As ik myn sin siz...
In Jonkman op fascistejacht, dy hat de wiisheit net yn pacht
Ik bin hwat traech yn it skriuwen en dêrom stel ik it ek tige op priis dat de redakteur D.A. Tamminga it as-ik-myn-sin-sizzerke Hwat leffe dommelul swaeit dêr de doktorsbul? fan Geart Jonkman yn it juny-nûmer, fan inkelde krityske fuotnoaten foarsjoen hat. Goed, dy Boccacciokwestje is nou wol útiten en dêrmei is Marten Scholten, as konservator fan it Letterkundich Museum, in stik wurk bisparre, mocht er letter by de ynbring fan Jonkman in forlein forhael fine mei de kanttekening Boccaccio ta de bek útsnien. Ik hie lykwols forwachte dat dizze Geart him hwat mear as in Jonkman gedrage soe en net sa lichtfeardich mei útdrukkingen omsprong lykas anonime provokaesje en fascistyske methoaden. It liket my ta, dat Jonkman in lyts gleon keardeltsje is, dat him om neat opwine kin, omdat er himsels och sa serieus nimt en de hiele wrâld der by. Ja, en dan moat men faek op 'e teannen stean. Mar syn moarnswurd is syn jounswurd net, alteast as ik neigean hwat er koartlyn (neffens in sitaet yn de Leeuwarder Courant) yn it wykblêd Frysk en Frij skreaun hat ûnder de titel Needsaeklike luxe: ‘Freonskippen stean en falle mei de kritykleaze biwûndering. In freon dy't der oars oer tinkt en de moed hat dat net to forswijen, wurdt ôfskreaun as hie er noait bistien. Is it sa slim dat wy elkoar korrigearje op 'e tiid? Nimmen hat de wiisheit yn pacht en it is in foarrjocht fan de demokraty dat wy elkoar der op wize kinne. En it is net allinne in foarrjocht, it is in rjocht en in plicht elkoar binnen de stokken to hâlden.’ Dit skriuwt Geart Jonkman yn dat biwuste stik. Hwat in wiisheit, hwat in pastorale djipte. Mar blinder, as er it swurd opnimt en de fascisten to liif giet en net to forjitten de anonime provokaesje! Mar it is net sa
slim dat wy elkoar korrigearje op 'e tiid. Lykwols, de hertlike groeten fan
DR. J. TRAEG