Geart Jonkman:
Swolle, tsien maeije njoggentjinfjirtich
De sliepkeamer baeide yn it skerpe ljocht fan de iere maeijemoarn en gounze fan lûden dy't ik, heal noch yn 'e sús, net to plak krije koe.
Dy gerdinen sille tonei ticht, tocht ik slûch, en ik knippere biskuldigjend nei de kantige grille himel tusken de finsterkezinen. Doe draeide ik my loom fan 't ljocht ôf en seach nei de frou dy't ik sûnt de moarns fan 'e seisentweintichste april mines neame mocht en dy't nou fjirtjin nachten mei my itselde bêd bisliepte.
Dêr lei se, in bern yn 'e sliep, de knibbels oplutsen, de beide lytse fûsten op it kjessen, it noaske hwat wiis omheech. It skerpe ljocht like har net to hinderjen, ik seach de stadige klop fan de slachier yn de fine blanke hals. Hja sykhelle djip en rêstich en har amme striek my mei itselde ritme om 't gesicht. Mar hearre koe 'k it net. En ynienen wist ik hwerom net. Fleanmasinen. Dàt wiene dus dy lûden. De loft gounze fan heech oerfleanende masinen. Oefeningen, tocht ik lui. Mar dan grif greate, it gyng oanienwei troch. Eigenaerdige lûden, oars as fan de dûbelsturtige G.I.'s, dy't ik in dei earder noch boppe Bilthoven sjoen hie.
Ik wist net dat wy safolle fan dy kringen hienel rôp in stim.
Ik sloech de tekkens ôf en twong myn skonken muoisum fan 't bêd. Doe stuitele ik nei 't iepen rút en seach twa arbeiders midden op 'e strjitte stean, ien hân boppe de eagen, de oare oan 't stjûr fan de fyts. Har blik folgjend ûntdiek ik se, lytse donkere fiskjes suver, út en troch glinsterjend yn de sinne. Sawn, acht, tsien, tweintich, tritich, fyftich... hûndert en noch folle mear. Der like gjin ein oan to kommen. Wol tûzen! hearde ik mysels roppen.
Hwat is der oan? sei in slûge stim efter my.
Fleanmasinen, wol tûzen fleanmasinen, sei ik.
Oooo..., suchte de stim.
Der ôfkomme, fluch, kommandearre ik. Allegearre fleanmasinen.
Stil fleane litte, hearde ik har mompeljen. Ik teante oer it kâlde swilk nei har ta. Kom, sei ik, dit doocht net. Witst noch wol dat ik dy justerjoun forteld haw fan dy eksplosiven lâns it spoar oan diz' kant Amersfoart?
Amersfoart? sei hja slûch. Ja, sei ik, as dit mar gjin oarloch bitsjut.