De dronken amtsrichter sei: - die sieht rassisch aus
of hassisch of klassisch syn praet wie min to forstean
mar hy lake om it bgb.
Ien sitearde: sie stammt von den deutschordensrittern.
Justysje klapte mei de hakken en bûgde:
eltse rjuchter syn eigen doarwaerder.
Bier doornkaat achtunddreiszig prozentig en fiif makket
trijeëntritich mar twa bliuwt in pear
en pearen geane nei de nekkebrektsjustere bar
dêr't antonio foaikefandelet en praet mei de faem
yn bikini dy't whisky tapet gjin real scotch sôch
mar deutsches erzeugnis sa goed as sysels.
Sjoch yn blauwe eagen de blauwens fan in oar
liz de earm om in autentyk rassische rêch
soks went as de hos en de bos by de jûkboks.
Dan it blau fan 'e eagen dan it ras fan 'e rêch
bar om bar op en oan en stiet puella tamquam rosula
is nimmen har neijer as dou.
Dan kofje en praet oan ien tried wei praet
prate as plato as brugman en wim kan yn 'e dage fan
stjerrende hounen en kleijende geiten op.
Noch it bigearde nûmer mei it nerveuze slachhuodtsje
dat by kolommen rassische en oare bonkjes opstrûst dêrop
forfalle yn moarnspraet sa't de tiid seit.
Efter de rêch fan de moarn bleau hwat jounichs forskûle.
Har sté is kâld forkâlde as alles yn 't earder of letter.
Letter letters 't earmoedich gedicht.
[pagina 327]
[p. 327]
Hoffnung der frauen
Hja rint oer it bleekblau paed
ûnder lantearnen troch har swart skaed
draeit mei swarter har moed
as it draeijend skaed.
Huzen sliepe mei deade ruten
mar inkeld in lampe dy't
strieblommen struit reade wite
hja rint net langer hja glydt
har hope tomjitte en wit
om 'e hoeke fan 't plankesket
de oannimmersnamme foarby
sil er stean blyn fan 't swit
dat him yn 'e eagen byt in los
arbeider by de greatste
oannimmer fan alle tiden.
Safari miniatuer
Wyt gers en droech yn 'e sinne en wis drave
de wiffe giraffen de kliene skonken
tromslaende dat skier de moude
darnei stout de dei wurdt donker
fan de blauwe skaden.
[pagina 328]
[p. 328]
Oanwaeid praet
In studinte praet oer Fryslan
Achttsjin jier ha'k yn sa'n flardich doarp fordien
dêr't gapjende greiden grien om hinne lizze
de smoute broei fan hûs en skuorre ûndergien
bûte dy brot hie'k alles fan hearrensizzen
om 'n buorren dy't ûnfoech leit to krepearen
rinne sa't sein is de wuortels fan myn bistean
wilich fan ivich tokoart bignaud fan forgean
in erflike kanker mei neat mear to kearen.
In âld laech bêst fé bêst lân dat har nei it sin lei
dy't har net fan it sté reagje lieten troch minsken
of tiden de skredige keardels dy't foar ús heit
it lân makken sa't er yn 'e reedlikheit winske.
Mar hwat ik foar eagen krij is it mankelyk
wyt fan deade fisk yn 'e opfeart fan 't bûterfabryk.
[pagina 329]
[p. 329]
Forslach fan justerjoun
Hjir koe'k de hiele dei wol sitte sa
yn 'e sinne út 'e wyn mei in poun
apenuten dy mei'k sa graech wy ha
juster wol wille hawn in moaije joun
mar pyt waerd pûr doe't jant oer bé bigoun
en flokte hast de keamer út mekoar
't sit him wol heech en 't wie dêr tige hoar
in trammelant net moai en op sa'n joun
ús mem wurdt âlder hear mar is noch kloek
en warber altyd noch breidzje en sa
en bern knap ik der net út myn beha
't hie slimmer kind fansels bé hat de broek
's weibrocht mei 't sjongersfeest ús mem hat hwat tomûk
in nijen foar har breide dat gyng doe sa.
[pagina 330]
[p. 330]
In man praet oer syn ideale moart
Nim dit mar fan my oan se krij dy saek net roun
ik ha der lang oer tocht en 't kin net misbiteare
ik bin de lêste wol dy't aenst dy klearelijers
fortinke.
Nim oan se ha har yn 'e pôllen foun.
Hja left dêr stil en bûte spel en frij fan sinnen
nei tweintich jier bigjint de dei wer sûnder har
it waeit der falt in drip mar poppe hat gjin kar
dy hat it wisse part en kin forlieze noch winne.
Dy warbre knapen fan ús tûke prinsmarij
nimme de saek op mei útwrydsk fortoan
skriuw alles op dat noch nei jier en dei
kin elk krekt neigean hoe't en hwer't se lei.
Ik kin net al to stil mar fyn de goede toan
hwant it paroal yn sa'n gefal is
doch gewoan.
[pagina 331]
[p. 331]
Reportaezje fan skylge
In wille dat wy hawn ha op terskelling trije
wike by midslân dêr ha wy dan kampeard
it hat wol reind hear 't easde soms mar neat
gjin noed mei in pûrbêste transistor by je
en in patat dat wy der fretten ha je krije
wol skroei hear op sa'n eilân en in froulju moaije
stikken ik koe 't er bêst mei roaije
ien lytse swarte út baarn mocht ik it leafste lije
mar dy hie mear bilang by in studint doe helle
'k in readen oan goed willich altyd yn 'e brân.
Mar 't eilân sels is grôt mei knudde klearebare son.
Wy ha dêr ek de lêste jutter sjoen ûnder sawn
pear tekkens mei sawn baeijen himden slim oanhelle
mei rimmetyk by wurdt troch vvv bitelle.
[pagina 332]
[p. 332]
In etiketgarster fortelt fan har hobby
In whisky puer white horse it is in griis mar 'k sit
hjir elke moandei en freed (if God permits)
en rook hwat en drink hwat sjoch nei de lju en wit
dat it link is sa'n soad to roken mar'k lit
it net lêzen ha'k in pest oan ja etiketten
mei in forhaeltsje op skoalle wien fan dy sujetten
dy't je twongen om to lêzen mar raketten
moart en deaslach polityk ober sygretten.
Ik ha in suster dy't altyd to lêzen sit
alle dagen in boek alle jierren in bern
sa'n sloof hat it hûs fol foar't se it goed en wol wit
all that are desirous to pass in whisky puer
aerdich dy etiketten 'k mei der graech nei sjen
skriften fol ha'k garre sa docht elk oan kultuer.
All that are desirous to pass from EDINBURGH to LONDON, or any other place on their road, let them repair to the WHITE HORSE CELLAR, in EDINBURGH, at which place they may be received in a STAGE COACH every Monday and Friday, which performs the whole journey in eight days (if God permits), and sets forth at five in the morning.
Allowing each passenger 14 pounds weight, and all above, 6 pence per pound.
February, 1754.
[pagina *19]
[p. *19]
JAN WYBENGA
Frysk dichter, berne 1917
[pagina 333]
[p. 333]
In studint fortelt hwat er op litteratuerkolleezje seach
Wylst de rju learde hear it oer forum hie seach ik
charles edgar - mar for freonen eddy - du perron
strûzen yn in very old car de lêstromp op 'e tréplanke
en yn 'e baeskoffer hied er it lyk fan in dame-auteur
fan ien dy't it weage en skriuw de moazige trageedzje
fan de lette wroechwjirm fan eddy vanderstoep.
Prinshearlik fleach er de dyk lâns op 'e komprimearre
parfumearre lucht fan 'e roaring twenties
seach flaemske noch oare boeren wylst er mei faesje
tasetten kaem op syn opstal yn gistoux it sulveren dak
seach ik blonk yn 'e sinne en notaris de hurde dea
hie de meubels forsegele.
Banken stiene foar de doar.
Doe seach ik yn closeup in libbensgreat plakkaet
dy jouns soe henry beyle noch yn 'e boekekas forside