de greate seal in skoft forgees om myn plak. Einlings stjûrde in ouvreuse my nei de galerij dêr't ik fak B.M. rige 3 daliks foun en... nêst Douwe Tamminga en syn frou kaem to sitten. Hoe't soks mooglik is yn sa'n mannichte kin sels gjin parapsycholooch forklearje. It binne fan dy forrassingen dy't jins fleur, as men al in goed sin hat, noch hwat opfiere. Tamminga fortelde my dat Lolle Nauta en syn frou der ek wiene. Wer in forrassing, hwant ik hie noch noait it foarrjocht hawn mei harren yn de kunde to kommen. Dat komt der fan astou koppich en domwei yn Amsterdam bliuwste, soe Geart Jonkman wol sizze, dy't fan bitinken is (en by leau ik net allinne) dat men hjir as Frysk skriuwer en biweger allinne mar mei wroeging sykhelje kin. Dat falt lykwols yn de praktyk hwat ta, as men fan doel is jinsels to bliuwen. Amsterdam nimt jin op en lit jin tagelyk folslein frij. Doe't Chaplin fan 'e wike in tocht troch de grêften makke, forwiet er himsels dat er 76 wurde moast ear't er Amsterdam ûntdiek. ‘A fascinating beauty,’ sei er, ik kom sa gau mooglik ynkognito werom.
It hege selskip bleau frij lang wei. Wy seagen troch de finsters Piter Kalma, dêr't wy ús utnoegings oan to tankjen hiene, hinne en wer rinnen. Einlings kamen hja, de keninginne en prinses Béatrix, Charlie en Oona en harren bigelieders. It spiet my tige dat Bergman, dy't frijhwat siik is, der net by wie. Hoe heech as ik Chaplin ek ha, it wie my foaral om Ingmar Bergman to rêdden. Fan Nauta hearde ik dat er net folle fan him ha moast. Fokke Sierksma dy't wy ek metten, forklearre: ik kom om Bergman. Tamminga is noch altyd wei fan Chaplin syn Modern Times út 1936, doe't de stank fan it fascisme Europa al forpestte. Modern Times waeide doe yndied as in suvere berchlucht oer de sompen. It is altyd boeijend, dy striid om útsûnderlike figueren en in biwiis fan har greatens. Binaude graech hie ik Bergman sjen en hearre wollen. Wy moasten it nou dwaen mei in mislearre foto fan him yn it program. Dat wie Ingmar Bergman net, dat wie in mynhear Bergman, in retouchearre en fiersto glamourous gefal. Yn it supplemint 1960 fan Winkler Prins stiet in foto dy't der net om liicht, dat is de master himself.
Erasmus, Chaplin, Bergman, in allernijsgjirrichste kombinaesje. Erasmus, de greate fromme humanist, de pleiter foar de wize dwazen, de démoedige apostel fan de minsklikheit. Chaplin, de unwjersteanbere humorist en clown, tagelyk de advokaet fan de underdog. Bergman, de fûle jager op it byld fan de minske, de djipséduker nei de minsklike situaesje, hwaens favoriten it bern, de bohemien en de swerver binne. Earne, oer ieuwen en útgongspunten hinne, moetsje hja elkoar yn it pleit foar de minske en de leafde foar it skeppende libben.
Chaplin sei dy 24e juny: ik bin daliks nei de bibleteken flein doe't ik fan de Erasmuspriis hearde. En hwat mear ik fan dizze greate humanist lies, nammersto greatsker waerd ik op dizze priis. Bergman hat him yn deselde geast útlitten: dat jild docht my neat, mar gjin priis dêr't ik sa wiis mei en sa greatsk op bin as de Erasmuspriis.
Minister Vrolijk hold in fleurige speech en wiisde der op dat beide priiswinners in bilangrike bydrage levere hawwe ta fordjipping fan it ynsicht yn it wêzen fan de minske.
De direkteur fan de stiffing, de hear G. Sluizer, lies de Gronden van Verlening foar. Prins Bernhard hat by de priisutrikking dy motiven taljochte en yllustrearre. Hy priizge Chaplin û.m. om syn partij kiezen yn The Great Diktator fan 1940. Der boarstte in forheftich