wjerstân tsjin de gefaren fan atoomspjalting wurde wol útsprutsen, mar oertsjûgje net. Der wurdt wol forteld hoe't de striid tusken him en it doarp him ûntjowt, mar de taskôger bilibbet it net genôch mei. It stik hat net folle hanneling en lange sprekkoaren en deklamaesjes brekke de spanning, foarsafier't dy der is. En mei dat alles is dit, nettsjinsteande it greate en aktuéle probleem dêr t it fan útgiet, in stik dat jin earder forfeelt as binearet.
De regy, dy't foar it earst sûnt jierren wer yn hannen wie fan de hear Johan Lauxsterman, hat fan de mannich kânsen dy't der noch wiene om it stik hwat oansprekke to litten, gjin gebrûk makke; de opfiering wie stadich en statysk. En dat wie spitich, hwant Beetstersweach hie nou einliken wer ris in stik, dat njonken alle biswieren yn dit gefal ien foardiel hie: it wie foar amateurs wol to spyljen.
It liket my ta, dat hja op De Sweach net troch alles hinne fêsthâlde moatte oan de gewoante om in probleemstik to spyljen. As hja takomme jier ris komme mei in fleurich stik, dat wier wol nivo hawwe mei, dan sljochtet dat de toloarstelling fan fan 't jier wol wer oer. Nóch in goede rie: as it in oerset stik wêze moat, nim it dan út in tael, dy't lêzen wurde kin troch in fiks tal deskundigen, dy't oer de kar fan it stik advisearje kinne.
To Jorwert, dêr't hja hwat kar fan stik oanbilanget nea sa heech gripe, wurdt it dochs sa stadichoan ek in toer. De konstante en deskundige lieding fan regisseur Pyt van der Zee hat de kwaliteit fan it spilersmateriael tige yn de hân wurke, dat datoangeande soe de kar fan in hwat swierder stik sa stadichoan wol to noedzjen wêze. Omdat der gjin Frysk stik wie en der dus wer in oersetting komme moast, is der opnij in birop dien op Tabe Beintema. Ek in man mei in greate persoanlike forantwurdlikheit, omdat by ek praktysk allinne stiet by de kar fan stikken, dy't yn it Frysk spile wurde moatte. Mar hy hat der in goede noas foar; ik soe gjin foarbyld witte fan in ploech, dy't der alhiel mei op 'e kofje kommen is. In oare deugd fan Beintema is dat ek de oersettingen sèls sa knap binne; syn linige en geastige tael jowe jin sours de yllúzje dat it oarspronklik wurk is.
Fan 't jier is Tukelteammen om Amor fan de Italiaen Ugo Betti spile. In fleurich en libben stik, mei gâns mooglikheden foar regy en spilers en alle kânsen our troch dékorwurking en show de opfiering ta in lust foar it each to meitsjen. Regisseur Pyt van der Zee, dékorbouwer Stinus Veldkamp en de knappe spylsters en spilers hawwe der yn it notaristún fan Jorwert dan ek gâns mei birikt. Safolle, dat wy har de moed tawinskje om takomme jier hwat to weagjen, hwerfan in sukses yn it foar net sa dúdlik fêst stiet as nou it gefal wie.
En alle eare dan op it lêst ek noch oan de ploech út Burgum, dy't Shakespeare syn Fleurige froulju fan Windsor sa treflik spile hat. De oersetting fan Geart Jonkman is bysûnder goed; hwat in libbene en op it direkte kontakt mei it publyk ôfstimde tael hat er der foar brukt! Hwat mei Burgum fierder ek wiis wêze mei de goede ûntjowing fan syn spilersmateriael, al hat it fansels foar de bisetting fan sa'n great tal rollen net genôch minsken, dy't oan de easken foldogge om sels yn ien fan de maklikst spylbere stikken fan Shakespeare meidwaen to kinnen. Mar fan hwat ik oant nou ta troch amateurs fan Shakespeare spyljen sjoen haw, is de Burgumer opfiering dochs wol fierwei de bêste. Dat sil sûnder mis ek foar in