ôfkundige en noflik joegen wy ús del yn it dúnsân. Gefaer foar oerfallen fan parachutisten wie der net, sa ornearre de bataljonslieding, dy wiene hjir net, of de deis tofoaren foar it greatste part ûnskealik makke. O heden...
Nei amper fiif minuten rêst wjerklonk in koart salvo: trije, fjouwer skoaten. As troch in njirre biten sprongen in pearhûndert jonges oerein. Dútskers? Dat koe ommers net! It moasten eigen troepen wêze, dy't har lânslju by forsin ûnder fjûr namen. In pear minuten lang barde der fierder neat en gerêststeld joegen wy ús wer del. Mar lang duorre dat net, hwant opnij waerd der op ús sketten, diskear langer en fan tichteby.
Wer in koarte stilte; doe briek de hel los... Sûnder ophâlden knetteren fjûr fan automatyske gewearen en ûntploffingen fan hângranaten troch it iere ljocht fan 'e moarntiid. Triljend fan eangst en spanning en ûnmachtich om werom to sjitten wachten wy ôf. Unmachtich, ja, hwant de fijân wie ûnsichtber. De duvels hiene har forskânze op 'e dúntoppen om ús hinne sa't letter bliken die en skeaten as gekken nei ûnderen, op 'e Nederlanners dy't frijwol sûnder dekking yn in dúndelling leine. Dit wie dus de fjûrdoop... De chaos by ús wie kompleet en net to biskriuwen. Yn panyk rounen en kroepen Nederlânske ofsieren en manskippen trochinoar hinne. Hjir en dêr waerden bifellen raesd, mar suver gjinien sloech it acht. Fuort út dizze hel, dat wie it iennichste dêr't men oan tocht. It gekerm, geskreau en geflok wie net om oan to hearren: lofts en rjochts foelen kammeraten dea of woune del. It wiene ôfgryslike minuten dy't wol ûren liken...
Hjoed-de-dei bigryp ik noch net, hoe't ik libben út dat ûnheilsplak weirekke bin. As troch in godswûnder. In pearhûndert meter dat ik plat oer de groun skoude oant ik efter in foarútstykjend dún tolânne kaem, hawwe my rêdden. Ear't ik de feilige zône birikte, haw ik noch ienkear fansiden sjoen. Donkere skimen fleagen nei ûnderen ûnder net mis to bigripen gebalt: ‘Hände hoch, Hände hoch!’ Willeas hawwe de efterbleaunen har oan 'e parachutisten oerjown. Yn no time hiene tritich of fjirtich Dútske para's, earste fjochtersbazen, in hiel Nederlânsk bataljon bûten gefjocht steld.
As in brutsen man bin ik lykme-allinne nei Wassenaer roun, dêr't ik by in nij, my ûnbikend ûnderdiel ûnderbrocht waerd. Yn Wassenaer die it bliken, ik wie net de iennichste fan ús bataljon dy't ûntkommen wie.
Foar't ik dit rikeljusdoarp birikte, foel der noch hwat nuvers foar. In sersjant yn tsjinst fan Hare Majesteit en twa soldaten