De Tsjerne. Jaargang 20
(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 376]
| |
Tr. Riemersma:
| |
[pagina 377]
| |
ik. Heit stoude fuort en ik wie wer allinne. De wéen kamen sa fûl efterinoar dat ik amper op azem komme koe. Ik wist nou seker dat it oangean soe. Ik wrotte myn guod út en ik seach dat der wer bloed oan siet. It kaem lang net goed mei my, mar hoe dan ek, ik waerd mem, it greatste momint yn it libben fan in frou stie ik foar, ik soe myn earste bern op 'e wrâld bringe. Dou wistest fan neat, Arjen, it koe dy net skele. Hwer wieste, yn Amsterdam? Sietst oer de preek nei to tinken, of wiest nei in konsert? Of hast thús west? Dou wiest sa graech thús, nou? En sieten heit en mem mei de jongste soan to dûmnyshoutsjen? Ungelokkich stik puber datst bist, ik krige in bern, in bern fan dy! Ik lei it machtleas to ûndergean, it perse yn myn liif as soe ik my bidwaen, ik fielde dat der hwat troch myn ljisken dreaun waerd. It kaem stadichoan nei bûten, en doe wie it stil, de pine floeide fuort, ik hie it folbrocht. Draeijerich en swymhollich kaem ik oerein en loek myn rok omheech. Der hong in witige koarde út myn liif wei en dêr lei it berntsje. Arjen, it wie sa bigreatlik, it wie in deade rôt, in keale neakene rôt mei it kopke en de poatsjes byinoar teard. Hwerom sietst net by my op 'e rânne fan it bêd om my to treasten, Arjen, hwerom moast ik dit allinne forneare? In miskream wie it; hoe soe it ek oars, mei trije moanne. Mar dou wist fan gjin miskream, dou sietst mei de blyn-seis yn 'e mage en jim mem seach greatstk nei dy, biologysk studint, de gloarje fan 'e famylje. Altyd hawwe wy it bilije moatten dat jimme allinne oan jimsels tinke. Us mem hat twaris in dea berntsje hawn en sukkele út. En doe roun heit mei de siel ûnder de earm om't er him tokoart dien fielde. Libbe ús mem noch mar, dy soe my bigripe kinne, hwant mem wist hwat it wie, dy hie it ûnderfoun. Mar ús mem hat it fortriet it grêf yn droegen. Se hat my noch warskôge, goede siel, mar ik haw it dwarskoppich yn 'e wyn slein. Mar it hie dyn plak west, Arjen, dòù hiest my bystean moatten. Mar dou wiest fijn fan my ôf, nou? Doe't ik dy fuortjage, wiestou wer frij man. Hwat hast tsjin jim mem sein: Stout famke hat jonkje fuortjage? En hwat sei memke doe: Och leaf jonkje, bliuw mar by memke, mar net wer efter famkes oan, gulpke mar moai ticht hâlde? Stik fortriet, hwat hastou ea oan my hawn, hwat hastou fan my bigrepen! Dou sietst tofolle mei dysels yn 'e knoop datst my bigripe koest, en dou hast it ek net bisocht. Dou hast dy neat ôffrege, dou hast nearne oer neitocht. Ik hie dy misledige en ik hie dy fuortjage en dêr wie foar dy de saek mei útiten. Dou fieldest dy kron- | |
[pagina 378]
| |
ken, dyn eargefoel hie in opdonder krige. Dou bist yn dyn hoekje sitten gien to stumen, mar hast net in trien om my litten. Ik, ìk haw gûld. Doe'tstou by de trep del giest, doe jankte ik, omdat ik it sa net bidoeld hie, omdat ik dy by my hâlde woe, om't ik net sûnder dy koe. En doe'tstou stumend troch de stêd rounst, lei ik to moartsjen oer de flier. En doe't ik fan wike op wike mear wissichheit krige, dat ik in bern ha moast, doe gûlde ik, om't ik sa allinne wie en nimmen hie om it oan to fortellen. Oan dy tocht ik, oan it lêst ta haw ik op dy hope, datst werom komme soest en my trouwe. Mar dou kaemste net, en de sneins dat it barde, doe wiest der net. Ik flústere hieltyd dyn namme en gûlde sûnder triennen. En doe't ik dat bihyplike deade minskeberntsje op 'e wrâld brocht hie, doe haw ik skriemd. Witstou hwat dat is, Arjen, skrieme, witst dat? Dat witstou net, fordommese bliksem, dat witstou net, en dat silstou nea witte. En dêrom forachtsje ik dy, en dêrom wearzgje ik fan dy. Mar ik haw fan dy holden. It is foarby, Arjen. Nou hoechst net mear to kommen om my tekst en útliz to freegjen. En soest it nammers net bigripe, soks stiet net yn dyn diktaten. Myn leafde sil ik biwarje as in goed oantinken: ik haw gjin spyt, ik haw fan dy holden. As ik foar God forskine moat, dan sil ik sizze: ik haw fan him holden. En hwat silstou dan, Arjen? Dou kinst oars net sizze as datst dyn lul hinne en wer skoud hast. Hoechst net mear to kommen en to sizzen dat it dy muoit, it is to let. Dòè hiest in kearel útmeitsje moatten. Ik sjoch dy nòch stean mei dyn neakene hûd en dat sútrige sloppe pyltsje. Ik wie seis wike fan dy hinne, al wist ik dat net seker. Ik pleage dy en ik ferge dy en ik flokte dy by de loft lâns. Mar ik miende it net, Arjen, ik haw it net miend. God wit dat ik it sa net bidoeld haw. Ik woe datst antwurdzje soest, datst noed foar my stean soest, mar it kaem dy net oer de lippen, en hwat moast ik doe oars as dy útflokke en dy fornederje? Mar ik woe dy de hannen wol slikje, ik woe foar dy krûpe, hiest my slaen mocht as in houn, ast mar fan my holden hiest. Hwannearst mar sein hiest: Ast echt wier yn forwachting bist, dan trou ik dy. Op dy bilofte hie ik alles oankinnen. Dou hiest dyn studzje wol ôfmeitsje mocht, al soe 't noch fjouwer jier duorje, ik hie wol werke wollen foar dy en ús bern, ik soe alles foar dy oer hawn ha, as ik my mar burgen witten hie. Mar dou woest de forantwurdlikheit net op dy nimme. Dou seist net: Ik trou dy, Wilma. Dou stiest foar my mei dat wiete lultsje der'tst krekt mei jagerkeboarte hiest en dyn kop wie as in tomaet sa read. Dou woest wol troch de | |
[pagina 379]
| |
groun sakje en dou seist oars neat as: ‘Wilma, jow my myn klean! Asjeblyft, Wilma, jow my myn klean.’ Ik haw se dy tasoald en dy de doar útwâdde. Astou in kearel útmakke hiest, Arjen, dan hiene wy nou troud west. Dou hiest yn Amsterdam bleaun to learen en ik hjirre om de kost to fortsjinjen. Of miskien hie ik wurk socht yn Amsterdam en hiene wy dêr in keamer fine kinnen. Ik soe nou in moanne of fjouwer hinne west ha. Op bêd hiest de hân op myn liif lein en field hoe grappich as ús berntsje der bobbels op makke mei syn knibbeltsjes. Dou witst it net, Arjen, hwant de kletspraetsjes sille wol net oan dat ûnnoazele greiddoarpke fan jimmes ta komme, dou witst net dat ik in miskream hawn ha. En ik sil it dy net fortelle. Ik sil dy net foar de fuotten smite datst foar de helte skuldich stiest oan myn ûngelok. Hwant dat biste. Astou noed foar my stien hieste, astou my net yn dizze wanhoop en forlittenheit jage hiest, dan hie ik myn berntsje wol holden. Mar ik sil it dy net fortelle en dy neat forwite. Soest it ek net bigripe. Hoe soe memme jonkje mandélich wêze oan in miskream? En al soest dy in bytsje ûnwis fiele yn dy spjeldekop fan dyn hert en al soe dyn gewisse him oppenearje, och, dan naemstou de hannen gear en seist dyn gebetsje op. En de Heare God soe it dy wol forjaen, dy forfeelt him oars ek rot. Mar myn ellinde en rottichheit, dêr woestou net yn meipartsje en myn fortriet woestou net meidrage. Ik sil dy forjitte, Arjen, ik sil dyn namme net wer neame. En nou - nei de hel, dou! |
|