Op it harspit:
Twa man yn 'e greft?
Mattheus 15:14
Al mei it guon lêzers min sinnigje, ik sil der net foar wei kinne en meitsje by it stik it bearen fan lilke douwe fan myn meiredakteur Lolle Nauta yn it foarich nûmer fan dit tydskrift in pear kanttekeningen.
1. Sil it ûnder ús gjin Babel gelyk wurde, dan moat by in diskusje oer bigripen as ‘antisemitisme’ of ‘germaensk’ earnstich rekken hâlden wurde mei de bismetting dy't sokke wurden troch oarloch en nazi-terreur oproun hawwe. In antisemyt anno 1965 is identyk mei in misdiediger, hwant hy stiet efter de gaskeamers fan Auschwitz; immen dy't anno 1938 n.o.f. de diskriminaesje fan Joaden yn Nazi-Dútsklân bisocht hat út in dialektyske tinktrant wei in theologyske ynterpretaesje fan dy hetze to jaen mei men net mei dat swier bilestge wurd bititelje. Hwa't dat wol docht lûkt elke diskusje oer de woartels fan de lettere massamoard út syn foegen. As wy it hjoed-de-dei hawwe oer in ‘kastelein’ en wy bidoele in ‘kastielbihearder’ of as wy prate oer in ‘hynstefeint’ wylst wy in ‘maerskalk’ miene, dan rint it petear muorrefêst.
2. De diskriminearjende wize hwerop Nauta oer de ‘tragyske figuer’ Fedde Schurer skriuwt is der by troch. Dat Schurer oer guon bijûchheide skeppingen fan jongere auteurs oars tinkt as Nauta is syn goed rjocht en dat er foar de Vara-mikrofoan it bidiskussiëarre artikel fan E.B. Folkertsma yn it rjochte histoaryske en psychologyske kader set en it as gehiel (dus net fragmintarysk) ynterpretearre hat, pleitet foar syn ynsjoch as E.B.F.-lêzer mei tritichjierrige training. Der by troch is ek de passaezje: ‘Mei tamminga is it in oar gefal. Dy siet op 't lêst net yn 'e redaksje fan it kristlike wykblêd dat de stikken fan folkertsma publisearre en ‘hy hoecht him dus sels net to fordigenjen’ (skeanprint fan my, D.A.T.). Ut it forbân is allinne mar op to meitsjen, dat dit op Schurer slacht. Bihalven in slach yn 'e loft om't Fedde Schurer yn 1938 gjin sit hie yn 'e redaksje fan De Stim fan Fryslân, is dit in lilke ynsinuaesje oan syn adres. Kin Nauta him wier net foarstelle dat men ek hannelje kin út oertsjûging om't men lêze kin of út ienfaldige freoneplicht? Liket it him tinkber, dat immen as Schurer jierrenlang omgong hie mei in joadehater, mar fan dy syn joadehaet neat ôfwist? Of slimmer: dy joadehaet yn it publyk hwat biklauwe woe?
3. Nauta syn filippika tsjin it oereinhâlden en bikrânzjen fan in stânbyld, symboal fan frustrearjende fryske mythen, en wol troch in byljende âlderein, is net oars as grotesk to neamen. As karakteristyk kin ik it rêstich nêst my dellizze, hwant ta dizze knypeagjende auguren - as dy der binne - bihear ik nou ienkear net. Wol fiel ik my bisibbe oan in foech tal minsken dy't yn dizze regio romte skeppe wolle foar in literatuer yn eigen tael dy't ‘by de tiid’ is. Mei dat miskien?
4. It meast muoit my, dát Nauta gjin each hat, alteast gjin krom meistimming blike lit hwat oangiet de teneur fan myn stik yn it aprilnûmer fan dit tydskrift. Dêryn wie wier net in ‘demagooch