De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 339] [p. 339] Sjoerd Spanninga: Skets 't Is drokker op it strân as sneins by ús yn tsjerke hwatte sei blaesom moai figelant en hy munstere nijsgjirrich it idel gedoch fan myn byldzjende hân pânsen as bierfetten en keardels as karst boartsjende bern sinnebaeijende froulju en jongfammen fan in mûlterglend foarkommen - men soe dy hjir ris faker sjen rette ik him wolmienend hwant men kin de otterdoksen amper mear út de frijsinnigen en mennisten weihelje yn dizze nudisteklub - ja - mar ik hie in njoggeneach op 'e knibbel wie syn andert en men koe skoan fornimme hy hie der ál sa leaf hwat oars op hawn - ik liz der in daelder foar del kaem er gol fanwegen by myn lêste blêd in útdaegjende forskining gleon op avontûr hwer't it skrutene kryt inkeld it fjûr en de linige foarmen fan wist to heinen - dat jow ik foar dyn kop ek mits ik him der sels ôfheakje mei wie myn biskie - dócht soks dy nou neat al dat bleat en sa [pagina 340] [p. 340] om dy hinne woed er jerne witte - de tosken foelen my hast út by syn forrifeljende fraech hwant men spilet fuort gjin seksefoan yn elk formidden al is men tige op 't applaus biret - oars wol in liepe set fan him tocht by tomûk - dat ik spriek sober en bisteklik: net ider sutelt mei de fellen en de bellen fan syn sûnden lâns de keakelsteech gedachtich oan de tafelspreuk dem Reinen ist Alles rein den Schweinen wird... mar 't nommel wurd hy liet it my net iens fatsoenlik fan 'e lippen lêze of hy rôp grammoedich: it is in goed idé en stek dyséls tonei in stikel yn 'e bek dou mei dyn poepestreken! - in noch al foars forwyt en rimpen drigemint ta myn fortriet - och heden jonge skeat ik kjel omheech dit is my suver yn 'e wei dóú hoechst it dy fansels net nei to nimmen hoe wyld en yn panyk moast wol de sé opspatte sokke tiden dat him hjir wasket slyk en slam de swarte siele tusken 't woelige biweech [pagina 341] [p. 341] en ljochts jend spul dat helder laket út it hert en dy lit hiel it bluisterige skaei de greate plompert notabene en hja sjongt har moaiste wize de sirene by it wiigjen fan de weagen salang as wy gjin mot ha om in miggeskyt - en dan to tinken dou bist ek mei lijen greatbrocht yn 'e lapekoer en hast in houn giseljen sjoen foar 't bonkehok al is de holle dy nou oranje dat forwaende wynaei - sei er mei in sucht doe't ik myn sketsboek tichtklapte. [pagina 342] [p. 342] Yn koartskrift Hoe mannich reputaesje gie hjir troch de mole en kaem der út mei moster yn 'e broek hjir smiet it geastlik gangsterdom de minsken foar de hounen en machtich wie de wille yn it nijsfabryk by it aktyf geniet fan dit bidriuw hjir set'le de morele frase bigien op stjonkende sensaesje en it wurd woechs welich as de rotten út de lyklucht fan it lead - nou is it moarmeren paleis in stil museum to forbliuw en ûnder glêzene fitrines lizze de papyri fan it lang forline ek binne der wer stounen dan tilt it fan de byltenissen mei de slavedriuwers yn de sealen dat alles hat in djippere bitsjutting krigen en hearlik is de dream dy't wennet yn de eagen fan it deadeboek... Vorige Volgende