De Tsjerne. Jaargang 20
(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 389]
| |
T.S. Eliot:
| |
[pagina 390]
| |
Om del to sjen yn 'e lege liver.
Droech de fiver, droech beton, brúnrânnich,
En 'e liver waerd fol mei wetter fan ljachtskyn,
En 'e lotos riisde, sunichoan, sunichoan,
It oerflak glinstre hartgrounich fan ljacht,
En hja wiene efter ús, wjerspeegl' yn 'e liver.
Doe skau in wolken foarby en 'e fiver wie leech.
Fuort, sei de fûgel, hwant it blêdte wie fol met bern,
Oerstjûr op 'e skûl, hja bidimmen har laitsjen.
Fuort, fuort, fuort, sei de fûgel: 't minskdom
Kin net sa folle wurklikheit forneare.
Doetiid en dantiid
Hwat west ha koe en dat west hat
Doele op ien ein, dy't jimmer is bywêzich.
| |
II
Knyflok en ealstien yn it slyk
Klâdzj' as weinkliem om 'e as.
De núndersnaer mei bloeds musyk
Under âlde groede ús riidt
Bifreedzjend lang forgetten striid.
D' eruthrokute poaloanês
De omgong oer de lúmfebaen
Wurd bylde yn 't wiid fan stjerredrift
Riz' yn de beam to simmertiid
Wy mealle om de mealderbeam
Yn ljachtglâns oer 't bisteklik leaf
En ûnder op 'e kliemske groun
Wy hearre everbear en houn
Sa't âlderwenst har dwaen forroun
Mar mank de stjerren wer yn 't lyk.
Op it deapunt fan 'e meallende wrâld. Net yn fleis
noch fleisleas;
Net dêrwei noch hinne; op 't deapunt, dêr't de douns is,
Mar gjin stilstean noch forweging. En neam 't stéfêstens net,
Dêr't doe en dan fandle wurde. Gjin forweging,
fuort noch harren,
Gjin omheech en gjin omleech. Wie it punt der net, it deapunt,
Dounsjen soe 'r net wêze, en dêr is inkeld de douns.
Ik kin inkeld sizze: dêr ha wy west, mar 'k kin net sizze hwêr.
En sizze kin ik net hoe lang, hwant men soe 't sette yn 'e tiid.
| |
[pagina 391]
| |
It ynderlik frij fan 'e driuwende ]angst,
It ûntlins fan dwaen en ûndergean, ûntlins fan ynwindge
En fan útwindge twang, mar dochs middenmank
In genede fan bisef, in blank ljacht stil en weevjend,
Erhebung sûnder drokte, konsintraesje
Sûnder eliminaesje; beide, in nije wrâld
En de âlde biskierlik makke, forstien
Yn it fol jen fan ús ûnfolsleine ekstase,
D' ûntbining fan ús unfolsleine grize.
Mar de forkeatting fan doe en dan, biweve
Yn 'e wrakkens fan ús wiksljende lea, biwarret
It minskdom dochs foar himel en fordomnis
Dy 't fleis net daeije kin.
Doetiid en dantiid
Litte in biwyske biwittenheit ta.
Is men bywit, is men net yn 'e tiid
Mar inkeld yn 'e tiid komt it stuit yn it roazetún,
It stuit yn it priëel mei de stjalprein,
It stuit yn 'e siigrige tsjerke by reekfâl
Jin yn 't sin wer; bilêste mei doe en dan.
Inkeld troch tiid strûpt tiid der ûnder.
| |
III
Hjir is in plak fan tier forfrjemdzjen
Tiid tofoar en tiid letter
Yn in skymrich ljacht: gjin deiljacht
Dat foarm biklaeit mei kleare stillens
Skâden keart ta koartstounige skjintme
En 't staerch forskouwen suggrearret bistindichheit
Noch tsjustrens dy't de siele skjinnet
Mei 't sinlike to leegjen troch ûnthâlding
't Wrâldske ôf to waskjen fan hulde.
Beide net, gjin folheit noch legens. Inkeld in strieltsje
Hoop oer de ean'ge tiid-riden wêzens
Forsetten fan forsetsjes troch forsetsjes
Fol fan drôchbylden, leech fan bitsjutting
Swolme apathy en gun krom konsintraesje
Minsken en snipels papier, teistre fan 'e kâlde wyn
Dy't bliest tofoare en nei de tiid,
Wyn yn en út 'e wrakke longen
Tiid tofoar en tiid letter.
Opkrôking fan gammele sielen
| |
[pagina 392]
| |
Yn 'e bistoarne loft, de bistjurre
Dreaun fan wyn dy't strûst oer de tryste kilngen fan London,
Hampstead en Clerkenwell, Campden en Putney,
Highgate, Primrose en Ludgate. Hjir net
Net hjir de is tsjustrens, yn dusse is jilpende wrâld.
Dûk djipper, dûk inkeld
Del yn 'e wrâld fan duorjende ienlikens
Wrâld net wrâld, mar dat hwat net wrâld is,
Ynwindge tsjustrens en ûnteigning
En uterste skeamlens fan alle bisit,
Forskrieling fan 'e wrâld fan 't forstân
Untromming fan 'e wrâld fan forbylding
Unwurksumens fan 'e wrâld fan 'e geast;
Dat is de iene wei, en d' oare
Is deselde, net yn forweging
Mar unthâlding fan forweging, wyls de wrâld mealt
Yn bigeargens, syn forhurde wegens lâns
Fan doetiid en dantiid.
| |
IV
Tiid en de klok bigroeven de dei,
De swarte wolk skau de sinne wei.
Sil de sinneblom to ús keare, sil de klematis
Swalkj' en bûg del to ús; range en raei
Klitsj' en omklamme?
Sil
Kâlde taksisfingers har hâld
Krije op ús? Nei't ljacht ta ljacht it antwurd flamme
Fan d' iisfûgels wjok, dy dan swijt, bliuwt it ljacht stil
By it deapunt fan 'e meallende wrâld.
| |
V
Wurden roere, musyk roert
Inkeld yn tiid; mar hwat inkeld mar libbet
Kin inkeld stjerre. Wurden, nei 't sizzen, rikke
Ont yn it swijen. Inkeld troch de foarm en 't patroan
Kin wurden of musyk birikke
De stillens, sa't in Chineeske krûk stil
Roert foar ivich yn syn stillens
| |
[pagina 393]
| |
Net de stillens fan 'e fioele, salang de loan klinkt,
Net inkeld dat, mar de köeksistinsje,
Of siz dat de ein 't bigjin foarútgiet,
En de ein en it bigjin ha jimmer der west
Foar it bigjin en nei de ein.
En 't al is altyt nou. Wurden faksearje,
Kreakj' en brekke bytiden, ûnder de spanning,
Under de fracht, glide, glysterje, forkomme,
Forrotsje troch ûnkrektens, bliuw net op har plak,
Hâld har net stil. Tjirgjende stimmen
Pakke har altyt oan mei kreauwen, húnjen,
Of suver mar ratteljen. 't Wurd yn 'e woastine
Wurdt meast oanpakt troch de stimmen fan oanstriid,
It skriemende skâd yn 'e douns op it hôf,
It lûde kleiliet fan d' ûntreastbre chimaira.
It sûndre fan 't patroan is forweging
Lyk as yn 't byld fan 'e tsien treppens.
De winsk is sels forweging
Net winsklik om himsels;
Leafde is sels forweechleas,
Inkeld de reden en d' ein fan forweging,
Tiidleas, en ûnbigearich
Utsein út in each fan tiid
Biflapt yn 'e foarm fan bigrinzing
Bituske net-wêzen en wêzen.
Ynienen yn in spear fan ljachtskyn
Sels wyls de tûchjes dounsje
Dêr riist it forhoalene laitsjen
Fan bern yn it beamtegrien
Kwyk nou, hjirre, nou, altiid -
Bignyslik d' ûnnutte, tryste tiid
Oanienwei tofoar en letter.
Forfrysking H. Tj. Piebinqa - augustus/septimber '65. |
|