De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 365] [p. 365] [Nummer 10] Durk van der Ploeg: † It lichem as in liniael, De hannen dy't fansiden griepen. Sa lei er mei de eagen iepen To wachtsjen foar it Arsenael. Hy wie syn libben lang chauffeur. Mar op in nacht siet er to sliepen, It útsicht waerd sa ljocht en iepen; De holle knikte force majeure. Dit is it teken fan de dea, Dit is it teken fan it libben. En foar de djipbidrôve sibben Dekt de forsekering de skea. [pagina 366] [p. 366] De iene is de oare net De iene is de oare net, Al skodzje ús levers fan moralen En binne wy dan foar de wet Ek boargers sûnder idealen. De iene is de oare net. Binn' jo in man fan talen? Ik bin jou buorman efter 't sket En lês jou reisforhalen. De iene is de oare net, Jo ha jou eigen plichten. Ik bin jou buorman efter 't sket En skriuw swiersettige gedichten. De iene is de oare net. Ha jo in wiif mei sinten? Ik bin jou buorman efter 't sket En libje fan de rinten. [pagina 367] [p. 367] Myn soan fan 6 Myn soap fan 6 tekent in tún Mei stuollen, touters En puntmûtskabouters; De beammen hingje oan 'e krún. It hûs fan fjûr en grien, It grize dak In linnenrak En blau it tún, De beammen brún. In mantsjemosk left sûnder skonken To sinnebaeijen, fel oer bonken. Mar hwerom is de himel swart? It is gjin nacht of oare deis Myn soon fan 6. Hwerom net griis, Hwerom net read? De himel is sa swier as lead. Hwerom is de himel swier, Hwerom lakest, bistou blier? Bistou net bang? It lok is mar in finger lang. Skras yn it swart Mei 't hurdste giel Twa bulten fan in fetkamiel, In inketfisk mei fjur'ge poaten, Reade seilen op wite boaten. Meitsje de himel ljocht fan snie. Of tochtst' dat de ierde himel wie En himel ierde, soan fan 6? Wy binn' al ieuwen ûnderweis. [pagina 368] [p. 368] Der sit in neger yn 't gesticht Dit is in inketswart gedicht. Der sit in neger yn 't gesticht; Hy is net kwea, hy is net gek, Mar 100 kilo oan gewicht. In blanke batman mei in sek, Smyt him it iten foar de bek En slacht him lyk yn it gesicht. Hy ropt forwoeden: Frette Black! Mar Harlem dat is Harlem net. Dy blanke batman mei syn pet Dy giet nei de fordommenis, As earst ús tiid mar kommen is Dat wy yn Central Park op banken Sitte; in dieretún foar blanken. Vorige Volgende