De fiif foar Jan Wybenga
Sa't al út deiblêdpublikaesjes bikend is, hawwe Deputearre Steaten fan Fryslân de dichter Jan Wybenga bikroand mei de Gysbert Japikspriis 1965. De advyskommisje bisteande út M.J. de Haan, dr. Y. Poortinga en dr. A.S. Wadman, hat de kar falle litten op de bondel Barakkekamp, yn novimber 1962 útkommen as aparte ôflevering fan De Tsjerne.
Wybenga's earste dichtbondel, Amoeben (Laverman, Drachten), kaem út yn 1954 en waerd troch de krityk priizge as in baenbrekkend wurk.
Fan 1953-55 wie Jan Wybenga redakteur fan De Tsjerne.
Us hertlike lokwinsken oan de priiswinner. De redaksje fan dit tydskrift fielt him suver in bytsje mandélich. Wiis ek binne wy der mei dit nûmer mei in rige nije fersen fan Jan Wybenga iepenje to kinnen.
REDAKSJE.