De Tsjerne. Jaargang 20(1965)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 180] [p. 180] Tiny Mulder: Juffer Goedekoop soms wurd ik wekker nachts 't is juffer goedekoop mei har griis fûgelkopke op in swartblomme hobbesek neist myn bêd se seit it is net bard gjin gas gjin fjûr se streaket mei har koarte tomme myn fankeshân dát wie in dream dit is de werklikheit dream net ôfgryslik leafke roethje is goed troud hast har wol kend ik bin ek bêst tolânne kommen stoarn yn myn bêd dat oare is noait bard dream net ôfgryslik leafke soms wurdt ik wekker nachts 't is juffer goedekoop mei har reumatyske hannen skuort se de brievekaert fyn mei har hânskrift myn adres poststimpel westerbork - stjûr my in skelk ast kinst ik moat hjir jirpelskile 't is hjir wol ridlik roethje is hjir ek - dy is noait skreaun se yt de snipels op se lei yn 't sikehûs forbean foar joaden ik haw wier alles ôfflein siz ik nachts himel en ierde juffer goedekoop doomny's dokters direktrices net ien wist rie wist plak [pagina 181] [p. 181] foar myn âlde deasike joadinne wier juffer goedekoop jouns lei der yn jou bêd in blonde frou doe de brievekaert en fierder tael noch teken safaek as jo dy kaert forskuorre bringt de post him wer soms wurd ik wekker nachts dach juffer goedekoop se streaket mei har koarte tomme myn frouwehân en altyd seit se wer it is net bard dream net ôfgryslik leafke juffer goedekoop al wurdt se 140 sil net stjerre ear't ik stjer se is myn libbenslang forskriklik forskriklik guodlik Vorige Volgende