| |
| |
| |
Tr. Riemersma:
't Wie allegear bargebloed
Sj. van der Schaaf, It gefal Hjerre Bijker en oare forhalen. Drukkerij en útjowerij Laverman N.V., Drachten - 1965.
De fjirtjin forhalen dy't Sj. van der Schaaf bondele hat yn It gefal Hjerre Bijker en oare forhalen binne op Rjucht nei, dat yn 1938 skreaun waerd, ûntstien tusken 1947 en 1961. Om it krekter to sizzen: yn deselde tiid dat Jonkman, Sikkema, Smit en Wadman har forhalen skreauwen en sammelen. As men de bondel fan Van der Schaaf út hat, wol jin it forgelykjen mei dat fjouwertal mar min oan, en it idé komt by jin op dat der hwat mei de jiertallen útheefd is. Hwant net allinne dat it wurk fan Van der Schaaf net by dat fan de fjouwer yn 't skaed stean kin, it is ek skreaun út in folslein oare geasteshâlding.
De fjirtjin forhalen hiene ek tritich jier lyn forskine kinnen. Se foarmje fasetten fan in wrâld dy't allang histoarje wurden is. In wrâld, hweryn't - om inkelde uterlike kenmerken to neamen - de bern noch tiid en nocht hiene om nei pake syn forhalen to hearren, noch lantearne-opstekkers bistiene, de arbeiders yn 'e nederklits sieten, noch komeedzjespile waerd, de minsken noch op portret kamen - in wrâld dy't yn 'e stokken holden waerd (foarsafier't dat nedich wie) troch grimmitige duvelbanners en gemoedlike fjildwachters (hoewol't der ek inkeld al ris grute wurdt fan polysjemannen). In wrâld hweryn't wol gâns hounen bilen, mar mar ien inkelde brommer de rêst forsteurde út wurd brommer bistie noch net, se neamden sa'n ding doe hwat omslachtich: sa'n plofferke, twatakt), en hweryn't mar ien man weet hie, alteast spriek fan skriklike dingen, ntl. de brân to Wuppertal, mar dy man wie dan ek net goed mei de holle, in psychopaet soene wy tsjintwurdich sizze. Koartom: in primitive en naive wrâld, hweryn't it hiel gesellich forkearen wie, hweryn't men omraek gnize koe en dy't tichtplakt siet mei anekdoaten. Der barden grif wol earnstige en soms tragyske dingen - twa moarden, twa netbiwiisde moarden, ien gefal fan deaslach, ien forhindere moardoanslach dy't resultearret yn selsmoard by ûngelok, noch in selsmoard, in forkearsûngemak mei ien deade, ien fordrinkingsgefal, ien natuerlik stjerbêd, ien slagge en ien mislearre gefal fan frouljusrôf, twa ynbraken, fjouwer gefallen fan brânstif- | |
| |
ting en ien deade houn - mar dy slimme ynsidinten skokten de boargers doedestiids net al to djip, se hiene leard dermei to libjen. Se skikten réwillich de kweadwaner syn plakje yn en bignúfden him as in frjemd mar net eangstoanjeijend bist, hy wie net ien fan har.
Ynsté fan jin ôf to freegjen hwei t Van der Schaaf tahold doe't de moderne streamingen oer Fryslân spielden, docht men, leau ik, goed him to forgelykjen mei de haedfiguer út It skot troch de linepeal, Doaitzen Jongedyk, ‘dy't de wrâld sa moai foun en de minsken sa goed.’ ‘Syn heit wie bargeslachter, en it hie dy net barre mocht, fan Doaitzen hwat oars as bargeslachter to meitsjen. Men kin jin hwat leaflikers foarstelle; en binammen Doaitzen hat him libbenslang hwat leaflikers foarstelle kind. Dat hat him tige to stipe west yn syn gemoedslibben. Ta bargebloed hied er him stadichoan biwend; minskebloed lykwols hat er nea sjen kind. By in pear drippen foel er al fan himsels. Sa'n goede man, sa'n goede man!’ Fan Doaitzen is bikend dat er tige fortelle kin, meast oer dingen dy't neat om 'e hakken ha, in stikelbaerch dy't oer de dyk roun, in hynder op 'e rin, mar: ‘Op in kear hat Doaitzen Jongedyk wierlik hwat bilibbe, mar just dêr hat hy nea net folle fan forteld, sels foar it rjocht net. It paste net by syn libbensskôging.’ Doaitzen hat nammentlik in moardoanslach forhindere. Kostlik is forteld hoe't er de adspirant-moardner mei syn slachtershannen tramtearret en him ûndertusken mei sêfte wurden formoannet: ‘Wês dochs wizer en harkje nei immen, dy't it goed mient: sa meiste net. As folwoechsen minsken hwat hawwe, moatte hja net fjochtsje mar ôffûstkje. Fjochtsje is hwat foar wylden. Wy moatte mekoarren leavje.’ Hoewol't Doaitzen fansels wol better wit, hâldt er tsjin elkenien út, dat de mislearre moardner oars gjin forkearde man is, en as dy treddel jier selstraf kriget, achtet Doaitzen dat in skande foar de justysje. ‘Men moat it altyd yn goedens bisljochtsje, en de man hie de pet bêst forgoedzje wold.’ Oant de bittere ein en tsjin de klippen oan spilet hy de rol
fan de man dy't gjin kwea sjocht. Mar de buoriju fortelle dat Doaitzen nei dit akkefytsje soms ropt yn 'e sliep.
Lykas Doaitzen, stel ik my foar, alle kearen dat er in bist de hals útsnijt wer kjel wurodt fan it bargebloed, sa skrillet Van der Schaaf tobek as der ûnder syn pinne in minske bigjint to blieden. De auteur is in nommel minske dy't leaver oer stikelbargen fortelt as dat er him bijowt yn 'e tsjoede oertinkingen fan it minsklik hert. Hy hâldt net fan 'e wrâld dy't bygelyks Jonkman en Wadman it wetter om 'e tosken rinne
| |
| |
lit. Hy stelt him hwat foar dat leafliker is as it tsjintwurdige bistean, hy skept in foarbye, en dus minder komplisearre, oersichtliker, gemoedliker en, nei't it liket, bettere wrâld. Soms spilet er mei Doaitzen de ûnnoazele dy't de wrâld foar in krintepofke oansjocht. Dan ûntsteane de kolderforhalen Gin min folk (Doaitzen hie it sizze kinnen), Nachtlik aventûr, De pyromaen, De nihilist en, it bêste fan dizzen, It skot troch de linepeal. Forhalen allegearre dy't mei literatuer neat mear mien hawwe as dat se der neist lein ha, mar dy't as fakânsjelektuer, binammen yn in simmer as dizze, grif fan wearde binne.
Mar ek yn 'e forhalen dy't earnstich miend binne, bliuwt it klimaet myld, en hwer't al in lêzer oanstriid fiele mocht nei de bûsdoek to gripen, dêr stiet de auteur altyd ré mei in kwinkslach. Alhoewol, hjir is misfetting mooglik. It kin wêze dat it potsemeitsjen de auteur sa'n gewoante wurden is, dat er it topas en to ûnpas docht, ek hwer't er it hielendal net bidoelt. Dat soe it gefal wêze kinne yn De pyromaen dat nei safolle siden kolder noch tragysk wurde wol meidat de brânstifter in echte pyromaen blykt to wêzen. Hoewol't men de gjalp fan Greonterp dat er Wuppertal baernen sjoen hat hâlde kin foar in tragyske dissonant, foar in út 'e rol fallen fan 'e auteur, kin men der ek fan út gean dat it forhael tragysk bidoeld is, en dat de dronkemansscene en it naïve gepiel mei lusifersprikjes de auteur min of mear ûntkommen binne.
In twad gefal fan misfetting kin hjiryn bistean dat de lêzer stroffelt oer grappige dingen dy't der hielendal net binne, inkeld om't er mient dat de auteur ivich en altyd potsen makket. Miskien ûntkomt Van der Schaaf net alhiel oan 'e tragyk fan 'e clown dêr't it publyk it lûdst om lake doe't er bloedearnstich wie. Sa'n bilachlike, earnstige passaezje stiet yn It hûs mei de blinen, it forhael hweryn't mefrou Amarins in momint by de baekster Fardou yn 'e keamer forskynt, wylst letter bliken docht dat mefrou Amarins op dat tiidstip forstoar. It goed sloof fan in Fardou forjowt harsels net dat se mefrou Amarins sa batsk ôfstegere hat en se freget har ôf ‘hwat der bard wie as hja wer lyk as doe yn septimber har de streksume hân op 'e foarholle lein hie.’ In frettend probleem foar de baekster nei alle gedachten, mar it idé dat men in parapsychologyske forskining de streksume hân op 'e foarholle l6izze kin, wurket op my tige komysk, en dat foar 't neist inkeld hjirom: as ik oan Van der Schaaf tink, bigjin ik al to nokkerjen.
In oar faset fan it wurk fan Van der Schaaf, dat ek wer de yndruk bifêstiget dat dizze forhalen net modern binne, is de
| |
| |
anekdoatyske, of planút sein: swakke bou. De sucht om (grappige) foarfallen to fortellen giet soms sa fier dat de tried fan it forhael brekt. Sa'n forhael is It barbaersk ynstrumint (ynstremint staveret de auteur, hoewol't it ek in printflater wêze kin - dêr tilt it fan), dat bigjint mei Jan Douwinga, dêr't it neffens de skriuwer net oer gean sil, mar wol oer Hette Swart, dêr't it lykwols ek net oer giet, hoewol't er sahwat op alle siden neamd wurdt.
Men fynt oer de hiele liny in ûnmacht om it forhael om ien barren to konsintrearjen, om strak en rjochtstreeks op it doel oan to skriuwen en omballingen wei to litten. Fansels falt dy swakke komposysje jin it meast en it dúdlikst op by de langere forhalen. Rjucht, hweryn't sahwat it hiele doarp meidocht en hweryn't stof foar in roman geartroppe is yn 24 siden, is wol in ekstreem foarbyld. It is in typysk eksimpel fan hwat se eartiids in ‘skets’ neamden, hwat men freonlik omskriuwe kin as it bisykjen om yn in iepen foarm in yndruk to jaen fan in bipaelde situaesje, en ûnfreonlik as in mislearre koart forhael.
De nihilist giet oan deselde foet mank. Men wit nei lêzen en jitris lêzen noch net, of net mear, hwat it nijtsje is dat dit forhael bringt. Is it it feit dat Wisse Sybrandy him kapotriidt tsjin de beam hwerfan't syn heit ienris foarsei dat der hwat slims barre soe? Of is dit it gegeven: de ûnleauwige dy't it yn alles foar de wyn giet, hwerfan't Job en de Prediker ek al sa'n argewaesje hiene (syn bolle springt en it mist him net)? Krekt as wie de auteur bang dat it forhael op ien skonk net gean koe - lykas gâns fan syn figueren - hat er -der noch ien ûnder set, mei it gefolch dat it forhael mei twa skonken yn ien hoas sit.
Net oars is it mei it net unsympathike It gefal Hjerrre Bijker dat de titel oan 'e samling joech en grif as it wichtichste fan 'e forhalen biskôge wurde moat. (En dêrom ek as nûmer ien opnommen is? De folchoarder fan 'e forhalen is net kronologysk, en hwat it oarderingsprinsipe wol west hat, haw ik net ûntdekke kinnen, de langte net en it genre ek net. Geheim resept wierskynlik. Geheim bliuwt ek hwerom't in stik as fjouwer forhalen dy't - lykas al dizze forhalen op Rjucht nei - tusken '47 en '61 yn De Tsjerne stien hawwe, út 'e samling weilitten binne. Geheim bliuwt fierder - mar dat leit oan 'e omslachtekstskriuwer - dat Van der Schaaf mear titels op syn namme hat, mar miskien is dy ynformaesje weilitten om't dy eardere publikaesjes net by ‘ús utjowerij’ forskynden. Hawar, werom nei Hjerre Bijker). It forhael bifettet in pear dingen
| |
| |
dy't min to leauwen binne. Foarst dat it in Jouke de Jong slagje kin ûnder de fingearre namme J. Walles de Iongh oan it Ministearje fan Butenlanske Saken as tolk en translateur forboun to wurden en dêr jierren lang to bliuwen sûnder dat syn wiere fan oait in kear ûntdutsen wurdt. Blykber hoegde De Jong by syn sollisitaesje nei B.S. gjin biskieden en diploma's oer to lizzen, blykber hat er gjin pas nedich as er nei ynternasionale konferinsjes reizget, blykber koe er yn De Haech yn ûndertrou gean sûnderdat der frege waerd nei it trouboekje fan syn âldelju. Like ûnwierskynlik liket it my ta - hoewol't de auteur biswart dat it wier is - dat in pear doarpsnotabelen in persoan dy't se slite wolle yn it gesticht prakkesearje kinne en oannimlik meitsje dat, hwat dy persoan har forwyt oan kweade praktiken, gekkepraet is. Ofsjoen fan dy ûnwierskynlikheden (en ek fan it feit dat de auteur ús leauwe litte wol dat in dokter fan syn posysje misbrûk makket om in stik jild yn hannen to krijen - miskien net ûnmooglik, mar de húsdokter is de iennige fan 'e eartiids respektabele boargers dy't noch net troch de literators oanpisse wurdt, en ik fyn, lit ús dat sa hâlde) is It gefal Hjerre Bijker in oannimlik, sij it wol hwat eamelich relaes oer trije persoanen of gefallen: Hjerre Bijker, Jiske Wisma en Jouke de Jong. It spitige is, en dat makket dit forhael by my wòl ta in misser, dat it gefal Hjerre Bijker mei dat fan 'e beide oaren neat to meitsjen hat, in forhael op himsels is, dat tusken de selsbikentenissen of selsûntdekkingen fan J. Walles de Iongh in frjemd, steurend elemint bliuwt. Hjerre Bijker draecht neat by ta Walles de Iongh syn skrutene konklúzje dat it Jouke de Jong bliuwe en Jiske Wisma wurde moatten hie. It is perfoarst ek net sa dat de oantinkens oan Hjerre Bijker omheech springe sadré't
Walles de Iongh oer it doarp prakkesearret om't hy by dat gefal (emosioneel) tige bitrutsen west hat. Hy wie yn dat gefal gjin kaeifiguer, hoewol't er tafallich de kaeijen hie. Draeit men de saken om en sjocht men it gefal Hjerre Bijker as it wichtichste part fan it forhael - en dat wol de auteur blykber - dan freget men jin ôf hwerom't forteller Walles de Iongh syn forhael hieltyd ûnderbrekt mei wiidweidige en neat ta de saek dwaende jeuzelpartijen oer syn deade frou, syn prachtige karrière en syn âld flam. It is by einsluten mooglik dat foar Van der Schaaf de misse kar fan De Jong dochs it foarnaemste fan it forhael is, en dat men bigripe moat dat Walles de Iongh, him fan gjin forkearde kar biwust, by ûngelok in hiele soad oer himsels loslit, wylst er dwaende is to fortellen oer Hjerre Bijker - foar de auteur in soarte fan foargroun-forhael. As dit
| |
| |
it doel west hat, dan is dat mislearre - it is ek net in maklike opjefte - troch in to groffe methoade. De auteur suggerearret neat, by lit syn haedpersoan lang en omstandich eamelje.
Myn biswieren tsjin dizze forhalen gearfetsjend: se binne my to ûnskuldich. It bloed dat floeit is mar bargebloed. De auteur wol it sa, tink ik, en dat is syn goed rjocht. Mar yn it bilang fan de kannibalen dat moderne lêzers binne hoopje ik dat Van der Schaaf nochris ropping fielt om it slachthûs to forlitten en in slachter fan minsken to wurden, dat er oanstriid kriget om it minskdom oan 'e heakken to hingjen en mei syn seagen en messen to biwurkjen oant it yn sopbonkjes, baklappen en gehak ôfwoegen en forpakt op 'e toanbank leit. Hy sil yn alle gefallen bisykje moatte om fan syn wurk fakwurk to meitsjen.
|
|