genyen, bisûndere minsken, roppenen, mei it hillich fjûr yn 'e eagen. Ynienen giet it petear oer M., in skilder. H. is gek op kunstners en strykt ek M. tige op. Sooo schöööne Bilder und auch sooo mooodern. Dan fortelt H., dat M. Joad is en hja sprekt it wurd Joad út as niis it wurd ‘schön’. Alhoewol't ik noch neat sein ha, sjocht hja my ynienen oan en heakket der oan ta: ‘Weisst Du, Lolle’ - en har toan wurdt slim fortroulik - ‘mein Mann und ich, wir lieben die Juden sosehr.’ In ûnpersoanlik soarte fan sympathy, siz ik. H. sjocht my net-bigripend oan en ik fortel dan it forhael fan hwat him koartlyn yn myn studintehûs, de Burse, ôfspile.
Op forskate plakken binne neffens de kranten wer grêven skeind. Der wurdt in soad oer praet en oer 't generael is de forûntweardiging ek ûnder de Dútske studinten great. Ten lykwols sprekt de beide studinten út Israël, dy't yn de Burse wenje, der op oan. Hy is de foarsitter fan de foriening foar Deutsch-Jüdische Verständigung en wol in demonstraesje organisearje. De strjitte moatte wy op, seit er. As de beide Joadske studinten wegerje, omdat hja har Joad-wêzen net sà aksintuearje wolle, wurdt er lilk. Sa is de foarsitter fan de foriening foar Deutsch-Jüdische Verständigung de iennige, dy't deiles mei de Joaden rekket.
H. hat it forhael bigrepen en wurdt lilk. Oft ik soms mien, dat ensfh. Ik siz planút: ‘Ja’. Nou hear ik ek ta de dogeneaten, wylst ik foarhinne ‘so ein besonderer Mensch’ wie. Hoech ik ek net wer nei dy stomforfelende, kulturéle bisites ta. F. kin 'k op syn ynstitút ek wol opsykje.
* *
As ‘tutor’ fan de Burse bin ik nou mei S. forantwurdlik foar de útstalling oer de nazi-aktiviteit fan rjochters, dy't takomme wike iepene wurde sil.
Hjoed kaem M. út H., dy't ek in forbean boek oer Globke skreaun hat, om it materiael to bringen. Hy hat in famke by him, dat der tige eksistinsialistysk útsjocht. M. sit noch mar twa minuten by my op 'e keamer, as er ynienen om in pear sokken freget. Ik helje in pear hiele út de kast en by lûkt se oan mei itselde gesicht, dêr't er krekt in sigaret mei oannommen hat. Hja bliuwe de hiele dei by my omhingjen en ite al myn bôlle, aeijen, tsiis en woarst op. It materiael is kontrolearre troch Bundesgeneralstaatsanwalt G., dy't oan de goeije kant stiet. Gelokkich mar. Oars wist ik it net.
In pear professoaren ha bisocht de útstalling net trochgean