De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 405] [p. 405] [Nummer 11] Durk van der Ploeg: It romtlik sykheljen De goaden wenje Yn de minsken De minsken wenje Under de wolken Yn de djipten Fan de stêdden Yn it lânskip Fan masines. Wy groeije nei It romtlik sykheljen En wurde lykas de ingelen Mei wjukken oan de skouders Fuortflein fan de Print fan it Jounsgebet. De ierde in ôfgroun Fan minsken Stimmen fordrinke Yn de wrâld De dea is in Folsleine romte. Dit binne de Woartels fan it fortriet Romte twivel dea De werklikheit fan It tinken En nimmenslân Yn de ûre fan de dea. It is eangstich Net to leauwen Dy't in stim hat Ropt [pagina 406] [p. 406] Appeltsjes fan oranje Leafste, De Steat hat in stek Om it park sette litten Mei lytse oranje appeltsjes Yn it lofwurk. Allinne de greate Wize en forstannige Beammen kinne Jouns de moanne Noch oer it park tille, Mar nea Sille wy wer togearre Under de fike Ynitialen stean As ik dy neam Leafste, Hwant de Steat Hat in stek Om it park sette litten Mei lytse oranje appeltsjes Yn it lofwurk. Vorige Volgende