noch sjoen hoe't er yn it stikeltried hong, de man hie him by de hûd... ‘As er him de bek mar hâldt...’
Bûten it doarp, oan 'e feart, hiene hja har deljown. Sytse hie wol moedich west en sein: ‘Hy kin ommers neat dwaen ju, 't is gjin plysje.’
Doe wie Bile lâns komd, op 'e fyts, hja hiene him oanhâlden en frege. ‘Ja,’ hie Bile sein, ‘Hink sit op it plysjeburo en de Reade wie by jim oan 'e doar.’
Hy wie de boskjes ynflein, op 'e groun hied er it útraesd, gûlend as in sljochtsinnige. ‘Us heit slacht my dea, ik gean net nei hûs, oh... fordòmme, fordòmme...’ In eamelder hie him biten en hy hie it bist dearôlle tusken tûme en fingers.
Kertier oer seizen kaem er thús, se hiene allinne sein: ‘Rûkst nei petroalje.’ En hy hie liigd: ‘Sytse moast oalje helje foar syn mem.’
De fornederjende eangst fan dy dei wie him nea forgetten.
Swiere stappen kamen syn kant út, hastich die er de helm ôf en lei him oer de toskroeide groun.
‘It stjonkt hjir brânderich, hast dyn sigaret goed út dien?’ frege de âlde pelotonssersjant.
‘Ik ha de taktyk fan de toskroeide ierde persoanlik tapast,’ gniisde er, ‘sjoch de bifolking fan 'e stêd evakuearret al.’ Hy wiisde nei de rânne fan 'e helm, hwer't de earste sprokken, mei ûnbidich greate kokons tusken de poaten oanmarsjearden.
De sersjant bûgde him foardel en wipte de helm fansiden. ‘Knap stikje wurk, man, mar sinleas... Bist faek bang?’ Hy knikte stom.
‘Eangst is net slim, ik haw it ek, net ien fan ús kin sizze dat er der gjin lêst fan hat, it is natuerlik, in warskôging, en neat om dy foar to skamjen. Mar dit hjir, is ôfréagearjen troch leffens en dêr moatst dy al foar skamje.’
De jonge seach op. ‘Mar aenst dogge wy itselde, de fleanmesinen sille komme en de stellingen foar ús útbrânne mei napalm, wy sille de rest opromje mei granaten en it lêste op 'e bajonet, is dat dan goed? Jo binne âld wurden yn dit wurk en ha faeks minsken deade, founen Jo dat sinfol?’
De âlde skodde wurch de holle. ‘Né, dou forskoust de saek, dêr giet it net om, it giet om dy, dou hast dyn hiele libben lef en bang west, en dat witst sels fordealde goed, dyn praetsje fan niis wie in forlechje, nou?’
‘Ja,’ knikte de jonge, ‘ik wit it, mar 't is gjin jaske dat men fuort mar útdocht en tinkt jo dat it aerdich is foar in wyldfrjemdenien to kyk en to kak to stean? Hwat rekket Jo eins