| |
| |
| |
Hindrik Pietersma:
Tiid en ivichheit
Oan de neitins fan T.S. ELIOT
Yn jannewaris fan dit jier is T.S. Eliot forstoarn, in greate figuer, net allinne yn Amearika en Ingelân, mar rounom yn 'e wrâld. It sprekt fansels dat De Tsjerne by dit forstjerren effen stilstean wol. By dit bitinken is it ús doel net yn dit essay in gearfetsjende skôging to jaen fan de dichter syn hiele oeuvre. Wy wolle ienfâldich in diel fan syn wurk jitris mei earbiedige oandacht lêze. Us kar is fallen op in rige fan fjouwer gedichten, dy't, doe't se allegearre klear wiene, de titel Four Quartets krigen. Ut it eachpunt fan dichterlik fakmanskip is Four Quartets nei wierskyn Eliot syn masterwurk, mar wy sille nou mar net bisykje en meitsje dit wier. In treftige bisprekking fan de technyske kant fan dizze gedichten kin men fine yn The Art of T.S. Eliot fan de bitûfte literaire kritika Helen Gardner. Wy soene gewoan lêzers útnoegje wolle de gedichten mei ús to lêzen. As kommintaer by it lêzen fan de Four Quartets litte wy alles wei, hwat by in earste stúdzje mist wurde kin. Foar fierdere stúdzje is it needsaeklik de wiidweidige Eliot-literatuer to rieplachtsjen. Foardat men lykwols nei de boeken grypt, soe men der goed oan dwaen de toanielstikken, Murder in the Cathedral en The Family Reunion, dy't yn deselde tiid ûntstien binne, to lêzen. Ek bliuwt it nei ús bitinken wier, dat men it by de Four Quartets by einbislút fan it lêzen en wer lêzen hawwe moat. Dit is oars as by The Waste Land.
Om by de titel to bigjinnen, moatte wy earst in oanhael dwaen út The Music of Poetry, in essay fan Eliot dat tige bilangryk is foar it bigryp fan de foarm fan dizze gedichten. It is nou to finen yn 'e samling On Poetry and Poets. Eliot skriuwt:
I think that a poet may gain much from the study of music: how much technical knowledge of musical form is desirable I do not know, for I have not that technical knowledge myself. But I believe that the properties in which music concerns the poet most nearly, are the sense of rhythm and the sense of structure. I think that it might be possible for a poet to work too closely to musical analogies: the result might be an effect of artificiality; but I know that a poem, or a passage of a poem, may tend to realize itself first as a particular rhythm before it reaches expression in words, and that this rhythm may bring to birth the idea and the image; and I do not believe that this is an experience peculiar to myself. The use of recurrent themes
| |
| |
is as natural to poetry as to music. There are possibilities for verse which bear some analogy to the development of a theme by different groups of instruments; there are possibilities of transitions in a poem comparable to the different movements of a symphony or a quartet; there are possibilities of contrapuntal arrangement of subject-matter.
Wy kinne hjir fansels net oan 'e oarder stelle hwat de dichter yn it boppesteande seit oer it pöetysk proses. De oantsjutte analogy tusken in gedicht en in muzykstik is nuttich foar it forstean fan Four Quartets. Wy moatte ús wol to wacht nimme en gean hjir net to fier mei. Poëzij is yn lêste ynstânsje poëzij en gjin muzyk. De analogy lykwols forklearret om to bigjinnen de titel sels. Fierders sil de lêzer al mei gauwens fornimme, dat alle fariaesje en ôfwikseling yn toan, wurdkar en ritme bihearske wurde fan strange struktuerwetten. Aloan wurdt in thema útwurke mei it iene foar it oare oer to stellen, itselde op forskillende wize to stellen en oan 'e ein fan elts gedicht en ek fan de hiele rige op it bigjin werom to kommen. Boppedat wurde passaezjes mei greate poëtyske spanning aloan en alwei ôfwiksele mei oergongspassaezjes fan minder spanning, hweryn de poëzij deun by it proaza skynt to kommen. Dit lêste punt forantwurdet Eliot yn itselde essay mei to sizzen:
... In a poem of any length, there must be transitions between passages of greater and less intensity, to give a rhythm of fluctuating emotion essential to the musical structure of the whole; and the passage of less intensity will be, in relation to the level on which the total poem operates, prosaic...
It earste gedicht, Burnt Norton, dat gâns earder ûntstien is as de oare trije, hat as titel de namme fan in âld hearehus mei in moaije tún en in fiver. Dit komt út yn de bylden, mar hat oars gjin bitsjutting. It gedicht hat boppedat noch as motto wurden fan Herakleitos, dy't nei it lêzen fan it neikommende wol to forstean wêze sille. It bigjint mei in nei it filosofyske skaeijende meditaesje:
Time present and time past
Are both perhaps present in time future,
And time future contained in time past.
If all time is eternally present
All time is unredeemable.
Neffens de skôging dy't hjirút sprekt, sil de takomst gjin nijs bringe, hwant alles leit al bisletten yn it forline, dat sels ek jimmer bywêzich wêze sil yn 'e takomst. Eins bitsjut dit, dat it foarbygiene en it takommende net binne hwat men ornaris tinkt. Beide binne ommers ivich by ús. Alles hwat der
| |
| |
is, is ivich en needsaeklik. It hat absolút gjin doel en praet oer hwat wêze kind hie. Hwat der west hat en noch is, is it iennichste hwer't men mei forstân oer prate kin, it iennichste dat réaliteit hat en bywêzich is. Yn lêste konsekwinsje is dit fatalisme: it libben is út ien stik, der is gjin útflecht, gjin forlossing, gjin kâns om ris wer op 'e nij to bigjinnen.
As Eliot sa mei in pear ritmysk swiere rigels dizze skôging steld hat, stelt by der rjocht foaroer de skôging, dat hwat wêze kind hie noch bitsjutting hat en ús ropt. Ek de poëtyske foarm foroaret mei. Ynsté fan in meditaesje oer in universéle stân fan saken wurdt ús in byld jown en in konkrete wissichheit foarsteld:
Footfalls echo in the memory
Down the passage which we did not take
Towards the door we never opened
De roazetún, net liker as de hôf fan Eden, is it byld fan hwat wêze kind hie: ûnskuld, lok en leafde. It is ‘our first world’. Al is it wier, dat wy der nea west hawwe yn in foarbygiene tiid, it is reéel, ek nou noch. Der is in rop fan in fûgel (âld symboal fan it geastlike en ûnstjerlike), dy't ûs noeget om yn de tún to sykjen hwat wy wêze kind hiene. It fatalisme wol der fansels op út, dat de fûgelrop leagen is. As wy lykwols folgje, dan moetsje wy ússels, lyk as wy kind hiene:
There they were as our guests, accepted and accepting.
De wurden ‘accepted and accepting’ bitsjutte nei ús bitinken dat wy yn 'e roazetún de ûnskuld fan it paradys (dy't uzes wêze kind hie) en it oardiel oer ús tsjintwurdich libben (dat dêr yn opsletten leit) oanfurdzje en dat wy dan ek oannommen wurde en formoedsoening fine. Mei dit barren is de oars droege fiver ynienen fol wetter, trochdat de sinne der op skynt. En de lotus (ieuwenâld symboal fan wurdend libben) riist omhegen yn it wetter. Laitsjende bern forkundigje ûnskuld en jong libben. Dit is lykwols mar in ûnderlining dy't foarbygiet: in amerij en in wolk skout foar de sinne, de fiver is wer droech, en wy wurde hjitten wer fuort to gean:
Go, go, go, said the bird: human kind
Cannot bear very much reality.
It is eat dat komt, faeks wer komme sil, mar hjir net thús is. It heart in oare diminsje ta.
| |
| |
Toan, ritme, wurdkar en bylden fan it twade diel fan Burnt Norton binne oars. It bigjint mei in lyryske passaezje oer it hielal as in ienheit fan tsjinstellingen. Alles draeit om in ‘axle-tree’. Lyk as yn de wrâld fan Herakleitos, is alles hjir foroaring en dochs giet alles yn syn wurken neffens in fêst patroan, dat net foroaret en sa de tsjinstellingen formoedsoenet. Jitris foroaret dan de toan. De dichter bringt der nou in byld yn, dat ek yn syn oare gedichten brûkt wurdt: ‘the still point of the turning world’. It heart thús yn it wrâldbyld fan it Greate Tsjil fan Foroaring. Alles foroaret, útsein ien punt, dêr't alles omhinne draeit. Likefolle hokker tsjinstellingen der wêze meije (flêsk-flêskleas, rêst-biweging, hjirhinne-dêrhinne, forline-takomst), it stille punt hat gjin oanpart oan dit alles. Men kin it gjin plak jaen yn tiid en romte. Dochs is dit punt it sintrum fan alles. De dichter bisiket dit kosmologyske byld fierder dúdlik to meitsjen mei der op to wizen, hoe't it him iepenbieret yn minsklike ûnderfining. Wissichheit oangeande dit sintrum fan it hielal bitsjut foar de minske:
The inner freedom from the practical desire,
The release from action and suffering,
And the outer compulsion, yet surrounded
By a grace of sense, a white light still and moving,
Erhebung without motion, concentration
It is in ieuwenâlde tinkwize, dy't hjir oan it wurd is. Ynkear ta it Mystike Sintrum bitsjut, dat de minske ien wurdt mei it heechste bigjinsel fan 'e wurklikheit. Yn it sintrum, dêr't de speaken fan it Tsjil byinoar komme, wennet God, nei de lear fan de Hindû's. Ynkear bitsjut ek iepenbiering fan de oarspronklike tastân fan it ‘paradys’. It hoecht jin dus gjin nij to dwaen, as yn dit gedicht effen letter it stille punt lyksteld wurdt mei de roazetún.
Konsintraesje op it tiidleaze sintrum, hwat himelske sillichheit, mar ek foroardieling ynhâldt, is eat, dat de minske net lang forneare kin. Hy libbet by it forline en de takomst.
Time past and time future
Allow but a little consciousness.
To be conscious is not to be in time.
De ûnderfining fan it tiidleaze, de roazetún of likefolle hwat, is foar de minske dy't yn 'e tiid libbet in oantins. Allinne yn de tiid libjend kin hy de tiid oerwinne mei it tiidleaze.
| |
| |
De greate frage dy't jimmeroan yn de Four Quartets nei foaren komt is nou: Hoe kin konsintraesje op it tiidleaze foarm jaen oan it libben yn 'e tiid?
Yn it tredde diel fan dit kwartet wurdt in útbylding jown fan it libben sûnder konsintraesje. De bylden binne dy fan ljocht en tsjuster, bylden dy't al gâns in skiednis hawwe yn 'e literatuer fan de mystyk. De wei nei God, it sintrum en de boarne fan alle réaliteit, waerd biskreaun òf as in bûtenwenstige forljochting òf as in gean troch it tsjuster fan sels-oerjefte, fan sels neat witte wollen. Mar hokker wei men ek laet wurdt, de wei nei boppen ta it ljocht en de wei nei ûnderen troch it tsjuster is deselde wei: beide liede nei it godlik sintrum. (Sa kaem it dat Eliot it wurd fan Herakleitos brûke koe as motto.) Yn 'e roazetún wie it ljocht en sinneskyn. Nou yn dit diel wiist de dichter de oare wei oan:
Internal darkness, deprivation
And destitution of all property,
Desiccation of the world of sense,
Evacuation of the world of fancy,
Inoperancy of the world of spirit.
Mei de help fan dizze bylden fan ljocht en tsjuster tekenet Eliot nou it libben fan 'e minsken dy't allinne mar yn 'e tiid libje. Hja libje yn skimerljocht, it ûnwisse, kunstmjittige ljocht fan de London Tube.
Over the strained time-ridden faces
Distracted from distraction by distraction
Filled with fancies and empty of meaning
Tumid apathy with no concentration
Men and bits of paper, whirled by the cold wind...
Om't hja gjin konsintraesje kenne, hawwe hja likemin stjûr oer harsels as stikken papier, dêr't de wyn mei boartet. Sûnder konsintraesje op it stille punt dat tiidleas bywêzich is, libbet de minske yn bigearte fan it takommende en it foarbygiene. En Eliot is fan bitinken, dat sa'n minske by einbislút bihearske wurdt fan de dingen dy't bigeard wurde. Binammen yn it tredde kwartet komt dit út en wurdt sels de Hindû-dichter fan de Bhagavad-Gita as tsjûge dêrby roppen.
Yn alle fjouwer kwartetten is it fjirde diel koart en lyrysk fan foarm. Yn Burnt Norton wurde yn dit diel de net bjuster dúdlike symboalen fan sinneblom, klematis en iisfûgel brûkt. De taksisbeam (yew) docht tinken oan it tsjerkhôf en de dea,
| |
| |
mar as beam dy't jimmer grien bliuwt ek oan ûnstjerlikens. De dei is foarby en nou wurdt de frage heard: Sil it libben en it ljocht noch by ús wêze? Of sille wy ûnder in taksisbeam rêste? It antwurd komt:
At the still point of the turning world.
Mear útliz kinne wy op 't heden net fan dit diel jaen, al moat tajown wurde, dat it net sa klear is hoe't dit diel syn plak hat yn de muzyk fan it hiele gedicht.
It fyfte en lêste diel sprekt fan de forhâlding tusken in tiidleas patroan en it materiael hwêryn it him réalisearret yn tiid en biweging. Wurden en muzyk bygelyks komme en geane yn 'e tiid. Ek de bitsjutting fan wurden foroaret mei de tiid. Eliot wol der nou op ut, dat wurden mei har bitsjutting in soarte fan tiidleazens meikrije kinne, as hja fan in dichter yn in poëtyske foarm opnommen wurde. Yn de foarm bisteane bigjin en ein tagelyk en it iene diel forwiist nei it oare. Ja, der is striid tusken it patroan of de foarm en it forgonklike materiael, dêr't it patroan en de foarm har yn ûntjowe. Sa komt de dichter ynienen op it Wurd (de logos fan it Johannes-evangeelje), dat ek aloan bleat leit foar de oanfallen fan skimen en munsters.
The detail of the pattern is movement,
As in the figure of the ten stairs.
It patroan is tiidleas, mar it réalisearret him yn 'e tiid. It byld fa de trep is fan de mystikus, Johannes fan it Krús, dy't der de discipline fan it Kristlike libben mei biskriuwe woe. Discipline of ascese is in libbensfoarm, dy't yn de tiid in tiidleas patroan réalisearret. De oarsaek en it doel fan dit alles is Leafde, de ûnbeweegde biweger, it stille sintrum.
De bylden dy't oan 'e ein fan Burnt Norton oproppen wurde bringe ús wer nei de roazetún. Jitris hearre wy de útnoegjende rop
Quick now, here, now, always -
en it oardiel oer ús libben:
Ridiculous the waste sad time
Stretching before and after.
| |
| |
East Coker is it doarp yn Ingelân, dêr't yn 'e sawntjinde ieu Eliot syn foarâlden wei nei Amearika tein binne. It is nou ek it sté, dêr't by sels rêst. It gedicht mei dy titel bigjint mei de wurden ‘In my beginning is my end’ en bislút mei ‘In my end is my beginning’. De earste wurden sprekke fan in bigjinnen, dêr't de ein al yn bisletten leit. Men bigjint wol, mar sjocht de ein al oan 'e kym. As de wurden ‘ein’ en ‘bigjin’ omwiksele wurde, lykwols, sprekke wy fan leauwe en hope, as der neffens minsklike birekken gjin hope mear is. ‘In my beginning is my end.’ De huzen fan it âlde doarp East Coker, minsken, bisten en planten, alles hat syn stelde tiid. Gjin opgong sûnder ûndergong. Dit sjocht de dichter klear, as er wer yn it doarp komt op in waerme middei yn 'e lette simmer. As men wol, sa wurdt der sein, kin men op in simmernacht de âldfaers jit dounsjen sjen om it midsimmerfjûr:
Keeping the rhythm in their dancing
As in their living in the living seasons
The time of the seasons and the constellations
The time of milking and the time of harvest
The time of the coupling of man and woman
And that of beasts. Feet rising and falling.
Eating and drinking. Dung and death.
Al har nocht en al har hope op de takomst (doe't de Eliots bygelyks nei Amearika gyngen) is mei harren to neate gien. Dit weromgean nei it bigjin is wol gâns oars as it weromgean nei it paradys yn Burnt Norton. Oan 'e ein fan dit earste diel fan East Coker stiet gjin ûnthjit fan in nij bigjin.
It twade diel, wer lyrysk yn foarm, sjongt ynearsten fan dusoarder en striid yn it natûrbarren. It liket der wol op, dat de ein fan alles wêze sil: fjûr en dan in kâlde, deade iistiid. De lyryske toan hâldt dan ynienen op en yn fersen dy't hast as proaza oandogge seit de dichter, dat de hope, net allinne fan syn foarâlden, mar fan de hiele Nije Tiid sûnt de Renaissance, net forfolle is:
It was not (to start again) what one had exepted.
What was to be the value of the long looked forward to,
Long hoped for calm, the autumnal serenity
De wysheit ús neilitten is weardeleas yn hwat wy hjoed de dei ûnderfine. East Coker forskynde yn 1940. Dan komt de útrop:
| |
| |
The only wisdom we can hope to acquire
Is the wisdom of humility: humility is endless.
It tredde diel bout fierder mei de bylden fan ljocht en tsjuster. Alle sabeare hearlikheit en greatens fan minsken fynt syn ein yn it tsjuster:
O dark dark dark. They all go into the dark...
It is ien lange bigraffenis. Mar ûnder ien bitingst is der hope yn dit tsjuster:
I said to my soul, be still, and let the dark come upon you
Which shall be the darkness of God.
Wy wurde formoanne to wachtsjen en stil to wêzen. De trije théologyske deugden, leauwe, hope en leafde, moatte in foarm fan wachtsjen wurde. As wy dus net mear libje by de wysheit fan ús eigen ûnderfining, mar wachtsje op de lieding fan God, dan sil it tsjuster ljocht en de stiltme fan de dea dounsjen wêze. En bylden fan de paradyslike roazetún wurde oproppen. Wy moatte de bitingsten net forjitte: sels-oerjefte en sels-forsaking, lyk as Eliot seit mei de lêste tolve rigels fan dit diel, dy't in oanhael binne út it wurk fan Johannes fan it Krús.
In nij bigjin, genêzing en libben binne allinne to finen troch de wei fan oerjefte oan God. De ‘wounded surgeon’ fan it fjirde diel is nimmen oars as Jezus, dy't genêzing bringt mei sels yn ús plak to stjerren. It bigjint nou klear to wurden, hoe't East Coker by einbislút sizze kin: ‘In my end is my beginning’. Yn it fyfte diel komme wy wer op de situaesje fan de dichter sels, dy't him ek net fan it forline liede litte kin, mar jimmer wer op 'e nij bigjinne moat. Sa leit it libben der nou ienris hinne. Alde minsken kinne net nei it forline, it âlde doarp, sjen. ‘Old men ought to be explorers.’
The Dry Salvages, it tredde kwartet, iepenet mei in poëtysk bûtenwenstich moaije passaezje oer de rivier en de sé. (Eliot syn berteplak, St. Louis, leit oan de greate Mississippi.) De rivier is in byld fan 'e tiid, dy't in minskelibben bihearsket en meisleept. Hwerhinne?
The river is within us, the sea is all about us.
De sé symboalisearret hjir, nei ús bitinken, eat, dat men it Omfetsjende neame koe, wakker yn de sin fan Anaximander syn idé fan to periechon. De libbens fan alle minsken, mei
| |
| |
har ûndernimmingen en idéalen, rinne dêr op 't lêst yn út, lyk as de rivieren yn 'e sé. Eliot sels tsjut it oan as ‘a time older than the time of chronometers’ en as ‘the ground swell, that is and was from the beginning’. In great forskaet fan bylden wurdt ús bean, mar it byld dat jin it langst fêsthâldt is it biëangjende fan ‘drifting wreckage’. It Omfetsjende iepenbieret him yn it minskelibben as alles tobrekkend. It is gjin wûnder dat it twade diel mei de frage komt: ‘Where is there an end of it?’ Giet dit altiten sa troch? En hwer sil dit hinne? It antwurd is: ‘There is no end, but addition.’ It lêste dat der noch by komt is de dea, ‘the undeniable clamour of the bell of the last annuncation.’ Fierder neat?
Only the hardly, barely prayable
Prayer of the one Annunciation.
‘,Mei it my barre nei jins wurd.’ Al hoe swier it de minske ek falle mei, dizze oerjefte oan God dy't kommendeweis is, is it iennichste dat doel en bitsjutting jaen kin. Dizze bitsjutting moat fan boppen jown wurde. It ivige moat ‘flêsk’ wurde, dat de minske him dêroan fêsthâlde mei. De twade helte fan dit twade diel hat de foarm fan in meditaesje. Utliz is net maklik hjir. Mei it âlder wurden, seit Eliot, docht it forline him oars foar: it ‘ceases to be a mere sequence or even development...’. It patroan fan de foarbygiene tiid wurdt bipaeld fan tiidleaze mominten. Dit is net allinne sa foar de inkeling, mar foar it minskdom. Sokke mominten hâlde bitsjutting foar alle tiden, al wurdt har bitsjutting ek fuortynienen net forstien.
Time the destroyer is time the preserver,
Like the river with its cargo of dead negroes,
The bitter apple and the bite in the apple.
De dichter sprekt hjir moai wis fan de Sûndefal, de misdied dy't net to it forline heart, mar jimmer bywêzich is. Al leit dit barren ‘bihind the assurance of recorded history’, it hâldt syn bitsjutting yn 'e skiednis. Wy kinne ús dus net samar fan it forline ôfmeitsje en nei de takomst sjen, dêr't minsken fakentiden ta komme fanwegen har bigryp fan evolusje. It forline fan de Fal moat mei rekkene wurde. Dy bliuwt ‘the ragged rock in the restless water’. Der binne dus yn it minskebistean net allinne mominten fan lok en forljochting, mar ek mominten fan eangstme en deadstriid (agony).
As de sûndefal jitte by ús is, kin de takomst dan faeks genêzing
| |
| |
THOMAS S. ELIOT
Ingelsk dichter, 1888-1965
| |
| |
jaen? It tredde diel fan The Dry Salvages antwurdet hjirop:
You cannot face it steadily, but this thing is sure,
That time is no healer: the patient is no longer here.
Fare forward, travellers! not escaping from the past
Into different lives, or into any future;
You are not the same people who left that station
Or who will arrive at any terminus...
Hwat de hope op genêzing en forlossing oanbilanget, is de takomst allyk it forline: in sang dy't al songen is.
De reizgers troch de tiid wurdt dus oanret:
And the past with an equal mind.
Forlossing leit net yn 'e takomst, mar yn in kar nou dien, op 't momint fan ús stjerren (en elts momint is in momint fan stjerren). Ut 'e oanhael fan de Bhagavad-Gita wurdt it klear, dat dizze folsleine en lêste kar in konsintraesje fan de wil is. Stean net stil, jow dy yn it libben, reizgje de takomst yn en doch dyn plicht, seit Krishna, mar set dyn hert net op de fruchten fan dyn dwaen en litten, brek de bannen fan de bigearte ta dit of dat resultaet. It bêste kommintaer op Eliot is hjirre syn Murder in the Cathedral. Becket giet biwust de marteldersdea tomjitte, om't er syn wil oerjown hat oan Gods wil en net, lyk as de fjirde forlieder him ynstekt, om't er de kommende eare fan in martelder bigeart. Oerjefte fan ús wil oan God, dat is de iennichst mûglike hanling, ‘this is your real destination’. (Alles hwat wy oant nou to heard hawwe yn de kwartetten oer sels-oerjefte, sels-forsaking, nederigens ensfh. moat yn it ljocht fan dizze opfetting forstien wurde.) Troch dizze konsintraesje fan de wil, dy't tagelyk ek oerjefte is, fine wy forlossing fan de takomst likegoed as fan it forline. It koarte fjirde diel fan dit gedicht is in bea oan de Hillige Faem foar al dyjingen, dy't mei de sé út to stean hawwe. Yn it fyfte diel jowt Eliot suver in gearfetting fan it thema fan de Four Quartets:
Men's curiosity searches past and future
And clings to that dimension. But to apprehend
The point of intersection of the timeless
With time, is an occupation for the saint -
No occupation either, but something given
| |
| |
And taken, in a lifetime's death in love,
Ardour and selflessness and self-surrender.
For most of us, there is only the unattended
Moment, the moment in and out of time,
The distraction fit, lost in a shaft of sunlight,
The wild thyme unseen, or the winter lightning
These are only hints and guesses,
Hints followed by guesses; and the rest
Is prayer, observance, discipline, thought and action.
The hint half guessed, the gift half understood, is
Here the impossible union
Of spheres of existence is actual,
Are conquered, and reconciled...
Nei al it foargeande is kommintaer hjir net mear nedich. (In ûndersiik nei it forbân fan Eliot syn tinkwize mei oare hjoeddeiske opfettingen, bygelyks Maritain syn opfetting fan hilliging yn Humanisme intégral, kin hjir fansels net ûndernommen wurde.)
Little Gidding wie yn 'e sawntjinde ieu in hûs, dêr't him in mienskip foarme hie mei it doel to libjen foar meditaesje en goede wurken. Kening Karel I hat der in pear kear west. Yn 1647 waerd de mienskip forstruid en de kapelle forwoaste. Yn de njoggentjinde ieu is de kapelle wer boud.
It gedicht Little Gidding bigjint mei in bisyk oan dit plak op in wintermiddei as de sinne op snie en its skynt. It liket wol in maitiid midden yn 'e winter, ‘not in time's covenant’, boppenatuerlik. De gloede fan it sinneljocht op iis en snie docht tinken oan Pinksterfjûr, dat ommers ek gjin forbân hie mei it wenstige barren yn 'e natuer.
Dizze ‘boppenatuerlike’ maitiid docht de frage opkommen nei itjinge hjir ûnthjitten wurdt: de simmer.
Dan sprekt de dichter de minsken ta, dy't faeks ek nei Little Gidding komme sille. Likefolle hwat tiid fan 't jier en mei hwat doel, as hja wierliken nei Little Gidding komme, dan fine hja in plak ‘where prayer has been valid’. As men hjir komt, dan past mar ien hâlding:
Taking any route, starting from anywhere,
At any time or at any season,
It would always be the same: you would have to put off
Sa'n plak is foar jin altiten ‘the world's end’. Men komt hjir
| |
| |
net mei in doel, mar der wurdt jin in doel jown, as men hjir it tiidleaze oanropt, lyk as de eardere biwenners fan Little Gidding diene.
De lyryske fersen fan it twade diel jowe in útbylding fan de ein fan alle ierdske dingen. De fjouwer eleminten, loft, ierde, wetter en fjûr, oan harsels oerlitten, to neate, in ein sûnder in nij bigjin. Alles ropt: Veni, Creator Spiritus. Dan komt de faek bisprutsen episoade fan de dichter syn moeting op in iere moarn yn London, nei in loftoanfal op 'e stêd. Hy moetet ‘a familiar compound ghost’, ‘some dead master’, dy't lykwols net to identifisearjen is. ‘De’ dichter út forfleine tiden foarseit Eliot de ein dy't him as dichter to wachtsjen stiet op de âlde dei: ôftakeling, ûnmacht, skamte en skuldbisef, útsein as hy lottere wurdt troch fjûr.
As men oan forfleine tiden tinkt, lyk as nou yn Little Gidding, dan moat men jin net troch dy tiden fêsthâlde litte, mar wy moatte yn ús leafde de ban fan de bigearte brekke. It forline fordwynt net, mar it is nou bywêzich ‘renewed, transfigured, in another pattern’. De partijen fan de Ingelske Boargeroarloch
Accept the constitution of silence
And are folded in a single party.
Hwat hja ús neilitten hawwe is in symboal fan hanlingen bisegele mei de dea. Mei de wurden ‘Sin is behovely’ (in wurd fan de midsieuske mystika Juliana fan Norwich) wol de dichter faeks oantsjutte, dat de sûnden fan 'e histoarje opnaem wurde yn Gods heilsbidoeling.
All manner of thing shall be well
By the purification of the motive
In the ground of our beseeching.
‘Ground of our beseeching’ is, neffens Juliana fan Norwich in oar wurd foar de godlike Leafde. It wurd ‘lottering’ kriget útliz yn it fjirde diel.
De dou dy't fan boppen komt is de Geast fan Pinkster, symboalisearre troch fjûr
Of which the tongues declare
The one discharge from sin and error.
The only hope, or else despair
Lies in the choice of pyre or pyre -
To be redeemed from fire by fire.
| |
| |
De piniging fan dizze lottering troch fjûr is lykwols blyk fan leafde, lyk as eartiids it klaed fan Herakles.
It lêste diel fan dit lêste kwartet bigjint jitris oer de dialektyk fan berte en dea, bigjin en ein.
What we call the beginning is often the end
And to make an end is to make a beginning.
Libben en dea binne altiten togearre by ús:
The moment of the rose and the moment of the yew-tree
Om't de minske oanpart hat oan in tradysje en it forline bywêzich is yn 'e noutiid, kin Eliot bygelyks skriuwe:
We are born with the dead:
See, they return, and bring us with them.
Mar de idéen fan dea en libben, bigjin en ein, wurde radikael dûbelsinnich as wy neitinke oer de bywêzigens fan God yn 'e tiid. As wy de rop fan Syn leafde biantwurdzje, dan wurdt it wier, dat ús ein ús bigjin, ús dea ús libben is.
And the end of all our exploring
Will be to arrive where we started
And know the place for the first time.
Us ein sil ommers wêze de sillige ûnskuld fan it paradys:
A condition of complete simplicity
(Costing not less than everything)
And all shall be well and
All manner of thing shall be well
When the tongues of flame are in-folded
Into the crowned knot of fire
And the fire and the rose are one.
It fjûr fan de lottering sil dan foroare wêze yn de baernende leafdebân tusken God en minske, in bân dy't nea forbrutsen wurde kin. (In ‘crowned knot’ is in sémansknoop, dy't nea losreitsje kin.)
It boppesteande kommintaer op de Four Quartets, dat ek as sadanich lang net folslein is, wol winliken oars neat wêze as in ynlieding ta de poëzij. De ynhâld fan in gedicht kin yn lêste ynstansje net losmakke wurde fan de foarm. It is net
| |
| |
sa, dat hwat it gedicht sizze wol ek yn proaza sein wurde kin. De ynhâld kin allinne mar foun wurde yn de poëtyske foarm. In gedicht is hwat oars as in argumint of redenaesje. As men in kommintaer skriuwt of lêst, forjit men dat sa maklik. Hwat Eliot fan Dante sein hat kin ek fan de Four Quartets sein wurde:
The insistence throughout is upon states of
feeling; the reasoning takes only its proper
place as a means of reaching these states.
Toronto (Canada).
|
|