geseur mear mei stedske kunst en hjitte speserij, gjin spaenske miggen, gjin alkohol, gjin getút op erogéne zônes - jo lêze deagewoan hwat foar út in KFFB-romantsje en jou frou wurdt bloedhyt. Sjoch de advertinsje op 'e lêste side fan 'e Krie: ‘In lokkich houlik wurdt bifoardere as jo jo jouns hwat noflik by de frou deljowe en har foarleze út ien fan de moaije boeken fan de KFFB.’
En dat fan in foriening dy't troch de mûle fan offisiele en offisieuze fortsjintwurdigers it frijmoedich biskriuwen fan 'e seks hieltyd wer forspein hat! sille jo sizze, dêr komt dan einlings de aep út 'e gulp! Ja fansels, mar it wie waernimmers allang dúdlik dat de KFFB ynkoarten syn draei meitsje moast. Foar in foriening dy't sa dúdlik op it tal wurket wie it net langer forantwurde yn útjefte en reklame de seks to negearjen. De K mei syn tûzenen forslein hawwe, syn tsientûzenen forslaen kin allinne de seks: there 's no business like sex-business.
Bilangstellenden wolle wy der op wize dat men om yn it bisit to kommen fan 'e stimulearjende middels lid wêze moat fan de foriening, krektlyk as by de NVSH. It jild kin girearre wurde nei it depôt yn Boalsert, alle dagen twa sinten. 't Is wol in hiele drokte, mar dêr stiet foaroer dat jo, as jo it boek bitelle hawwe, net hoege by to biteljen en dat jo it boek dan ek noch hâlde meije, it wurdt om krekt to wêzen jou eigendom.
Wol sille jo fantofoaren jou frou derfan oertsjûgje moatte dat se to dom is om sels to lêzen. Taest dat har yn har eare, dan kinne jo je der altyd op biroppe dat alle KFFB-leden forûndersteld wurde debyl to wêzen, sa't dúdlik bliken docht oan it sitaet út 'e Krie.
En hwat noch wichtiger is, jou houlik moat lokkich wêze, oars wurket de KFFB-lektuer net. As jo al ta in skieding fan tafel en bêd forfallen binne, al smite jo der dan de hiele trilogy Troch de nacht fan soarch en smerten tsjinoan, dan komme je net wer byinoar op it mienskiplike ledikant. Yn dat gefal dogge jo better en skilje even nei Boalsert. E.S. de Jong stiet nacht en dei ré mei de Singer (ek knoopsgatten en sige-sage).
TR. RIEMERSMA