| |
| |
| |
D.A. Tamminga:
Bermtoeriste
Se hiene it ienlik stik heuvellân fan Nivernais al efter de rêch en sieten nou tusken Langres en Nancy op 'e fjouwerbaen. Forfelend ein likegoed. Men koe de 90 der mar hieltyd foarhâlde, oars snjitten jin dy swiere mercedessen as swellen efterop. En dan nòch. Mar koe men hurder mei sa'n ôfladen caravan oan 'e efterste bumper en lykwol, hwat soe men bijeije? Ier yn 'e middei wie it noch en ek mei sa'n gonkje koe er de camping by Luxembourg-Stêd fleurich krije. Hinne hiene se der ek in nacht stien. In prachtplakje mei alle geriif. Hè, hoe'n sin krige er ynienen oan in dûk yn it swimbad; hy fielde him kleverich en goar. Moarntojoun wer op eigen bêd!
Ungemurken even fan siden loere. Yn in flits seach er Luerts tsjin de leuning oan hingjen, ûnderút sakke, de rokken ûngesjeneard oplutsen, de holle efteroer, ljochte lokken baren oer de rânne fan 'e foarbank. Har eagen, oars blauwe marren om yn to forsinken, stiene glêzich, liken wol oerizele. Oerlangsum sakken har teisters...
- Slûch? frege er mei de eagen al wer op it triljende asfalt foar him.
- Bytsje.
- Jow dy mar del, ik hoech de earste ûre gjin oanspraek.
- Né, my to riskant. Astou ek ris yn 'e sliep falst, hwat dan?
- Stek in sigaret foar my oan, ast wolst.
Mei de iene hân die se loom in taest yn it opberchkastke, wrotte mei de oare yn syn broeksbûse om de oanstekker, knipte fjûr en plante him de baernende sigaret tusken de lippen. Har mûlfocht mong him mei sines.
- Sels net smoke?
- Né, ik woe allinne mar sliepe... sliepe...
- En dou doarst net?
- Né, Hessel, wier, ik wol net. Hast dat lêzen fan dy lifter dy't sliepend tsjin de chauffeur oan rôlle yn in bocht? De man rekke it stjûr kwyt en...
- Klap oars yn 'e caravan in bêd del. Leau my, Luerts, ik fiel gjin sliep op 't stuit en ik set de radio oan. Sjoch, op dy heuvel dêrre stopje ik strak. Et voilà, mamsèl nimt de wagon lit.
Syn hwat flau-oandraeide fleurige toan wurke net folle út.
- It ding dindert sa ûnder 't riden.
- Och, ik smyt him yn 'e 50, ju. Wy ha de tiid oan ússels, net? Of bist ûnwennich fan 't hountsje?
| |
| |
- Mar it mei net, Hessel. Doarst it oan om 'e kontrôlle?
Luerts hie gelyk, it wie sa. Súd fan Dyon hie fan 'e moarn de Frânske wegepolysje in smeet op harren dien. Toeristen mei caravans as dizze waerden kontrolearre op passagiers efteryn. In gedonder fan neat, mar ja, wet is wet. Mar op dizze autowei wie er mei sa'n slakkegong foar elk in argewaesje, in stan-yn-'e-wei. Mar wacht ris...
- Ik wit it al.
Mei de motor noch oan bûgde Hessel him op it parkearplak oer de úttearde kaert.
- Ik wit it al. Aenst krije wy hjir dy brêge oer de Maes...
- De Maes, sei Luerts sleau gapjend, hwat heart dat ynienen ticht by hûs.
- Dou witst miskien noch, leave, sei er spotsk, dat de Maes yn Frankryk ûntspringt? By Maestricht sjogge wy him pas wer, dat dou kinst him strak foar in moai skoft dachsizze.
Sy gappe opnij en yn in opstiging loek er har tsjin him oan, sa waerm as er wie. Hy fielde har hier kriuweljen tsjin syn stoppelwang.
- Moarntojoun, fanke, wer op eigen bêd. It moaiste fan it reizgjen is it thúskommen. Hwa sei dat ek al wer?
- Húshin, sei se en biaeike syn kin. Dou hast dy net skeard fan 'e moarn.
- Alle stopkontakten wiene biset, sei er ôfwêzich en bûgde wer oer de kaert op syn knibbels, Sjoch, dy brêge foarby kinne wy links ôfslaen nei in sekondaire wei. Dy rint... jawis, dy rint op Metz oan, dat dan kinne wy Nancy lekker lizze litte. Op sokke wegen kinst yn Frankryk dwaen hwatst wolst, gjin polysje, gjin ynhellerij... Dwaen?
- It is my goed hwat myn hear gemael wol. Har stim wie dreamerich, like fierwei to kommen. Har fingers tyspelen noch oer syn wang.
- Goed, dan nou gjin gemael mear. Myn favorytsje lûkt har werom yn har sliepfortrekken. Klean út en allinne in lekken oer. Hjir, in nachttút.
Nei de koarte koele koker fan it viadukt, mei in pear kûlen dy't er hiel foarsichtich naem, rekke Hessel earst yn in ein gleonhjitte holle wei mei boppe de skeanten in pear suterige boerewenten. Mar doe bigoun foargoed it hast útstoarne plattelân fan Noard-Frankryk wer. Súntsjes deldragende heuvels, skier bimoude bermgers, hjir en dêr hwat struwelleguod en bytiden in foech ein bosk.
It waerd op 'e middei suver noch waermeroan. Hy draeide
| |
| |
it portiersrútsje oan syn kant sa leech mooglik, knope syn loshingjend kakihimd oan underen to los. Switdripkes hongen blinkend oan syn boarsthier. Hjir koe men tominsten 40, 50 ride sûnder opjage to wurden troch banjers mei sliden as bedsteden. Ek sa helle er it swimbad by Luxembourg wol. It weidek foel hjir net iens ôf, dat hjir móást Luerts de sliep krije, as se dy tominsten al net to pakken hie. Sa gyng dat mei dy jounsminsken. Hwat sei syn mem dan ek al wer? Nachts fiskje en deis netten druije... Hy sette radio Luxembourg oan en núndere de earste tophits mei. It's a hard day's night...
Nou, drege dagen hiene der wol by west dizze reis. Hwat hied er oars in daelders plakje foun, dêr yn Langue-Doc by dy strânmar. Moarns as de sinne der by kaem seagen se út 'e caravan wei fan dy pittoreske fiskerslju dwaende mei har netten. In plaetsje. Moaije keardels, sá weiroun út Sans Famille. Farske fisk hie Luerts bakt yn Fryske boerebûter. In pré. De verbroedering der volkeren. Mar fansels, Luerts dy woelwetter wie it dêr nei trije dagen to stil, woe de Costa Brava sjen.
- Reisdoel fan elke snob langer, hie er grommele, mar se hie gjin lichten dien, dat hy wie sa goed net en stek de eastlike útrinders fan de Pyrenéën lâns. San Filiu de Guixol hiet it plakje, dêr hiene se in wike stien. Deis hwat oan it méditerranú-jen, sa't er it sintsjen op it grintstrân hwat skealik bineamde, nou en dan in dûk yn it blauwe, trochskinende wetter, en jouns in terraske oan de boulevard. Luerts, altyd út en fyf as in ekster, hy sleau fan de waermte en de sinne yn 'e rêch. De lêste jouns hie happige Luerts har op 'e promenade tusken de autochtoanen weage oan de Sardana, de lokale folksdouns dy't suver devote tawijing frege. Hy seach har noch tripkjen yn har shorts, de skonken brún as piper, fjûr yn 'e kûten... Une femme fatale... Si, si, buona, siñora, buona, siñorita... Miende sa'n Catalaen dat nou...?
- Dou bist jaloersk, hie se letter tsjin him sein, in âldmannekwael, witst dat wol?
Mar nou wie de ein dan wer yn 't sicht. Luerts hie wol gelyk niis, sa'n simpele riviernamme hie al hwat eigens, hwat fan thús.
Hessel fluite it radiowyske mei, forsiet efkes en klamme de biswitte hannen wer fêster om it autostjûr. Hwat in romte hjir, hwat in iensumheit. Gjin ynhellers, hast gjin tsjinlizzers, gewoanwei in genot.
- Hessel jong, net sa hurd, sei er tsjin himsels, Luerts har stim sêft neibauwend. Dan, mei syn eigen lûd: - 't Is ek sa, fanke, hoe liket it, leist dêr hwat noflik? Dizze fakânsje hat dy smakke, net? Bist hearlik brún, hè, nou ja, op in pear hoe- | |
| |
ken en harnen nei dan. Dêr kin in wiete hjerst en winter op stean skielk. Parlez moi d'amour... Bah, hwat waerd men sentiminteel fan dy radiowyskes. Hy moast der fan, ja mar dan nou ek letterlik.
Mei fordrach sette er de wein ûnder hwat beammen. Syn Schone Slaapster moast der gjin erch yn krije. Hy draeide it oare rútsje ek del. In houtekster spatte op út 'e strûken en fleach skatterjend fierder it bosk yn bisiden de wei. Pûstend taestte Hessel nei de efterbank dy't fol klean en dingen lei, foun de klosetrôlle en sette it bosk yn.
Hwer bin ik? Wie der hwat? Kreunend rekte Luerts har út, de brune earms skean omheech út it pyamajaske. Oan it hollenein roerde har iene hân it kâlde glês fan it spegeltsje en dat makke har klear wekker. Jawis, der wie hwat, dat oars wie as nyskes. O fansels, Hessel stie. Meleur? Lekke bân?
Linich smiet se de rôze pyamaskonken fansiden en stie yn it middenpaed. It lekken lei as in fodde op 'e flier fan de caravan. Se krige it op, soe de badjas oanstrûpe, mar smiet him by it lekken op it bêd. Phoe, hwat wie it hjir gleon en binaud!
Yn it skaed nêst de wein stie se nou, rôze figuerke mei it hier om 'e holle. Se fluite, de earste noaten fan Solveigs Lied, harren âlde herkenningsmelody. Soe Hessel...? O fansels, hy hie al yn gjin twa dagen west. Dat woe mei him yn 't bûtenlân altyd sa min. Se fluite wer, mar der kaem gjin antwurd. Die er it der om? Alle kâns, mar dêr soe er gjin eare fan ha. Se roun foar de auto lâns en seach ynienen yn it bosk oan oare kant de wei swarte beijen skimerjen tusken it grien. Se stiek de wei oer, bûgde in pear dwerse tûken fansiden en bigoun to sykjen. In Frânske frachtauto tongere lâns. De chauffeur, sa'n Jean Gabin-figuer, wiuwde laitsjend nei har en rôp hwat út syn kabine wei. Se forstie it net sa gau. Waei op, fint! Mar it wie dock better en gean hwat fierder it bosk yn.
Dy houtekster, tocht Hessel, koe hurder as ik. Soe er ris efkes strúnjeije? Ungemurken troch it sydrútsje fan 'e caravan kypje? Tsjong, se hie de gerdyntsjes tichtlutsen. De doar sahwat bihindich in eintsje iependwaen? Och né, lit sliepe hwat sliepe wol. Sûnder skokken stjûrde er de wein út 'e berm wei en skeakele hoeden yn 'e twadde. Skatteren thús dy houteksters ek sa lûd as hjir? It wie him noait opfallen. Hy skatte de ôfstân nei Metz. Yn in ûre rêdde er dat wol. Sin oan swimmen krige er, sa wie 't al.
| |
| |
Twa hanfollen hie se nou al, as se it bûske fan 'e pyama net meirekkene. Se soe him daliks de mûle yn ienkear foltropje. Hjir yt op, soe se sizze, goed foar dyn spysfortarring.
Wie dit it plakje wol of hie se har forroun? Och, in flauwe grap fan Hessel, hy hie de wein fansels in eintsje forriden, dêr om dy bocht. Unwis slykslakjend op har to romme strânslippers stiek se dêrhinne, in pear kear omsjend... Men koe hjir dochs net yn pyama...
Mar om dy bocht wie wer in bocht, mar gjin Hessel. Stadich, o sa stadich bigoun it Luerts to daegjen. Hy hie tocht... by miende fansels...
Hwat tinkt in frou allinne yn in rôze pyama oan in stille boskwei earne yn Noard-Frankryk? Sy tinkt net, kin amper tinke, mar fielt har yn panyk en oan alle kanten kwetsber en bispotlik. As spaende se hjir pûrlike neaken om, sa'n gefoel krige se ynienen. Hie se dy badjas nou mar...
Liftsje, skeat it troch har hinne, der sit oars neat op.
De earste auto, in gammel gefaltsje, siet ôfladen mei bern dy't har tomkjen opnamen as in grapke en laitsjend foar de rútsjes omkrioelden. De twadde, sa'n hege hoed op tsjillen, like in Ingelske lord to wêzen mei syn sniewite lady nêst him. Shocking? Hy stie de forsiking blykber moedich en flegmatysk troch, sloech har opstutsen tomme tominsten gjin acht. Forhip! Doe bleau it in skoft stil op 'e wei; hja koe de fûgeltsjes yn 'e strûken oangean hearre. Einlings kaem efter de bocht wei fier en swier gebrom. Luerts skikte har nachtklean hwat torjochte, helle de fingers troch it tizich hier. Har hânpalmen sieten noch blau-swarte plakken op fan boskbeisop, mar toemar, hwat koe it skele? Se stie hjir doch foar gek. In rôze bloeijende magnolia yn augustus...
It wie in militaire Navo-truck. Soldatefolk... soe se dy wol om help freegje? Mar de beide baretten yn 'e hege kabine seagen al niget, stoppen út harsels.
- Troubles? Something wrong here?
- Can I get a lift? My husband...
Fierder koe Luerts tonearsten net komme. Se wiisde de wei del. A misunderstood...
De beide jonge knapen seagen inoar sahwat skelmsk oan, doe sei de iene efter it stjûr: - Yes, of course. Please, come in.
De oare sprong as in kat ta de kabine út, klapte in opstapke del en in pear tellen letter, dêr siet pyama-Luerts tusken de beide unifoarmen yn. Feilich en yn Navo-forbân, sa to sizzen. De kabine roek nei oalje, learwurk en minskeswit. Yn knoffeliger Ingelsk as wol hoegde lei Luerts har tastân út. De chauf- | |
| |
feur wiisde troch it foarrút en prústte it út fan 't laitsjen.
- Your husband...? Ahead of us? For a long time? O, in kertier sahwat. Dan krij ik him wol to pakken.
Gromjend skuorde de truck troch de bochten. Navo-materieel dat in stjitsje forneare koe. Stiif mei de eagen op 'e wei foar har, makke Luerts har sa smel mooglik, de rôze knibbels stiif tsjininoar oan, de hannen krúslings oer har búste. Wé, as se ien hân útstieken, dy weelderige knapen!
Elke bocht joech har in skok en doe't der foar har út op eigen weihelte in auto sichtber waerd, koe se amper sitten bliuwe. Mar it wie de Lord fan niis dy't se toeterjend ynhellen en foarbyskeaten. Toemar, Navo, ride... ride...
Stadichoan hâldde it bosk op. Foar har lei nou in griis lint, dat yn 'e fierte by de skeante fan in heuvel op kroep. En healwei dy skeante... in reade wein... in caravan... Se wiisde.
- That's your car?
- Yes, it is. Hurry up, please!
De truck skeat de lichte yn en doe't se wer klommen en de top to pakken hiene, leine Hessel en oanhang noch in pearhûndert meter foar. Luerts seach de caravan op en del widzjen, op en del, it wie as knikte er har bimoedigjend ta.
De speedometer op it dashboard foar har gyng wer omheech. De jonges raesden inoar hwat ta, yn Navotael of yn slang, Luerts wist it net. Mar se stikten kenlik hast fan 't laitsjen.
De chauffeur klaxonearre om romte en de caravan striek pront by it wynderjende bermgers lâns. By it passearjen soe Luerts mei gewelt tsjin 't sydrútsje klopje en sa Hessel de wink jaen. Mar har rjochterbuorman forskikte gnyskjend en diek alle sydsicht ôf mei syn breed korpus. O fansels, se woene Hessel klem ride, dy bitûfte skelmen. Dan moast er wol stopje. Nou, hy hie 't fortsjinne, of né, sa mocht se net... Hwat is klem ride yn 't Ingelsk?
De truck bromde nou as in bear en de speedometer trille wer omheech. Hwat woene se? Hwat soene se mei har...?
- I must out, rôp Luerts yn in Ingelsk dat wol better koe. I must go out!
De beide mannen laken wer en skodhollen. Wait a moment. Luerts woe omsjen, mar har eagen stuiten op 'e efterbiklaeijing fan de kabine. It spegeltsje, mar it siet to ticht by de bistjûrder. Soe men dy jonge it stjûr net út 'e hannen skuorre? Hwat wie de bidoeling? Woene se forkeard...?
It waerd nou wer boskich om 'e wei hinne. En ynienen bigriep Luerts de grap. Hjir hiene se hieltyd al op figelearre fansels, dy smjunten! Hjir koene se yn har kantine jounen lang
| |
| |
oer fortelle en gnize. A Dutch lady in sleeping dress... My boy, my boy... Mar se soe har neat skine litte. Soe se raze? Né, sitte, troch it foarrút sjen, harsels lyts meitsje... Plakken gril sinneljocht, ôfwiksele mei beammeskaed teisteren har foar de eagen.
Einlings, ûnder beammen as dêrjinsen, pipen de remmen, de truck stie. De soldaet raemde it portier iepen, sprong as in panter op 'e groun. Hy klapte mei in sierlike swaei de delstap út, stie stram en sloech oan.
- Here you are.
Luerts joech de chauffeur in hân.
- Thank you very much indeed.
- Not at all, lake dy mei alle tosken bleat. Good luck and good journey!
Luerts har útlitter siet noch mar amper of de legerwein ried al wer. Beide barstten se hast fan wille.
Hessel sette radio Luxembourg ôf. Dy wéë hits mei dy reklame der tusken troch soe men ek mislik fan wurde op 't lêst. As er dit keale ein haven hie en dy iene truck bliek net de kop fan in militaire kolonne to wêzen, waerd it tiid ta pleisterjen. Luerts har siësta hie dan ek langernôch duorre. Se moast mar ris in sterke kop thé foar him sette, hearlik yn 't skaed fan dy beammen dêrjinsen...
Mar by dy beammen like de kaert al wer forjown to wêzen mei toeristen. Der stie tominsten in persoan yn 'e berm to meneuveljen. In frommiske? Yn pyama? In rôze pyama? Hjir yn dit lân koe men ek fan alles forwachtsje. Lichte groun, lichte seden, lichte froulju. Né fanke, stean mar net sa to skermesearjen. Wy ha genôch oan ússels.
Of sil ik doch mar...? Ha, ha, Luerts soe letter raer beare as ik hjir mei sa'n Frânske hittepetit... Mar hwat nou, dêr giet my dat skepsel wiidskonkich en mei de earms fan siden midden op 'e wei stean? Túúút, túúút, gjin gehealwiis hjir op ljochtskyndei! Of wie der ûngemak...? In oanriding...?
Hommels mindere Hessel gong, smiet syn biswitte sinnebril nêst him op 'e bank. Sliep ik miskien? Dat is... dy pyama... dat is Luerts? As twa drippen...
Mei alle gewelt drukte Hessel de rem yn en stie mei in skok stil midden op 'e wei. Efter yn 'e caravan rattele it fan forskouwend diggelguod.
- Luerts... dou...?
Ien eachwink en se lei snokkerjend en laitsjend yn syn earmen. Ut it bûske fan 'e pyama dripte blau-swart focht.
|
|