sin, dat yn de Rely Jorritsma Priisfraech wol faker in forhael ynstjûrd wie dat op in mounlinge oerlevering birêstte (en sels yn 'e prizen fallen wie), ntl. in ynstjûring fan Geart Jonkman Dou nei hûs en gij naar Irnsum. En is de hiele roman De sûnde fan Haitze Holwerda net boud op in lokale oerlevering, dy't de skriuwer fan syn heit hearde?
De middeis fan de Mantgumer priisútrikking frege ik dêrom de jury om tekst en útliz en dat waerd troch de trije leden, de hearen drs. G. Abma, drs. L.H. Bouma en G. Koelstra, réwillich tastien. Myn fraech oft der faeks in skriftlike boarne wie dêr't myn forhael de skyn fan hie op werom to gean, moast einrapporteur Koelstra mei né biantwurdzje. Op myn fraech, hwat dán har formulearring ‘net oarspronklik’ ynhie, sei deselde dat it forhaelmotyf him bikend wie. Myn forhael wie de werjefte fan in histoarysk foarfal dat nêst jierren in famylje út Alkmaar ris oerkommen wie op in fakânsjereis yn it bûtenlân. Myn fraech oft der soms yn myn forhael dingen stiene dy't stekkend wiene foar dy my ûnbikende famylje X. út A. waerd ek ûntkennend biantwurde. De reden dat de jury myn ynstjûring oan 'e kant skoud hie, wie fanwegen it op in inkeld faset nei folslein oernimmen fan de hiele anekdote. Ik haw doe ynlein dat de anekdote my yn 3 à 4 minuten forteld wurden wie, wylst myn forhael mei dialogen en al by foarlezen sa'n 20 à 25 minuten duorret. Dat wiist dochs mear op in literaire biwurking as op letterlike oernimming, woe ik hawwe. Ik brocht ek noch de foarbylden by, hjirboppe al neamd en sei dêroerhinne dat ommers elke literatuer optilt fan sokke motyfûntlieningen. De juryleden knikten earnstich. Ik krige de yndruk dat ôfwizing fan ynstjûrings op dizze losse skroeven harren nou ek fier genôch gie. It lêste argumint dat ik krige to hearren, wie de klacht dat it Rely Jorritsma Founs har jury's to min noarmen foarskreau, dêr't se har oan hâlde koene.
As dat lêste wier is, dan wurdt it al tiid dat dy noarmen der komme. De skriuwers dy't oan de priisfraech meidogge moatte witte hwert se oan ta binne. Dat jildt foar de ynhâld, dat hâldt ek foar de langte fan de forhalen. De omskriuwing ‘moai koarte forhalen’ dy't nou jildt, is fansels wakker rekber. Ien ynstjûrder krige syn wurk werom omdat it forhael ‘to lang’ wie, wylst it net mear as 10.000 wurden bisloech. In oarenien krige ienris nul op 't rekest omdat syn stik proaza ‘to koart’ wie. Om soks foar to kommen wurdt it saek dat der sawol nei boppen as nei ûnderen in limyt steld wurdt oan de langte fan it ‘moai koarte forhael’. En ek dat der tsjinoer takomstige meidoggers in útspraek fan it Founs falt oer it al of net talitbere fan motyfûntlieningen. Nimmen wol op 't lêst graech foar plagiator gean.
D A. TAMMINGA