In wichtige fraech is hokker funksje it kabaret yn Fryslân hat by ditsoarte fan amusemint. It liket my ta, dat Tetman de Vries en Rients Gratama dêr mei har nije wurklisten elk in eigen antwurd op jowe. En by Tetman is it elemint fan forrassing, dêr't ik forline jier al nei útseach, der yndied by. Hy skreau foar syn ploechje it programma Hjir is de ein fan wei, dat opboud is om it forhael hinne fan twa jongfammen, dy't meidogge oan in t.v.-songfestival. Tetman hat yn de rin fan de tweintich jier, dat er teksten skriuwt en presintearret, gauris in knappe fynst dien en dat kin binammen fan 't jier sein wurde. Nei it nasionale songfestival yn febrewaris is der skreaun, dat der wol hwat foar in Frysk songfestival to sizzen wie. Sil de Fryske tael in funksje hâlde, dan moatte net allinne Shakespeare en Brecht, de moderne roman en it KFFB-boek, de eksperimintéle poëzij en it fyn ynleine kabaret, mar ek it populaire liet yn dy tael brocht wurde. De greate wearde fan Tetman syn wurk fan de lêste jierren is, dat it in great elemint fan eigentiids amusemint hat, mar dêrnjonken hjir en dêr in goede kabarettekst bringt en dêrmei efkes boppe it peil fan allinne mar amusemint útkomt.
It is Tetman sels, dy't de kunst forstiet om dit to bringen. It liket net sa maklik om de âldere generaesje (Myn de Vries en Klaes Westra, dy't it binammen fan it typearjen hawwe moatte) en de jongere (Anneke en Leny de Vries, dy't libben en biweechlik en hielendal fan dizze tiid binne) yn ien programma op to nimmen. Mar Tetman de Vries is in handich man en by wit hokker kant er yn in biskate tiid út moat. Dat wist er goed tweintich jier lyn mei De tiid hâldt gjin skoft en by wit it anno 1965 mei Hjir is de ein fan wei.
It is in forsin, dat dit programma wol in musical neamd wurdt. Dêrfoar is it muzikale elemint (mei alle respekt foar Johan Bok syn komposysjes en Eggy Westra syn pianospyljen) fiersto lyts. Mei it gefaer der op ta, dat it hwat dilettantistysk harkje sil (en dat soe folslein únrjochtfeardich weze) sille wy it mar in sjongspul neame. Mar hwàt it ek is, it is yn alle gefallen in programma, dat biwiist dat der in goed antwurd mooglik is op hwat in jongere generaesje op amusemintsgebiet freget. De presintaesje fortsjinnet alle lof; al sjogge wy hjir en dêr ek dúdlik Tetman syn eigen hân yn, it sil wol binammen oan de fakkundige regy fan Pyt van der Zee to tankjen wêze.
Rients Gratama syn nije wurklist It liif op 'e least giet ek wol earne fan de aktualiteit út, al is de wolfeart net fan de lêste ien, twa jier. Gratama tsjut syn programma ek net as ‘kabaret’ oan, mar syn wurklist is dochs wol sa gearstald - konference, in komysk sketske, in lietsje - dat it, de kwalifikaesje der noch efkes bûten litten, dy namme hawwe moat. It is gjin wûnder, dat de oandacht fan de televisyproducers op Rients Gratama fallen is en dat nei alle gedachten yn oktober in (Nederlânsk) programma fan him útstjûrd wurde sil. Syn wurk is puntich en geastich en yntelligint en - dat is faeks wol it wichtichst - it is ek tige persoanlik; it falt sawol in publyk, dat easken stelt as dyjingen dy't it allinne mar om in joun amusemint to dwaen is, tige sympathyk oan. As wy forgelikingen sykje - en soks mei wol efkes, tocht my, nou't Rients Gratama op de nasionale t.v. komt - dan komme wy sahwat út by Toon Hermans en Seth Gaaikema. Mar wy sjogge dan meiiens ek dúdlik it forskil: yn karakter en (ek noch) yn nivo. Rients Gratama is in fleurige, bliere man fan folle wurden; syn kabaret is dêrom winliken allinne mar