Krityk yn it koart:
Trije forhalen
Watze Cuperus: De Sierlike Kroan.
Utjefte Friesch Dagblad, Ljouwert, 1964.
It forskinen fan it boek De Sierlike Kroan bitsjut tagelyk in ôfsluting fan it wurk fan Cuperus as romanskriuwer. Dit lêste boek, dat trije forhalen bifettet dy't elkoar yn tiidsoarder opfolgje, lit sawol de krêft as de swakheit fan Cuperus as skriuwer sjen, al hâldt dat net yn, dat dit boek kwalitatyf in trochsné foarmet fan syn wurk, dêrta is it to fragmintarysk en is de stoffe ek to biheind. Hwat Watze Cuperus ta it skriuwen dreaun hat is de ûntwikkeling fan in heale ieu soasiale skiednis. De stoffe dy't er to syn wurk brûkt hat is foar it greatste part in stik libbenserfaring en tagelyk libbensstriid. Typearjend is dêrby dat de krêft fan Cuperus' skriuwersskip leit yn de tiid dy't er sels as jonge meimakke hat, doe't der fan fakbiweging frijwol noch gjin sprake wie. Dy ûnbiwuste erfaring kriget by Cuperus tsjin de eftergroun fan in hieltyd sterker soasiale biwustwurding, it dúdlikst reliëf. Datselde komt ek út yn syn autobiografyske roman Striid en Segen, dy't yn de earste helte opmerklik goede literaire kwaliteiten hat.
De ûntwikkeling fan it tiidsbistek nei in hieltyd krêftiger soasiale biweging, giet yn it wurk fan Cuperus lykop mei in forswakking oan biskriuwingskunst. Cuperus is it sterkst yn de typearring en psychology as er skriuwt oer de forhâlding fan in machthawwende boerementaliteit tsjinoer de liedlikens fan in forhûdduke slavefolk. Sadré dizze forhâlding út it lykwicht rekket en de liedlikens omslacht yn soasiael bisef en forset, kriget syn wurk it karakter fan in journael; bisiket er in kompletearring fan de feiten to jaen en forliest yn syn biskriuwing de natuerlike spanning fan it primityf minsklike. De bigjinfase fan Cuperus syn wurk leit yn in isolearre wrâld fan lytse mienskippen deun efter de sédyk fan Noardlik Fryslân.
De Sierlike Kroan. Trije forhalen hweryn de bijierre minske yn trije tiidrekken tekene wurdt, simpel fan opset, mei lytse yntriges, mar neigeraden de skiednis him antwikkelt, ôfswakjend to it banale.
DURK VAN DER PLOEG