Nou wie it oarloch. Hy wie in fûleinich tsjinstanner fan eltse oarloch, mar dizze wie har fan Hitler optwongen, dy soe syn lean wol krije. Hja soene dwaen hwat hja koene en nimme hwat derfan kaem, it wie nou ienkear sa. It koe him ek syn libben kostje fansels, mar dat wie net mear wurdich as in oar sines. Hy hie dêr al lang oer neitocht en it stie him klear foar eagen; hy koe allinnich mar hoopje dat by himsels ek sa yn 'e macht hawwe soe as it safier komme mocht.
Foar de bern wie it fansels gâns slimmer, om't it hiele libben noch foar har lei. Mar dat houd ek yn dat hja nea witte soene hwat hja misse moasten. En deagean wie faeks net ienris it slimste: hoe soe it libben wurde nei in oarloch as dizze? Soe it minskdom net wer ta barbarij forfalle? Né, by wie de dea wol treast. De mooglikheit skeind to wurden kaem him net yn 't sin.
Fan it fleanfjild klonken hurder ploffen. Hja suchte en draeide har yn it bêd om.
En as hja...
Ynienen, ûnforhoeds, fleach in binearjende eangstme him oan. It wie as waerd syn hert yninoar parse, tsjin de parsing yn bigoun it fûlder en flugger to slaen en hy waerd sa dwyl dat er him oan it finsterkezyn fêsthâlde moast. O Heare God, hja net!
En hwerom hja net? Bommen falle en kûgels fleane ûnpartidich, it is oarloch en it reint fjûr en stiel oer rjochtfeardigen en ûnrjochtfeardigen.
Nou kaem him in dream yn 't sin dy't er faken hawn hie, hy hie der nea earder om tocht. Hja geane togearre to swimmen yn sé, hja weaget har to fier en bigjint to roppen en hy giet der efteroan, mar hy kin har net mear bynei komme, hy swimt sa hurd as er kin mar de ôfstân wurdt hieltiten greater, hy wurdt deawurch, syn earmtakken hingje slop yn it wetter, in weach gjalpt yn syn mûle, syn fuotten bigjinne al to sinken. Dan hysje hja him yn in boatsje, hja roeije mei him nei it strân, jo hawwe dien hwat jo koene, mynhear, mar hja wie net mear to rêdden, it muoit ús tige foar jo. Mar hy gûlt en ropt: it is myn skuld, ik haw har formoarde. En dan wurdt er swittend en klopperich wekker en is bliid dat hja njonken him leit en dat de skuld net op him rêst.
Mar nou is it oarloch en alles kin barre, ek it slimste, en hy kin der neat oan dwaen.
Hy sjocht om, hja leit op 'e rêch mei de eagen ticht, yn it feale ljocht hat hja al it antlit fan in deade. Wie hja mar dea, tinkt hy, ik woe dat hja dea wie. Dat haw ik al jierren wollen,