Jan Tj. Piebenga:
De nije oarder giet oan
Fan ien ding wiene wy wis: át der in oarloch kaem, gong dy by ús lâns. Seldsum gefoel fan feilichheit, en dat wylst yn it tinken it sein al jierren op ûnfeilich stie. Men wennet op in plakje dat it freedsumste doarpke fan de wrâld hjitte kin, men stiet yn de opgong fan it libben, men hat in jonge húshâlding en wiif en bern bloeije as blommen. Soldaet hat men net west en soe men ek net wêze wolle; jin ynskikke yn it leger fan de christian soldiers, dat giet better, al lokje de biferzen en selsfoldiene formaesjes fan dàt leger yn Nederlân net ta meidwaen út. Nocht oan de polityk is der genôch, mar de situaesje hjirre liket net op dy fan bûten de grinzen oan to sluten. Yn dit lân moat blykber alles yn it isolemint bistean. De c.d.u., earst in karploech en gideonsbinde, is nou in rountsje fan warbere skreppers. Men soe wol nei de s.d.a.p. wolle, mar it klimaet leit jin net; men fielt foar de hiele tsjerke en it hiele folk fan de c.h.u., mar sjocht hoe't hja dêr tofreden mei de brokstikken binne; men wit út de krante fan de n.s.b., mar dat is in saekje fan Hollânske hearen, fan geskreau en greate wurden, fan neibauwerij fan Dútsklân.
Der is gjin radio yn it skoalhûs yn it súdwesthoekse doarp, mar it hûs rûgelet stadichoan fol mei boeken, brosjueres, kranten; hja komme fan wech ende wear en hja lizze sokssahwat as ynternasionale kontakten. It libben is striid, mar foar jin is de striidkrite dochs de studearkeamer. Wierheit en rjocht wurde net fan de modernste wapens biskaet, mar fan idéën. Men hat jin net allinne yn Fryslân en yn Yslân fordjippe, mar fan tichtby hat men it opinoarspatten fan Bekennende Kirche en Deutsche Christen meimakke, men hat biwûndering foar Karl Barth, men hat yn de Ljouwerter krante bisocht kritysk de oarsprongen fan it nasionael-sosialisme nei to gean. In pear boeken binne daliks nei forskining kocht en wurde twa-, trijeris lêzen: Miskotte syn Edda en Thora, Walter Schubart syn Europa und die Seele des Ostens, Denis de Rougemont syn Een jaar in het Derde Rijk. Der is hwat greats geande yn dy jierren, der waeije wylde winen lâns in skiere kym, der mocht wol in nije Yntsje Jans komme dy't it folk ûnheil, bloed en wé foarsei.
De idylle fan Aldegea oan de Brekken wie fansels mar bûtekant. Sûnt in jier as tsien leaude mannichien dêr wer oan foartsjirmerij. Greate boeren wiene oer de kop gien, sterke jonge