ploechjes ûntheistere minsken byinoar to praten. De fûgels setten sûnder euvelmoed fan alle kanten har konsert yn. In buorman yn pyama bûgde him út it iepen finster en rôp tsjin my: hwat bitsjut dit? Dat is noch al dúdlik, sei ik. Oarloch mei Ingelân? frege er. Né, dyn Dútske masters demonstrearje de nije oarder. Hy wie in N.S.B.-er. Doe't der oaren bykamen dy't in driigjende hâlding oannamen die er it finster ticht.
In pear ûren letter stie de sinne oan in strakblauwe loft en it like in dei as alle oare dagen. It gewelt swijde, de oanfal op Schiphol wie ophâlden en yn de bloeijende kersebeammen floiten de swartlysters har heechste liet. De radio spriek fan oare dingen. Birjochten út it easten fan it lân: in Dútske trein by Venlo kapot sketten, formaesjes Dútske bommesmiters fleane yn de rjochting Utrecht, Amsterdam, Rotterdam. Ik friet mysels op fan de senuwen doe't de buorfrou dy't de lytse faem helle, fortelde dat der bommen op Amsterdam smiten wiene. Op in sikehûs, seine oaren, hokker wist men net. Ik sprong op 'e fyts en jage nei de stêd ta. By it Haerlemmermar stasion kamen in pear minsken út de tram mei holle of earmen yn 'e wynsels. Der wie in bom fallen, mar net op in sikehûs.
Troch in stêd dêr't de gesichten fan de minsken, bang of forbittere, it near op leine, ried ik nei skoalle. Der wie fansels gjin bern to bikennen. It personeel kaem al, op ien nei dy't yn tsjinst wie en grif oan it front stie. Mei syn tsienen stiene wy byinoar yn de greate hal, de iene noch mear biteutere as de oare. Wy hiene dit allegear forwachte en dochs wie it as de bliksem ynslein. Neat fan de machtsforhâldingen wittend, klampten wy ús fêst oan de hope op tidige help fan Ingelân en Frankryk. De frou fan ús konsierge, in prachtich Jordaentype, kaem de treppen del. Doe't ien fan ús Hitler syn namme neamde rôp se: De schurftkop, ik wou dat ie de diarree kreeg! In biskieden, mar originele winsk dy't de spanning even briek.
Yn it sikehûs wie de sfear laden mei nervositeit. Ien fan de pasjinten harke troch in koptelefoan nei de radio en rôp alle birjochten troch de seal. Mei't der hieltyd wer formaesjes fleantugen ‘rjochting Amsterdam’ signalearre waerden, waerd it der fansels net better fan. Oaren gûlden, se moasten der hjoed út, mar koene net mear thúskomme yn it easten fan it lân. Myn frou wie sa fier noch net dat se mei nei hûs mocht.
De faek triomfantlike radiobirjochten fan de earste deis rôpen net de minste hope yn my wekker, ik wie pessimist. It weibliuwen fan in Ingelske loftfloat en de flecht fan it keninklik hûs bifêstigen dat pessimisme. Yn forbân mei de jacht op forrieders waerd de reis fan Amstelveen nei Amsterdam