skrikbylden, bluoddrige antlitten, kjirmjen en wéën, wreedheden, rau fleis.
‘Moatstû nou ek opkomme?’ frege ik eangstich.
‘Dan hearre wy it wol,’ antwurde myn man foarsichtich. Wie er sa bang net as ik? In man hie hwat foar, dat er him net sa gau fan 't stik bringe liet.
‘Ik kom der ôf,’ sei ik.
‘It is noch mar sawn ûre,’ antwurde er, ‘en der foroaret neat om.’
Mar hoe soe ik noch stil lizze kinne to mimerjen?
‘Ik gean nei de radio, der komt hieltyd nijs troch!’ Fuort wie er wer.
It bern biweegde net mear yn my. Dat joech efkes in skerpe, bjustere eangst, slimmer as by de tynge fan niis. Skrik koe deadlik wêze. Nou mar hastich der ôf om de tinzen to forsetten. Earst nei de widze. Ik seach in berneholtsje op 'e side, it teare profyl op it kjessen ôftekene. It jonkje riek him út, treau de tekkens oan de kant en skopte him bleat. De eachjes gyngen iepen, efkes seach er neat, doe foel myn byld op syn netflues, hy herkende it, lake en kaem oerein.
‘It is oarloch,’ ûntfoel my, mar hoe koe ik it bern der mei bilêstgje! My tocht, dat der in skaed oer syn blydskip loek. Ik naem him mei nei ûnderen, striek him oer it kopke en sei, dat er iten ha soe. Iten holp altyd oeral foar.
Us buorfrou stie al wer oer de keamer, hja moast prate, prate. Sa gau't hja harres der fan sein hie, gyng hja de doar wer út, de moaije, swiere stim fan de radio-omropper efter har oan. Hja hie twa soannen ûnder tsjinst.
Alle minsken sieten nou yn noed en soarch. Ik foun mysels sa gefoelleas, mar myn man sei, dat it noch to farsk wie, in minske koe alles net tagelyk forarbeidzje.
It wurk yn 'e hûis moast trochgean. De boeren ploegen ommers ek altyd troch. Mar it siet my oan de hannen fêstklibbe. Soene de boeren dêr ek lêst fan ha? Ik gyng foar it finster stean, hjir en dêr stiene espels minsken. Har hâlding en gebearten sprieken fan rouwe. Mar pratende en byelkoar steande founen hja treast yn de mienskip. Wer kamen my grouwelforhalen yn it sin, flechtsjende en gûlende minsken, jammerjende lytse bern. Hwat barde der mei de lytse bern yn de Bibel, as der oarloch wie? Ik rydboske. Froulju krigen ûnderweis har bern. Mar wy hoegden net to flechtsjen! Ja, hwerom eins net! Doe fielde ik myn bern wer. It die sear.
Fuort neitiid hearden wy oer Joaden, dy't der in ein oan makke hiene mei forgif of mei gas. Wy hiene ek Joaden yn