De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 343] [p. 343] Leo Popma: Ad primam In tin mes fan haet yn 'e kiel slypje hoannen har moarnsbea yn útoarden tan it paradys it tilt oer dit bûchsum doarp in wyt hiem fan forjilding tusken de knarsbientûken god, jow ús út en troch hwat oarloch lytse bange legers dy't yn de wylde stêdden woedzje it fleis brânskatte oant it sied doch tiid mei dizze hierlingen der skûlje sêfte widdouwen yn de kelders fan forbittering dy't nei de jounklok har kleijend krûd yn de wellen struije in sucht fan simmerbloeisel klieme troch it daei oan de poarten weevje forkoale wachters de brakke rein set yn soen of heech songen leffens -? neam it in koart bistân aloan fierder efter it lânskip wenje yn in hymjend doarp mei wrâldwide iepeningen wenne ta it stjerren yn in spegelseale rêchlings ûnder de blauwe koepels fan iensumheit [pagina 344] [p. 344] Ad completorium Hoeden plakt de nacht de dagen ticht mei printkladden fan latynske hymnen yn it oerripe lân fan antike wounen strike mânske skaedfûgels del heas troch de reek fan de lofbrânnen de swiere bûken in roun geheim fol lytse mekaniken de binnenmar dêr't ik yn groei en kantelje mei it tij fan de waerme wulven súntsjes sjongt noch earne in reade aster yn myn bloed de lêste dy't de swarte jiske ammet forwezen huorket mei de faeije wyn binne de jagers flechte - tsjin de hellingen kylje har tinten? tink oan de nachtlike heuvels dêr't se har strûpen sette en aenst it ies wer yn har fluiten heakje wy hûzje yn it weak tusken it flues en de sneedske reiden fan dizze lichte [pagina 345] [p. 345] Maskers fan Marceau Bip Dit is de allemansfreon yn syn flardefel de keningsgek mei it hazzehert, de roas en de harmoanika-hoed dêr't in bliken oargeltsje yn spilet de eagen houtskoalsketsen sitte sa yn noed oer de blausangene mûle dy't út selsbihâld al mar oangiet yn 't gesicht fan wyt fortriet en hwat er docht sa troch 'en dei? alle jounen yn in brike kop in mannich ilestiken lea en mei in stim dy't it lûd net oandoart it tuskentiids toaniel bispyl je en hoe't men laket, laket - sels sit er yn 'e lege seal de roas op 'e harmoanika-hoed Park Tin skriuwt it pinsiel fan trije oant fiif it simmerpark fol wûndere skimmels bern ûntploffe yn it gers de banken binne oergroeid mei âldwyfkes en sjoch as it skruten oargeltsje út ein set waeit oer it keizel de manke balonneman ûnder kleurde wolkens helpleas troch de leane Vorige Volgende