De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 346] [p. 346] Jan Dotinga: Twa oersettingen In momint mar (Paul Vesey) AS IK NEI DE SINNE SJOCH Ik roun nei de ûndergrounse om oan it loket in kwartsje to wikseljen. EN BITINK DAT DIZZE GREATE IERDE Twa opslûpen fammen stiene dêr mei de bigearte nei nijs yn 'e eagen MAR IN BIWYSKE IS FAN HWAT hwant alles yn har nijwoune wrâld woene se witte. IN MILJARD JIER TOBEK YN HJITTE EN FJUR UTWURPEN IS Se ûntdieken my en fregen fleurich: ‘Binn' jo in Arabier?’ DAT DIZZE WRALD DOE NOCH SUNDER LIBBEN WIE Ik glimke foarsichtich dat wurdst op 'en dûr en skodholle. LYKAS SE OER IN MILJARD JIER ‘Egyptner?’ WER WEZE SIL Ik glimke en skodholle en gyng fierder. HWAT BITSJUT DAN IT STUIT DAT IK FORRET WURD Ik bin noch gjin sawn stappen fierder FORHUDDUKE DELSLEIN dan jowe se my rêd nei OF TROCH LEAFDE OF TRIOMF FORWAERME? ‘Of nikker?’ In momint mar HWAT BITSJUT IT DAN DAT IT MY GEK MAKKET? it nimt noch altyd in momint HWAT HAW IK FOAR SIN dan TUSKEN DIT DAKLEAZE SOADTSJE kear ik my om KREPEARJEND YN 'E ROMTE glimkje, SPYLBAL FAN 'E TIID? en skodhol je ja. [pagina 347] [p. 347] De trom fierwei (Calvin C. Hernton) Ik bin gjin byldspraek of symboal. Hwatstou hearst is net de wyn yn 'e beammen, net in kat dy't op strjitte kneppele wurdt. Ik bin 't dy't op strjitte kneppele wurd. Ik bin 't dy't skriem, laitsje of wille haw. Ik siz dit omt ik bistean. Dit is myn lûd. Dizze wurden binn' mines, myn mûle seit se, myn hân skriuwt - Ik bin in dichter. Dou hearst hoe't myn fûsten tsjin dyn earen slaen. Vorige Volgende