 105. Utjowerij A.J. Osinga, Boalsert.
Neffens dr. C. Rijnsdorp hat Vestdijk yn syn roman De held van Temesa - faeks sûnder dat Vestdijk soks bidoelde - in bydrage jown ta de yntime kennisse fan de twivel by harren, dy't har oan in biskate earetsjinst, byneed ek de kristlike, as théolooch of ek as gewoan gemeentelid to sterk forboun fiele om dermei to brekken. De al to spitse en subtile geasten fiele gjin forlet fan in banale brek. Har relativisme is sa forline, dat har sabeare dwaen bidraechlik lykje kin op leauwe en trou oan de ûnformongen grounwierheden. (Simmerkursus 1964, Theologische Etherleergang fan de NCRV).
Oan dizze útspraek fan Rijnsdorp moast ik tinke by it lêzen fan de roman As in skaed fan Teije Brattinga. Ek hy leveret - mar dan wól mei foaropsette bidoeling - in bydrage ta de kennisse fan de twivel by minsken, dy't meidogge oan in earetsjinst sûnder der diel oan to hawwen en it dochs net op in brek oankomme litte. De âlde frou Christine Aquina dy't yn Brattinga syn roman har libbensforhael fortelt, heart net daliks by de al to spitse en subtile geasten, dy't Rijnsdorp neamt, mar taa de kategory minsken, dy't har om de leave frede mar hwat meidriuwe litte op de stream fan it biwende tsjerklike ritueel en de itige sede sûnderdat ritueel en sede oait sin en ynhâld krije. Se rinne mei de leauwigen krekt itselde paed troch it libben, se wike uterlik gjin stap fansiden, mar se rebelearje ynderlik tsjin elke folgjende stap en twivelje oan de sin dêrfan. By Christina Aquina oerhearsket de twivel har bistean sa sterk, dat se it hiele libben as sin- en doelleas sjocht. ‘Ik haw der gjin nocht oan.’ It is de roomske tsjerke, dy't troch de âlde frou yn steat fan biskuldiging steld wurdt.
Teije Brattinga hat yn syn roman in earnstich en wichtich probleem oansnien. Lichtwol it wichtichste, dat yn jierren troch in fryske skriuwer oanpakt is, en fêst it slimste. Sa'n great wûnder is it dan ek net, dat Brattinga der yn omkommen is.
Brattinga stelt de twivel foar as in macht, dy't it hiele libben lamleit, en de twivelder as in minske mei in forlamme geast, net by steat ta in halleluja nóch ta in de profundis. Hwat
| |
| |
TEIJE BRATTINGA
Frysk skriuwer, berne 1929
| |
| |
Brattinga Christine Aquina dwaen lit is dan ek suver oars net as har twivel om en om keare, har twivel fan alle kanten bisjen en biljochtsje, mar har twivel bliuwt deselde twivel. Christine Aquina kin der neat mei. De sfear fan it forhael komt oerien mei de libbenswurge sfear oan de ynset fan it bibelboek Prediker. Mar Christine Aquina is de Prediker net. De Prediker giet it eksperimint oan mei it libben en mei de twivel, wylst Christine Aquina it risiko fan sa'n eksperimint noait oandoard hat. Se hellet de Prediker oan:
Der is ien boek út de bibel dat ik wurdearje kin: de wurden fan de Prediker. Ik soe, om to sizzen hwat ik to sizzen haw, hele einen oerskriuwe kinne. ‘Itjinge dat west hat, itselde sil der wêze; en itjinge dat dien is, itselde sil dien wurde, der is neat gjin nijs ûnder de sinne.’ - De man is skerp. Mei sa'n ien hie ik troud wêze wollen om syn flymskerpe geast yn mines prikeljen to fielen.
Men moat wol konkludearje, dat Christine Aquina dan de wurden fan de Prediker noait oan de ein ta lêzen hat. Of leaver: Brattinga hat him der net genôch rekkenskip fan jown, hwat sa'n winsk krekt bitsjut foar krekt de soarte fan twivelder, dy't er fan de âlde frou makke hat: in minske dat al har libbensdagen weromskrille is foar de konsekwinsjes fan har twivel.
Krekt omt dy twivel statysk bleaun is fan de iere jeugd oant de âlderdom ta en omt dy twivel it meast karakteristike fan har is, sjocht Christine Aquina har hiele libben as statysk en wit se bygelyks mei it forskynsel ‘tiid’ gjin rie. Hjirút folget, dat der yn de roman ek gjin fuortgong sit, dat oan de lêzer nei de yntroduksje fan Christine Aquina neat nijs mear forteld wurdt. As de lêzer ienkear op 'e hichte is mei de spesiale geastlike struktuer fan Christine Aquina (se hat gjin sintúch foar it religieuze), mei de soarte fan twivel dêr't se mei libbet, en hoe't se har dêr yn it libben mei rêdt, dan komt der gjin nijs mear. It forhael fan dizze frou hie hiel goed in forkenning of in analyse fan har soarte fan twivel wurde kind. Boeijend hie dat west, ûnthullend faeks. Mar de lêzer wit fuort al, dat it sabeare-dwaen natuerlik wurden is by dizze frou en dan kin it net oars of se is ek sabeare-frou foar Lammert, sabeare-mem fan har acht bern. Al hie Brattinga dizze frou yn noch safolle oare forbânnen tekene (as er in man keazen hie, hie er moatten), it hie altyd op itselde del kommen: sabearedwaen om de wrâld net fornimme to litten, dat dit minske yn wêzen net meidocht, nearne gjin nocht oan hat. Dat sabeare- | |
| |
dwaen liedt ek net to frustraesjes yn dy mjitte, dat der in slach op komme moat. Brattinga hat yn dit stik uterst konsekwint west. Hy hat it paroal: in skriuwer moat him by syn ûnderwerp hâlde, yn safier oan de ein ta trochdreaun, dat er bygelyks Christine Aquina net tastien hat om har optreden yn it libben ek ris to bisjen troch de eagen fan oaren, har man, har bern. Sa skriuwt se bygelyks:
Doe't er (har man) yn 'e stoel sitten gyng to kucheljen en to dokterjen, haw ik him loslitten, haw ik him sitte litten. Sa fielde ik it. Dêr hat hy gjin weet fan hawn.
Dêr hat hy gjin weet fan hawn. As earne twivel op syn plak west hie, dan hjir, mar ja, dan hie Christine Aquina har skepper fan syn sjapiter ôfbrocht. Dat sydljochten bytiden bisûnder forklearjend en forhelderjend wurkje kinne en dat dy ek hiel wol oan to bringen binne yn sabeare autobiografyen, hat Brattinga sa't it liket net bitocht of hy hat der gjin nocht oan hawn en bigjin dêr oan.
Hy wykt likegoed oars faek genôch ôf op sydpaden; dat binne dan echte sydpaden, dy't net wer útkomme op 'e haedwei troch it forhael. Sa freegje ik my ôf, hwat foar bitsjutting yn it forhael it relaes oer dochter Agatha - earst stripteasedounseresse, letter non - hat. Agatha hát wol fan har mem. Wol Brattinga mei dizze dochter Agatha oantoane hokker mooglikheden der ek west hiene foar Christine Aquina as se har twivel mar oanfurdigje wold hie en dêrmei de wei nei de genêzing iepenlitten? Dat blykt net út it forhael. En moast it biwiis fan it nutteleaze fan alle arbeid, dy't der arbeide wurdt ûnder de sinne, perfoarst levere wurde mei it omstannige, frij forfelende forhael oer Pyt Rapper? Goed, jo kinne as skriuwer fansels de skuld fan it jeuzeljen jaen oan de âlde Christine Aquina, dy't nou ienkear dwaende is har oantinkens op to skriuwen en dan mar fan alles oeralhellet. Mar likegoed as Ypk fan der Fear forantwurdlik is foar Kobe yn Ek in minske en Wadman foar Eelkje yn De smearlappen, is Teije Brattinga forantwurdlik foar de skriuwerij fan Christine Aquina. Hwer soe de krityk bidarje, as men net mear oan kin op 'e namme fan 'e skriuwer op 'e butenkant fan in roman!
Christine Aquina fynt yn har oantinkens oan feiten út har libben hieltyd oanlieding to filosofearjen oer har réaksjes op ritueel en leare fan de roomske tsjerke. Se freget nei de sin en de bitsjutting. ‘Dy haw ik noait foun.’
| |
| |
Se komt to konklúzjes en stelt fragen dy't der net om lige: it leauwe is in erfenis; it leauwe is in gefolch fan ‘conditioning’; it leauwe is in seary hanlingen; hoe moat ien dy't fan aerd net religieus is?; men kin net libje ûnder de swipe fan hellestraf en deasûnde; ik wit net fan hope op ljocht nei de dea; it bitsjinjen fan in stjerrende is poespas, de pauslike seine in klucht; it libben hat gjin sin.
Christine Aquina wit der oars gjin replyk op as ‘ik hie der gjin nocht oan’, ‘ik haw der my foar ôfsluten’, ‘ik koe der net mei libje’, ‘it seit my neat.’ Mar de wierlik bilangrike fraech foar in twivelder, dy't syn hiele libben snein oan snein en op hjeldagen nei tsjerke reizge is, hûnderten preken oanheard hat en tûzenen kearen in gebet alteast biharke hat, de fraech dy't tinkt my alderearst opkomt by sa'n twivelder is: hwa is God, hwa is Kristus, dy't ús elke snein forkundige wurdt, hwat ynhâld hawwe genede en forjeffenis, dy't pastoar preket?
It liket my in enoarme omissy fan Brattinga, dat er Christine Aquina alhiel net op dizze earste en wichtichste fraech brocht hat. Net om miskien ynkear mooglik to meitsjen by dizze frou, mar gewoan omt ek by twivelders de bilangrykste fragen earst komme. Dêrom kin ik mar net leauwe yn de echtens fan dit minske. Se is troch de skriuwer coupeard by har fraechstelling.
Of moat ik hjirút opmeitsje, dat it Christine Aquina sels is, dy't har foar de fraech nei God en nei Kristus weiwynt, om oan 'e ein fan har skriuwerij en oan 'e ein fan har libben dochs noch ta de twivelriedige winsk to kommen:
Opnomd wêze yn de stream dy't ús meifiert, alle minsken mei har illúzjes en simpele beuzichheden nei datjinge dat dit irréële bistean sin jowt. Nei dat of Him. Ienkear leauwe to kinnen, dat is oerjefte. - Ik kin it wurd, ik kin, ik kin it wurd hast net mear lêze: oerjefte. Nou. Nou.
Teije Brattinga hat mei it weilitten fan de eksistinsiéle fraech nei de relaesje tusken de twiveljende minske en God de kâns slûpe litten om in werklike bydrage to leverjen ta de kennisse fan de twivel fan de Christine Aquina's yn de roomske en alle oare tsjerken. De twivel oan sin en doel fan gâns ûnderdielen fan de roomske liturgyske praktyk is ûnder net-roomske kristenen sa algemien, dat dyen foar in great part meifiele kinne mei Christine Aquina en dan opmerke: mar dat rekket ommers de kearn fan it Evangeelje en de kearn fan it leauwe net?
Lichtwol moatte wy dit wurkstik fan Brattinga lykwols sjen yn it ljocht fan it proses fan ôfbrekken, op 'e nij ûndersykjen
| |
| |
en op 'e nij opbouwen, dat geande is yn ûnderskate tsjerken, net it minste yn de roomske. As in skaed is dan in bydrage ta de ôfbraek en as sadanich is dit boek wol boeijend en bytiden forbjusterjend, lyk as in brân forbjusterend en boeijend tagelyk is. En dan wachtsje wy gleon binijd ôf, hwat der nei it pún- en jiske-oprêdden foar nijs opboud wurde sil. Wy libje yn in fascinearjende tiid, binammen ek op it gebiet fan de théology. De tsjerke fan Kristus op ierde doart wer hwat oan, sels risiko's. De roman fan Brattinga is dêr in symptoomke fan. Namsto mear deart it my oan, dat Brattinga dit ûnderwerp net serieuzer en yntelliginter útwurke hat.
Dochs hat As in skaed ien greate fortsjinste: dit boek festiget de oandacht op in kategory tsjerkgongers, dy't elke snein oansprutsen wurde mei ‘biminde leauwigen’ of ‘bruorren en susters yn Kristus’, wylst se dêr foar har eigen gefoel net by hearre. Sy foarmje de by útstek ‘forgetten groep’ yn elke tsjerke, omt se as repel har twivel net uterje wolle of doare. Se binne ûnfynber. Faek hawwe sokken, krekt as Christine Aquina, yn har jeugd ienkear in fraech steld oan in sielehoeder en dêr gjin andert of in ûntwikend andert op krige. Se freegje net wer. Hwat it boadskip fan dizze roman oanbilanget haw ik dus sawol greate biswieren as ek wurdearring.
De opset fan As in skaed is dilettantysk. Brattinga lit foar in great part it wurd oan Christine Aquina, mar út en troch springt er sels by wize fan yntermezzo yn it forhael om de lêzers efkes in ‘stikje sfear’ to jaen, lyk as dat yn de journalistyk neamd wurdt: it waer, de tiid fan it jier, de biljochting, lytse details. Dizze stikjes dwale frjemd troch it forhael hinne, mei omt de skriuwer net konsekwint de sfearbiskriuwing persoanlik forsoarget, mar dy taek bytiden ek oerlit oan Christine Aquina. De komposysje heakket binammen hjirtroch frijhwat. Ek is Brattinga net takommen oan it groepearjen fan syn materiael. Sa giet it op bls. 35 al oer de kostskoalletiid fan Christine Akuina, op bls. 45 sit se op de legere skoalle en op bls. 46 komt de kostskoalle op 'e nij op it aljemint. Ik sei al earder, dat ik yn saken fan komposysje de auteur forantwurdlik achtsje. In oar foarbyld: op bls. 54 freget Christine Aquina har ôf, hwerom't se in biskaet foarfal op de kostskoalle oanhellet.
San lyts foarfal yn (in?) lyts tiidsbistek yn myn libben. Ik wit it andert net.
Dat andert wit de lêzer wól, hwant dy hat al bigrepen, dat
| |
| |
Christine Aquina by har oplieding ta ûnderwizeres altyd wol hwát fan puberpsychology opdien hat en dus ek hiel goed biseffe moat, hwerom't krekt dát foarfal sa'n yndruk op har makke hat. Op bls. 56 skriuwt se sels oer de pedagogyklessen op 'e Kweek, dêr't se hwat ynsjoch yn de minsklike psyche krige hat.
Hwat moat de lêzer mei it slot fan de roman as in dochter fan Christine Aquina op forsiik fan har stjerrende mem alle papieren forbaernt? Wy lêze dus in farbaernd manuskript. Klandestyn?
En fierder is it in griis hoefolle forbetteringen yn 'e tael ik oanbrocht haw yn myn resinsje-eksimplaer fan dit boek: forkeard skreaune wurden, sloardrich ynelkoar draeide sinnen dy't soms net ienris to bigripen, sinnen dy't op forkearde plakken ôfbrutsen en komma's dy't willekeurich oer de tekst struid binne, as hie Lyts Tomke der oerhinne wâdde. Eigenaerdich, dat ek Teije Brattinga, lyk as oare fryske skriuwers, it ûnderskied net goed ken tusken er, der en dêr. Der moast mar ris in taelleske oer dit underwerp rounstjûrd wurde by de fryske auteurs.
As ik siz, dat it my muoit, dat Brattinga fan As in skaed net in gever en folsleiner wurkstik makke hat, dan liich ik. As ik greate biswieren tsjin in literair wurkstik haw, dan kin my dat allinne mar muoije, as ik sekuer fornim, dat de skriuwer op de grins fan syn mooglikheden stuite is. Dat is Teije Brattinga yn dizze roman net.
|
|