| |
| |
| |
Prof. Dr. J.H. Brouwer:
Ibsen en us tiid
De histoarysk-filosofyske fakulteit oan 'e Universiteit yn Oslo hat ein augustus 1965 it earste ynternasionale Ibsen-seminaer hâlden. De organisatoaren woene net mear as 35 dielnimmers hawwe. Us mocht in útnoeging barre, dêr't wy wiis mei wiene.
Op 'e list fan dielnimmers steane 37 nammen, út 11 lannen: Noarwegen (14), Denemarken (1), Sweden (1), Dútsklân (1), Nederlân (wy togearre), België (2), Ingelân (6) en Skotlân (1), Amearika (6), Frankryk (1), Italië (1), Tsjecho-Slowakije (1). It greatste part is professor of lektor yn ien of mear Skandinavyske talen yn it bûtenlân, is fan Skandinavysk komôf, is troud mei in Skandinavyske of hat yn Skandinavië koarter of langer tiid studearre. It falt jin op, dat der safolle jonge minsken by binne.
Ibsen, Ibsen, Ibsen - hoe faek soene wy dy wyks dy namme net heard hawwe? Der wie rom tiid útlutsen foar diskusje nei eltse lêzing, mar de echte Ibsen-lju hiene dêr net genôch oan, hwant yn de middeisskoften en by de útstapkes hearde men dan hjir, dan der syn namme.
Hat Ibsen ôfdien? Dr. Michl, de Tsjech-Slowaek woe hawwe fan net (yn Brno sille se fan 't winter Peer Gynt opfiere) en in jongkeardel fan Hull, dêr't se oan 'e universiteit in aparte toanielôfdieling en in eigen théater hawwe, Donald Roy, sei oan 'e ein, dat de stikken fan Ibsen yn wêzen sa modern wiene en dat de Ingelske opfieringen eink net doogden. Wy troffen it, dat yn 'e stúdzje-wike John Gabriel Borkman foar de lêste kear opfierd waerd, in stik, dat tige de muoite wurdich is en bêst nei foaren brocht waerd fan bitûfte faklju.
De ynlieders wiene fansels fan bitinken, dat Ibsen net ôfdien hat. Prof. John Northam út Cambridge (deselde, dy't sa'n nijsgjirrich boek oer Ibsen skreau: Ibsen's Dramatic Method. A study of the prose dramas, 1953) stelde, dat Ibsen in standert fan integriteit wie, dêr't it moderne drama oan metten wurde moast. Hy spriek oer De substânsje fan Ibsens idéalisme en it waerd al gau dúdlik, dat men dan wol bigjinne mei en definiearje ‘substânsje’ en ‘idéalisme’. Northam miende idéalisme omskriuwe to kinnen as de réens fan Ibsens helten om alles to offerjen foar it idé, dat foar harren bilangryk is; hja wolle lije, faeks sels stjerre foar harren standert. Mar ek oaren om harren hinne moatte dêr oan lije en faek stjerre. Ibsen mei
| |
| |
HENRIK IBSEN
Noarsk skriuwer (1828-1906)
| |
| |
dan de maetskippij net foroardielje, hy stiet wol faek fijannich oer foar de konvinsionéle codes fan dy maetskippij en de fortsjinwurdigers fan de tradisionéle moréle wearden (dominé's, learaers ensfh.) spylje lang net altiten yn syn stikken in moaije rol. Syn helten steane faek isolearre, binne wreed foar oaren oer, biseffe to let hwat hja oan oaren misdien hawwe. Ibsens integriteit bistiet hjiryn, dat er him net forienselviget mei ien fan 'e partijen, mar alle man en frou lyk en rjocht bisiket to dwaen.
Dr. Daniel Haakonsen, dosint oan 'e universiteit yn Oslo (hy skreau û.m. in stúdzje oer it Tarantella-motyf yn It Poppethús yn Edda, 1948) hie it oer it offerbigryp yn 'e réalistyske drama's fan Ibsen. Dat wurd offer hat ek al wer wear as ien bitsjutting: in persoan kin himsels of syn bisit offerje, mar ek oaren opofferje oan syn doel. Haakonsen wiisde der op, dat yn 'e stikken fan Ibsen sa faek it forline stikje foar bytsje oproppen wurdt, mar dat oan 'e ein net alles dúdlik is en dat de haedpersoan faek yn in ambivalinte hâlding stean bliuwt, hwat as in dramatysk tokoart biskôge wurde kin. De helten wolle fan gjin transigearjen witte, it binne foroardiele helten, dy't op kosten fan oaren har idé trochfiere en foar de sûnde yn it forline sels straft wurde. Se lykje faek destruktyf, binne slachtoffers fan greate hertstochten of fan sterke ynfloeden fan bûtenút. De klam falt hast like faek op it ûnskuldige slachtoffer as op 'e skuldige helt; yn it stik liket de helt him njonkenlytsen to identifisearjen mei syn slachtoffer. Deselde soarte figueren komme foar yn Spoeken, Rosmersholm, De wylde ein, John Gabriel Borkman. De funksje fan it slachtoffer is net de skuld fan de helt to iepenbierjen, de heat dielt oan 'e ein it lot fan it offer. De ein fan de stikken is tige bilangryk; dêr sit faek in dûbelens yn, in nije foarm fan ‘idéalisme’ komt dêr yn op of wurdt alteas as mooglik steld. By it neipetear waerd der noch op wiisd, dat it sa ûnlogysk is of liket, dat de helten skuldich binne (of har skuldich fiele) en oan 'e oare kant sa 't liket dêr neat oan dwaen kinne.
Moai wie nei myn bitinken de ynlieding fan prof. McFarlane, dean fan de nije universiteit yn East Anglia. Syn stúdzjegebiet is de Europeeske, wol men de wrâldliteratuer, dus net spesiael de Skandinavyske literatuer of literatueren en noch minder Ibsen. Dochs hat Ibsen wol tige syn bilangstelling; hy is ek in oersetter fan Ibsen. Hy hie it oer ‘meaning’ en ‘evidence’ yn 'e stikken fan Ibsen en gyng út fan Pylders fan 'e maetskippij. De gewoane opfetting bifredige him net. Alles liket sa ienfâldich, alles rint sa goed ôf oan 'e ein, to goed. It stik liket
| |
| |
yn it wurk fan Ibsen sa'n útsûndering; gjin minskesiel rekket fan streek, oan 'e ein gjin triennen. Kritisi hawwe it it minste fan Ibsens moderne stikken neamd; de foarnaemste fortsjinste soe wêze, dat it sa koart is. Mar, frege McFarlane him ôf, moat it net as in iroanysk stik opfette wurde? Jins yntuysje seit jin dat, mar dy is fansels net foldwaende, der moat biwiis komme en in útgongspunt dêrfoar soe yn 'e uteringen fan 'e haedpersoan oan 'e ein foun wurde kinne. Der is neat yn it stik, dat tsjin de ironyske opfetting sprekt. Dêr hat oant nou ta net ien oan tocht. Yn de ironyske opfetting moat faek oan 'e gewoanste wurden in ekstra bitsjutting tafoege wurde. By Ibsen ‘binne de dingen net altiten hwat se lykje.’ Dat sit ek yn hiel hwat oare stikken. Men moat ûnderskie meitsje tusken 1) hwat sizze de persoanen; 2) hwat tinke se; 3) hwat is feitlik it gefal. 1 en 2 hoege net ekwivalint to wêzen en binne it faek net, 2 en 3 likemin; by dat net gelyk wêzen bigjint nou krekt de irony. As yn it bigjin fan Rosmersholm bygelyks de iene de oare nei syn sounens freget, liket dat in tige tradisionéle utering, earst letter wurdt dúdlik dat dy konvinsionéle wurden in folle persoanliker lading hawwe as it publyk earst tinkt; dat moat dus aktyf meidwaen en yn de rin fan it stik fan oardiel foroarje. It is sa'n soarte fan ynversy, fan de ein moat men wer nei it bigjin ta wurkje om alles goed bigripe to kinnen. Men moat it feitlike gefal witte om it forskil tusken hwat sein en tocht wurdt to bigripen. De skriuwer kin it publyk direkt op 'e hichte bringe, hy kin it ek lâns in yndirekte wei dwaen, ja Ibsen hâldt, lyk as de ynlieder oan in rige foarbylden dúdlik makke, fan in tige komplisearre wize fan foarstelling, dêr't it publyk it gefal út opbouwe moat - en dan kin de reis werom bigjinne.
Prof. Francis Fergusson, fan Rutgers University yn New Jersey (Amearika) hie it oer De frou fan de sé. Hy bigoun mei to sizzen, dat it moderne drama yn Amearika net to tinken is sûnder Ibsen. Fruen fra havet (1888) mei dan fan 'e kritisi út publyk réagearret hiel oars!) biskôge wurde as lang net it bêste stik fan Ibsen, Fergusson hat him tige yn dit stik fordjippe en wol bêst witte, dat er der in swak foar hat. It hat in prachtige komposysje om to bigjinnen. Alle persoanen yn dit stik fiele dat hja hwat misse en wolle út 'e isolaesje wei. Fergusson wiisde tige op de patroanen en motiven dy't lizze ûnder hwat der reëel bart en op de symboalyske wearde fan alles hwat men sjocht. As der earne sein wurdt, dat it yn it lêst fan 'e simmer is, sit dêr symbolyk yn. Yn it earste bidriuw sjocht men de tún op in waerme en kleare simmermoarn, yn
| |
| |
it twadde de fjord yn in skimerige simmernacht, it tredde spilet yn in ôfgelegen stik fan de tún, yn it dampe skaed fan swiere âlde beammen, tusken de rotsen ensfh.; al dy dingen hawwe symbolyk yn. Ek it forbân fan de persoanen en harren forhâlding oer en wer is fan bitsjutting. De kwaliteit fan de siel kin men opmeitsje út hwer't er fan hâldt. De haedfiguer is Ellida, de twadde frou fan dokter Wrangel, ‘a great prima donna’; sa'n prima donna komt yn mear stikken fan Ibsen foar. Opmerklik is hoe't in analyse fan de minder bilangrike figueren yn dit stik bydrage kin ta better bigryp fan Ellida. De bline krêften yn minsken en de útwurking dêrfan wurde iepenhertich tekene. Mei men de ein bifredigjend neame? Ja, as de figuer fan Wrangel en de oergong fan Ellida goed spile wurde; hjir, as op oare plakken, hat de muzyk in aparte funksje. Oer de wize fan spyljen bygelyks fan de frjemdeling hat Ibsen yn in brief weardefolle oanwizingen jown; it docht wer bliken, dat brieven, deiboeken, eardere skeama's ensfh. by de stúdzje fan Ibsens wurk net mist wurde kinne.
Nei de feteraen Fergusson kaem de jonge prof. Jules Zentner (fan de University of California to Los Angeles) los oer de persoanlike en maetskiplike forantwurdlikheit fan de helten fan Ibsen. Hy siet mei in probleem en in paradoks: dy helten moatte har ropping neikomme, dêrfoaroer steane har maetskiplike forplichtingen en de ein is faek dea en ûndergong. De omstannichheden fan harren dea binne fan bilang, sa't yn it algemien in analyse fan 'e parallelle patroanen fan bilang is. Withoefaek hat der yn it libben fan de haedpersoan in bislissende kar west tusken leafde en maetskiplike forplichting; kieze se foar de maetskiplike réalisaesje, dan birikke se har maetskiplik doel net en moatte o sa lije. Tige sterk sit dat yn John Gabriel Borkman. Borkman sjocht as libbensdoel: alle macht, alle bisit moat yn syn hân, dêr sille miljoenen minsken fan profitearje; om dêrta to kommen jowt er syn faem, dêr't er fan hâldt, priis en bliuwt er, as bankdirekteur, net fan it jild fan oaren ôf. De opset mislearret, by forliest de achting fan frou, soan en freonen, slút, as er út 'e finzenis komt, him op en rint, as in wolf yn de kouwe, al mar hinne en wer. Ella, syn eardere faem, bisiket him dúdlik to meitsjen, hwerom er mislearre is en hwerom it nea hwat mei him wurde sil: omdat er in sûnde bigien hat, dêr't neffens de bibel gjin forjeffenis foar bistiet, hy hat har siel en syn eigen formoarde. Faeks hast gelyk, seit Borkman, mar dit bigjin fan ynsjoch is gau oer en it rint foar him likegoed út op 'e dea. Borkman is it op ien nei lêste stik fan Ibsen; Rubek, de byldhouwer yn syn lêste
| |
| |
stik As wy deaden wekker wurde hat gâns oerienkomst mei Borkman: syn réalisearring fan it artyst-wêzen mislearret trochdat er op it bislissende stuit net de leafde foar kar nommen hat - ek by giet de dea yn, wylst yn 'e measte fan Ibsens lettere drama's de haedfigueren yn libben bliuwe en fierder moatte mei it bisef fan har skuld en de gefolgen dêrfan. De lytsere figueren dogge soms wol de goede kar, foar de leafde, tsjin de sosiale forplichtingen yn bygelyks Erhart, de soan fan Borkman. Zentner analisearre op deselde wize In fijân fan it folk en De frou fan 'e sé en sei oan 'e ein, dat Ibsen op it stik fan 'e leafde en fan maetskiplike forantwurdlikheit hege easken oan syn haedpersoanen stelt, mar dat sûnder mis foar him sels by konflikt de leafde foarrang hat.
Brian Johnston fan 'e Northwestern University to Illinois (Amearika), dy't it hie oer fisuéle en ferbale boarterij yn De wylde ein koe ik net bêst neikomme; hy praette yn in razend timpo in ûre en tweintich minuten lang, hy praette bûtendat nonchalant en by gyng wol tige by Dokkum om. Hy gyng, kin men sizze fan bûten nei binnen ta. De 19de ieuske filosofy, bygelyks dy fan Hegel oer skiednis, moat ynfloed op Ibsen hawn hawwe; dy syn dialektyk, syn opfetting oer it trochwurkjen fan it forline en fan de bilangrikens fan it idéologyske konflikt boppe de tekening fan 'e karakters en de opset fan in drama moat tréwes foar Ibsen west hawwe. Ek Schlegel mei syn takennen fan Noarske ynfloeden en syn Noard-Súdpolariteit kaem oan 'e oarder, likegoed as de biwûndering fan Ibsen foar Byron, in rebel; Ibsen hie ommers in foarkar foar rebellen. By de 19de ieuske debatten oer kristendom en heidendom wie Ibsen tige ynteressearre en Johnston woe hawwe, dat yn it ûnderierdske patroan byg. fan De wylde ein kristlike symboalen werom to finen binne.
In forrassing wie de ynlieding fan Inga Stina Ewbank (Sweedske fan komôf, troud mei in Ingelske féarts, lektrise yn Liverpool) oer de dramatyske tael fan Ibsen as in skeakel tusken syn ‘réalisme’ en syn ‘symbolisme’. Oant nou to hie se mear stúdzje makke fan Shakespeare en de Brontë's, mar hwat se oer Ibsen sei snie hout. Nei de treflike stúdzjes oer de funksje fan de tael by Shakespeare fan 'e lêste tweintich jier binne Ingelske studinten dêr tige op ynsketten; as hja oer Ibsen gear komme sjogge se wol, dat hy in kleare tael skriuwt, mar de funksje fan dy tael yn it wurk wol harren net dúdlik wurde. Mar as men de tekst, foaral de originéle tekst, mar goed bisjocht, docht it wol bliken, dat de tael in evokative krêft hat, stimming opropt; ja, de dramatyske krêft fan Ibsen bistiet foar
| |
| |
in great part yn wurd-forbylding. De ynliedster naem de ein fan King Lear: in âld man yn deastriid utert him réalistysk mei syn al mar herhelle ‘never’ en de réaksje fan de omstanners set syn wurden yn in wider konsepsje; yn Spoeken fan Ibsen bigjint oan 'e ein de útrop fan Helene Alving mei in ynartikulearre herhelle ‘Dat is net to fornearen’ en ‘Nea’ om fia in herhelle ‘Né, né, né’ út to rinnen - yn de meast dramatyske situaesje kin de tael hast mist wurde. Tige ynstruktyf wie de analyse fan de retrospektive ‘speeches’ fan Helene yn itselde stik: earst neat as koarte ienfâldige sintsjes fol fan it wurdtsje ‘moast’ as byld fan hwat se as ienfâldige wierheit sjocht oer har man (yn it earste bidriuw tsjin de dominé), mar letter, as se it libben bisjocht fan it stânpunt fan har man, is har tael it byld fan har nije konsepsje: it rhetoarysk patroan fynt men werom yn tige gearstalde sinnen as útdrukking fan de komplekse situaesje (3de bidriuw). As it om minsklike forhâldingen giet (net in abstracto, mar konkreet), is Ibsens tael tige funksioneel. Yn Boumaster Solness is de ein gelyk èn ûngelyk oan in Shakespeariaensk ein. De toanieloanwizingen dogge dêr foar in part hwat de tael eink dwaen moat. Mar tagelyk bisteane yn de tael fan 'e persoanen twa wrâlden nêstinoar. As Solness nei ûnderen trûzelt set Hilde mei it herhelle ‘Myn boumaster’ Solness yn in oar forbân as de omstanners, dy't sokssahwat sizze as ‘hy sil de nekke wol brutsen hawwe’, ‘helje in dokter’, ‘hy is dea’. In inkeld wurd kin gâns konnotaesjes yn him hawwe, sa Hilde' wurd, as Solness de krânse om de spits
fan 'e toer hinget, ‘For nu, nu er det fullbrakt!’, konnotaesjes dy't by in oersetting as ‘finished’ toloargeane.
Nêst de evokaesje fan de tael moat de ynterrelaesje fan 'e minsken tige bistudearre wurde. Opmerklik is ek, dat deselde metafoar yn gâns stikken fan Ibsen foarkomt, bygelyks de forliedingen fan Kristus, lyk as de bibel dy biskriuwt: yn Kroanpretendinten, 5te bidriuw, yn Keizer en Galileër, 4de bidriuw fan it 2de diel, yn John Gabriel Borkman, de lêste scene en yn As wy deaden wekker wurde.
Der binne kaeiwurden yn 'e stikken fan Ibsen, dy't soms sa faek herhelle wurde, dat men der suver argewaesje fan hat - mar dy kaeiwurden fortsjinje tige ús omtinken. Der sit irony yn it wurdgebrûk; sa byg. yn Pylders fan 'e maetskippij: dy't ‘pylders’ lykje, binne it hielendal net en oarsom. Bilangryk binne de debatten tusken de persoanen oer de bitsjutting fan wurden as ‘macht’, ‘rjocht’, ‘wierheit’, wurden dy't yn de rin fan it stik yn bitsjutting forskouwe kinne. Yn Rosmersholm
| |
| |
hat it wurd bifrijing foar alle persoanen in oare ynhâld; it stik bigjint yn prozayske trant, mar wurdt njonkenlytsen forhevener fan tael en riker oan metafoaren, der is herhelling fan wurden, ek fan eigenskipswurden mei evokative bitsjutting. It taelgebrûk forret, dat Rosmers visy dy fan Rebekka biynfloedet. ‘Bistou it dy't my folget? Of folgje ik dy’, seit Rebekka. ‘Dat sille wy noait hielendal witte’, andert Rosmer. ‘Ik woe it dochs graech witte’, Rebekka wer. ‘Wy folgje inoar, Rebekka. Ik dy en dou my.’ Ensfh. Yn metafoaryske tael stipet de iene metafoar de oare. Nêst forminging lyk as Rosmersholm is ek kontrapunksje mooglik (bygelyks tusken Ella en Borkman). Men kin sizze, dat Ibsen yn mannich ding syn tiid foarút wie; by wiist foarút nei stikken as Hwa is bang fan Virginia Woolf? en Omsjen yn lulkens en As wy deaden wekker wurde docht tinken oan in film as De Stilte fan Ingmar Bergman.
It is net noflik yn in rige sprekkers de lêste to wêzen. Mar prof. Alex Bolckmans wist de oandacht fan de harkers to krijen en to hâlden. Bolckmans underrjochtet de Skandinavyske talen yn Gent, hat in skoft yn Oslo studearre en yn 1956 in boek mei stilistyske ûndersikingen oer Ibsen publisearre. Syn ûnderwerp wie: De symboalen yn Boumaster Solness. It is in tige bikend stik, dêr't withoefaek oer skreaun is, mar de forklearringen untrinne inoar gâns: moat it as in allegory sjoen wurde, is it in leafdesdrama? ensfh. De symbolyk is yn dit stik fan great bilang; tsjin de forneamde literatuerkritikus Georg Brandes hat Ibsen sein, dat it foar gjin inkeld stik faeks sa nedich wie om de bidoeling sekuer oan to jaen. Bolckmans sette de struktuer fan it stik yn in nijsgjirrich skema. Men kin ûnderskate plannen ûnderskiede: it sosiale út minst bilangrike, dat allinne oantsjut wurdt), odat fan 'e leafde (ek frij oerflakkich), dat fan 'e generaesje-tsjinstellingen (dat gâns djipper giet) en dan it moréle plan (dat it alderdjipst taest, sadat neffens Bolckmans it stik alderearst in moraelstik is). Op dy ûnderskate plannen, dy't fansels net skerp faninoar skaet binne, spilet de hanling him ôf. It tiidsperspektyf falt yn trijen útinoar: it forline, it hjoed en de takomst. Op dy plannen en yn dy tiidsyndieling kin men de persoanen harren plak jaen, al mei net forgetten wurde, dat deselde figuer op mear as ien plan en yn mear as ien tiidrek meispylje kin. It opmerklike by Ibsen is ommers, dat alles op alles bitrutsen is, dat de persoanen yn wikselwurking de oare forklearje en dat it forline trochwurket yn hjoed en takomst. De symboalen steane hast allegearre yn forbân mei de haedfiguer; bygelyks it bistigen fan de toer, it oanbringen fan de krâns, it sjongen
| |
| |
en de muzyk fan harpen, dingen út it forline, dy't har herhelje yn in oare foarm en setting.
Sjocht men it fjild, wol men it slachfjild oer, dan is it dúdlik, dat dit seminaer bitsjutting hawn hat en tagelyk dat it reden hat, it net by dit iene to litten (de universiteit fan Bergen noege al fêst út foar it twadde). De Ibsen-stúdzje sil alderearst útgean moatte fan de tekst en dan fan de oarspronklike tekst, net fan in oersetting. Der is in bigjin makke mei de stilistyske ynterpretaesje fan 'e tael (wurdkar, wurdfoarming, wurdherhelling, syntaktyske struktuer) as bydrage ta it forstean fan de figueren en fan it stik. De toanieloanwizingen fan Ibsen hawwe greate wearde; hwat men op it toaniel sjocht is tige bidoeld as bydrage ta forstean. De symbolyk, mar foaral de irony moat neijer ûndersocht wurde; der is gâns yn Ibsen, dat in dûbele of trijedûbele boaijem hat. Net allinne de haedfigueren moatte omtinken ha, yn de ynterrelaesje hawwe ek byfigueren har bilang. Al hoe bilangryk it wêze mei, de wrâldskôging fan Ibsen nei to gean, soks wurdt licht persoanlik; by it fêststellen fan de bitsjutting fan in stik moat alles wol tige oan de tekst kontrolearre wurde. Ibsen is fan bilang ek foar ús tiid.
|
|