‘Né, it wurdt net better.’ It hurde rinnen giet har oer de meuch.
‘It wurdt net better, himet hja suver, ‘soe it wol klear komme?’
Dan binne wy by de doar fan muoike. Al fjirtjin dagen wenje wy by har. Mem deis. Yn it greate bêd fan omke en muoike. Om to bikommen fan 'e nacht. Hja kriget dan in piltsje fan omke. In lyts giel piltsje.
‘Dêr kinst lekker fan sliepe,’ sei er, doe't er my okkerjouns ek ien joech.
‘Is omke út it fabryk kommen?’ freegje ik. ‘Koe dat wol?’
‘Se hawwe my skille.’
Hy sei net folle. Faeks fynt er it kâld. Of spitich dat se him skille hawwe. Okkerdeis sei er oars: ‘Jim roppe my mar, as jim my nedich hawwe.’
‘Is omke der fuort hinnegien? Liket it ek raer, omke?’
‘Wês mar net bang, jonge.’
Ik bin net bang. It fielt my noflik yn 'e holle. It rinnen giet lichter as oars. Myn holle sûzet net.
De earste jouns tocht ik: Myn holle barst. It bloed kin my wol ta de earen útkomme.
‘Hoe stiet it?’ frege ik. Doe nei de kraen om in heal glêsfol wetter. Yn ienkear geat ik it leech. Heit seach my oan. Syn smelle hannen glieden oer it wite tek.
‘Hoe is 't mei dy?’
‘Goed. Heit hat hjir mar in moai keammerke allinne.’
It slankje yn 'e noas sûzele. Oan 'e oare kant it bêd siet mem. De âlde brune mantel stie suver moai by it gielbrune fel fan heite hân. Hja hâldde him stiif beet, wylst ik it forhael die oer de nije learaer.
‘Hy fortelt mopkes, heit. Nou't heit hjir is, kin ik wol ien fortelle. Der wie in frou, dy soe gau in pop krije. It wie sinteklaeswike en doe songen de skoaljonges fan ús Mulo by har foar de doar. Moat heit ris riede hwat se songen? Ga niet alleen door het leven. Die last is u to zwaar.’
Mem seach heit oan. Hja seine neat.
‘Hat er ek noch hwat sein, omke?’
‘Ik leau it net, jonge. Moatst de kraech mar omheech dwaen, it is kâld. Net drok nou, hen?’
‘Ja, omke. Moatte wy der nou lang bliuwe?’
Ik kin net forstean hwat er seit. Wy binne by de dyk. Hy stapt oer in plasse.
‘Pas op,’ seit er. Auto's binne der net iens. Ik kin it gnizen