efkes ús groepke rekke, efkes de emosys oan it wurk set, en waerd doe wer redusearre ta krantebirjochten en radionijs fan it parseburo Vaz Dias.
Wy hiene de regelmaet fan de skoalle, krigen yn it skoft efter it fytshok ús ‘lûkjes’ fan russyske sigaretten of fan damessigaretten - bleekblauwe en bleekrôze tinne sigaretsjes mei in gouden tippe - en inkeldris kochten wy sels foar trije stûren in pakje Fifty-Fifty.
Hwannear wie de brân yn it Reichstaggebou en it proses-Van der Lubbe? Ik sjoch in kapottrape jongeman mei skouwe eagen op in foto. Om him hinne bisûnder eptich klaeide en glânzich útsjende heaven. Hwannear is it krekt bigoun, dat wy almar earmer waerden, dat der noait gjin nije jurk of in nije mantel mear kaem, mar altyd hwat nijmakke âlds út klean fan greatere nichten en fan muoikes, dat ik alle jounen myn ljochtgrize fil d'ecosse hoazzen stopje moast, omt it net faek nije lije koe? O, mar wy hiene it thús noch bêst. Op it Mounein stiene alle dagen lange rigen stimpelders; manlju dy't wy net koene, in lange rige bilape manchester en guodkeape petten. Dat like minder. Wy hiene de skoalle, it húswurk, de gymnastykklub, it swimmen, it fraechlearen, en simmerdeis hie omke út de Súdwesthoeke my nedich as fokkemaet foar syn boat. ‘Potstausen, dy forrekte Hitler’, sei omke, as er jouns de krante optearde. ‘Hobo’, prottele muoike, mar omke wie net in man, dy't de dingen fan alle kanten biseach en dan kreas forsichtige formulearringen fine koe foar syn bitinken. ‘Potstausen’, sei er, en ‘forrekte keardel’. Mar elke middei nei syn middeistukje rôp er woltomoede: ‘Dêr is de âld sinne wer. Hy skynt hjir like moai as yn Súd-Afrika. Giest mei?’
Underweis op 'e mar wiisde omke my in great simmerhûs oan. ‘Potstausen, hwat in pracht, net?’ rôp omke. ‘In kotsrike skevel. En 't is in ennesbeejer. Hwat moat sa'n keardel dêr nou by!’ Welné, omke stimde Colijn, come rain, come shine, en hwa't oars die, dy mankearde it hjir of dêr yn syn stomme harsens. Nijsgjirrich, hwat kâld fan binnen, gappe ik nei it simmerhûs, de motorboat en de tritich kwadraets yn it haventsje. Dêr wenne dan sa'n geheimsinnige n.s.b.-er. Soe sa'n't nou it lef hawwe fan in briefke: ‘Uw aanwezigheid wordt hier niet op prijs gesteld’ en dan de Joaden lyk yn de eagen sjen?
De wrâld lei der yn dy tiid foar myn bigryp frijhwat bitize hinne, mar der siet ek hwat yn de loft fan eangstige, net alhiel ûnoangename spanning, dy't oanfitere, en in soad fan: ik sil my yn 't libben noait forfele.