De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 388] [p. 388] Jan De Nie: Gebet yn 'e rumte dit is de lêste kear dat ik myn stjerdei fier hwant alle stopsinjalen stean to let en ik lit my net bilêze langer dea bernet libben bernet dea. en wer bitrêdzje ik ûnbigien wyt sân en vicieuse sirkels wanhoop en steryl petearjen wachtsjend op in oar dy't it fordomt en gean sa troch kritykleas projektearje yn matearje hwer is in god hwer is in minske - allinne skimen húzje yn in stoel tsjinoer jin en hwat ôfwaeid praet komt oer soms yn in pauze ek ik wy krolje lippen mistrouwen en minachting as fjurrige koallen - ik ken it boek en de beam fan goed en kwea haw ek ik fan iten mar alle blêdden bin as stjerren delkaem en myn himel stiet leech as ûnbiwenber Vorige Volgende