Korreksje:
Yn myn stik It bearen fan lilke douwe (Tsjerne, nû. 7/8) haw ik my yn ien opsicht forsind. Ik suggerearje op bls. 309 dat Schurer yn de redaksje fan it wykblêd sitten hawwe soe dat de biwuste artikels fan Folkertsma publisearre. Ik ha lykwols forkeard sjoen. Schurer syn namme stiet wol yn 'e kop fan De Stim, mar by stiet ynpleats fan by de redaksje by it rychje fan fêste meiwurkers. Schurer droech dus gjin forantwurdlikheit foar de doedestiids yn dit wykblêd opnommen artikels.
LOLLE NAUTA